[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Desmond Mpilo Tutu (Klerksdorp (Transvaal), 7 oktober 1931 - Kaapstêd, 26 desimber 2021) is in Súdafrikaansk anglikaansk geastlike.

Desmond Tutu
geastlike
Biskop Desmond Tutu
Biskop Desmond Tutu
echte namme Desmond Mpilo Tutu
nasjonaliteit Súdafrikaansk
bertedatum 7 oktober 1931
berteplak Klerksdorp
stjerdatum 26 desimber 2021
stjerplak Kaapstêd
prizen Nobelpriis (1984)
Aartsbiskop
foargonger Philip Russell
opfolger Njongonkulu Ndungane

Hy wie de earste swarte aartsbiskop fan de Anglikaanske Tsjerke yn Kaapstêd. Hy krige foar syn ynspanningen yn de striid tsjin de apartheid op 16 oktober 1984 de Nobelpriis foar de Frede, en yn 2005 krige hy in earedoktoraat fan de Universiteit Gint. Hy wie foarsitter fan de Wierheids- en Fersoeningskommisje, dy't nei de fal fan it apartheidsrezjym dernei stribbe de ferskillende befolkingsgroepen yn frede mei elkoar libje te litten. In bekend sitaat fan him is: "Better as gerjochtichheid yn de foarm fan ferjilding is gerjochtichheid dy't ta fersoening liedet".

Tutu hat de minskenrjochtenskeiningen yn Simbabwe bekritisearre en hat Simbabwaanske presidint Robert Mugabe in karikatuer fan in Afrikaanske diktator neamd. Ek hat hy it belied fan stille diplomasy fan de Súd-Afrikaanske regearing yn dizze kwestje bekritisearre. Hy is drager fan de Oarder fan Fertsjinste fan Súd-Afrika.

Yn 2006 krige hy de Light of Truth Award; yn augustus 2009 krige hy fan presidint Barack Obama de Presidential Medal of Freedom.

Yn 2010 stiel hy de show by it iepeningskonscert fan it WK 2010 yn Súd-Afrika.

Yn septimber 2010 ferskynde der by Utjouwerij Benjamin de bernebibel Kinderen van God fan Desmond Tutu. Meiwurking waard ûnder oare ferliend troch de Nederlânske yllustrator Marijke ten Cate. Dy bernebibel ferskynde yn 14 talen - mei in earste oplage fan 150.000 eksimplaren.

Keppeling om utens

bewurkje seksje