Falko Zandstra
</noinclude> Falko Zandstra (It Hearrenfean, 27 desimber 1971) is in eardere Fryske hurdrider. Troch syn tinne skonken waard hy ek wol de Spierde Spiker neamd.
Falko Zandstra | ||
Reedrider | ||
Falko Zandstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Falko Zandstra | |
bynamme | De Gespierde Spijker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 27 desimber 1971 | |
berteplak | It Hearrenfean | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | langebaan | |
O.S. | Tignes-Albertville 1992, Hamar 1994 | |
debút | 1990 | |
karriêre-ein | 1998 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x sulver Olympyske Spullen 1992 1x brûns Olympyske Spullen 1994 1x goud Wrâldkampioenskip o.a. 1993 1x sulver Wrâldkampioenskip o.a. 1992 |
Libben
bewurkje seksjeZandstra gou as in natoertalint, dat al op jonge leeftiid 'pike'. Yn 1990 en 1991 waard hy wrâldkampioen by de junioaren. Yn 1991 wûn hy mei in wrâldrekord op de lytse fjouwerkamp. Yn syn ynternasjonale debútjier 1992 waard hy fuortendalik Jeropeesk kampioen en twadde op it wrâldkampioenskip, nei Roberto Sighel. Hy wûn dat jier ek de wrâldbeker op de 1500 meter en Olympysk sulver op de fiif kilometer. In jier letter, yn 1993, waard Zandstra wrâldkampioen reedriden yn Hamar, Noarwegen. Dat jier waard hy ek wer Jeropeesk kampioen.
Fan 1994 ôf waard it minder mei syn karriêre. Op de Olympyske Spullen fan 1994 yn Lillehammer pakte hy ien kear brûns (1500 meter) en waard hy op de fiif en de tsien kilometer fjirde. Wol wist hy yn 1994 nochris de wrâldbeker op de 1500 meter te winnen. Yn 1995 waard hy noch twadde by it Jeropeesk Kampioenskip. Op it WK allround fan dat jier foel hy op de 1500 meter trochdat hy it bantsje, dat om de earm fan in rider zit om oan te jaan in hokker baan hy starten is, oer syn eigen reed goaide. Hjirtroch wist hy him net te kwalifisearjen foar de 10.000 meter.
Yn de perioade 1992/1993 wie Zandstra foar in soad jonge famkes in idoal. Ynterviews en posters ferskynden û.o. yn de Tina. Om dy tiid hinne ferskynde hy ek, tegearre mei inkele oare riders, lykas Sandra Voetelink, yn in reklamefilmke fan Bolletje.
Nei syn karriêre as langebaanrider hat Zandstra it noch efkes besocht op de maraton, mar sûnder folle súkses. Yn 1999 hold er definityf op mei hurdriden. Dêrnei krige er in eigen bedriuw yn dak- en wandbeplating (Falko Dak & Wand) yn It Hearrenfean. Hy is troud mei rydster Ellen Linnenbank.
Adelskalinder
bewurkje seksjedatum | 500 m | 1500 m | 5000 m | 10.000 m | punten |
---|---|---|---|---|---|
22-01-1993 | 38,17 | 1.52,62 | 6.38,77 | 13.43,54 | 156,764 (Johann Olav Koss) |
23-01-1993 | 37,90 | 1.52,17 | 6.40,01 | 13.46,96 | 156,639 |
13-03-1993 | 38,17 | 1.52,53 | 6.36,57 | 13.43,54 | 156,514 (Johann Olav Koss) |
resultaten
bewurkje seksjeResultaten fan Falko Zandstra by ynternasjonale kampioenskippen.
jier | ||||
---|---|---|---|---|
jier | EK Allround | Olympyske Spullen | WK Allround | WK Junioaren |
1990 | goud | |||
1991 | goud | |||
1992 | goud | 10e 1000m 7e 1500m sulver 5000m |
sulver | |
1993 | goud | goud | ||
1994 | brûns | brûns 1500m 4e 5000m 4e 10000m |
- | |
1995 | sulver | NC26 | ||
1996 | - | - | ||
1997 | brûns | NC14 | ||
1998 | 5e | - | - |
- - = gjin dielname
- NC# = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # klassearre yn de einrangskikking
Medailjespegel fan Falko Zandstra foar ynternasjonale kampioenskippen dêr't hy oan meidien hat.
kampioenskip | goud |
sulver |
brûns |
---|---|---|---|
EK Allround | 2 | 1 | 2 |
Olympyske Spullen | 0 | 1 | 1 |
WK Allround | 1 | 1 | 0 |
WK Junioaren | 2 | 0 | 0 |
wrâldrekords
bewurkje seksjeNr. | ôfstân | tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|---|
1 | lytse fjouwerkamp | 159,753 | 17 febrewaris 1991 | It Hearrenfean |
2 | lytse fjouwerkamp | 156,059 | 3 maart 1991 | Calgary |
3 | grutte fjouwerkamp | 156,882 | 24 jannewaris 1993 | It Hearrenfean |
- Noat: De wrâldrekords op de lytse fjouwerkamp binne setten as junior.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|