[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Daniel Joseph Ricciardo (Perth, 1 july 1989) is in Australysk autokoereur. Hy makke syn debút yn de Formule 1 yn 2011 foar it HRT team. Hy had acht kear in Grutte Priis wûn.

Daniel Ricciardo
Formule 1
Daniel Ricciardo (2016)
Daniel Ricciardo (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Daniel Joseph Ricciardo
bynamme Honey Badger
nasjonaliteit Australysk
bertedatum 1 july 1989
berteplak Perth
etnisiteit Italjaansk
Formule 1 karriêre
jieren aktyf 2011 - no
autonûmmer 3
Teams HRT (2011)
Toro Rosso (2012–2013)
Red Bull Racing (2014–2018)
Renault (2019–2020)
McLaren (2021 - 2022)
Tal races 232 (232 starts)
Oerwinningen 8
Tal poadia 33
tal Polepositions 16

Jonge Jieren

bewurkje seksje

Ricciardo begûn op njoggenjierrige leeftiid mei it karten by de Tiger Kart Club en die mei oan ferskate kartwedstriden.

Oerstap nei auto’s

bewurkje seksje

Yn 2005 makke Daniel de oerstap nei de auto's en riid mei yn it Australyske Formule Ford-kampioenskip. Hy waard dat seizoen achste yn it einklassemint. It seizoen 2006 ried er yn de Formule BMW searsjes hy waard fiifde. Hjirnei stapte Ricciardo oer op de Formule Renault 2 Itaalje-searje. Nei fjirtjin wedstriden stie Daniel Ricciardo fjirde yn it einklassemint. Yn 2008 waard er kampioen yn de Formule Renault WEC-searje, en yn 2009 folge it kampioenskip yn de Britske Formule 3. Nei in seizoen yn de Formule Renault 3,5-searjes krige er de kâns om syn debút te meitsjen yn de Formule 1.

 
Ricciardo yn de HRT yn 2011

Op 30 juny 2011 waard dúdlik dat Ricciardo by de Grutte Priis fan Grut-Brittanje syn debút soe meitsje yn de Formule 1 foar it HRT team. Hy kaam yn it plak fan de Yndiaske koereur Narain Karthikeyan. Ricciardo waard 23ste yn syn earste wedstriid. En waard 28ste yn it einklassemint fan 2011.

Yn 2012 makke Ricciarde de oerstap nei it team fan toro Rosso, Yn de iepeningswedstriid en dus ek syn earste race foar Toro Rosso behelle Ricciardo mei in njoggende plak syn earste punten yn de Formule 1. Der folgje noch fiif top tsien klassearringen, Daniël Ricciardo wurdt yn it seizoen 2012 18de yn it einklassemint mei tsien punten.

2013 begjint net goed problemen mei syn auto yn Austraalje en in achtjinde plak yn Maleizje. Mar de rest fan it seizoen ferrint better mei sân top tsien notearringen en 20 punten wurd er fjirtjinde yn it einklassemint.

2014 – 2018

bewurkje seksje
 
Daniel Ricciardo yn de Red Bull yn 2014

2014 waard it jier fan de oerstap nei Red Bull Racing, en pakte daliks syn earste poadiumplak yn de Formule 1 en ek noch by de race yn syn eigen lân. Mar dit plak waard him ôfnommen fanwegen brânstofregleminten, Ricciardo soe mear brânstof meinaam te hawwen dan tastien. De twadde wedstriid fan it seizoen wie gjin ferbettering Ricciardo wist de finish net te heljen ta gefolch fan problemen mei de fleugels fan de auto. Mar dernei gie it rap better. Yn Spanje en Monako behelle er dan dochs nog it poadium. By de Grutte Priis fan Kanada folget de grutte klapper, Ricciardo wint syn earste Grutte Priis yn de Formule 1. Ek de Grutte Prizen fan Hongarije en Belgje skriuwt er op syn namme. Mei noch twa poadiumplakken einiget Daniel Ricciardo yn 2014 op it tredde plak yn it einklassemint en 79 punten efter de nûmmer twa Nico Rosberg

It twadde jier by Red Bull Racing ferrint minder mar ien poadiumplak en twa kear it ein fan de wedstriid net behelle. Ricciardo wurdt achtste mei 92 punten yn it wrâldkampioenskip.

Yn 2016 giet it wer stikken better en Daniel Ricciardo behellet mar leafst acht kear in poadiumplak en wit de Grutte Priis fan Maleizje te winnen. Mei 256 punten wurdt er krekt as yn 2014 tredde yn it einklassemint. 2017 is in seizoen mei wikseljende resultaten, seis kear kin er in Grutte Priis net út ride troch problemen mei de auto. Mar wit ek acht kear op it poadium te kommen. De Grutte Priis fan Azerbeidzjan wit er sels te winnen syn fiifde Grutte Priis oerwinning yn de Formule 1. Ricciardo wurdt 5de yn it einklassemint.

Yn 2018 is de auto net folle better en by de Grutte Priis fan Azerbeidzjan, komme Ricciardo en syn ploeggenoat Max Verstappen yn de 40ste omgong sels yn botsing mei inoar, wat ta gefolg hat dat beide net fierder kinne. Ricciardo behellet dit seizoen 2 kear in oerwinning en dat binne ke fuort syn ienigste poadiumplakken yn 2018, rjochting it ein fan it seizoen makket er bekent dat er yn 2019 oerstapt en foar it team fan Renault sil gean riden. Daniel Ricciardo wurdt 170 punten sechsde yn it wrâldkampioenskip.

2019 – 2020

bewurkje seksje

It earste seizoen foar it nije team begjint net goed yn de earste omgong fan de earst wedstriid moat er de race al ferlitte ta gefolch fan in botsing. Ek de twadde wedstriid moat er foar it ein ferlitte. Ricciardo hellet dernei noch trije kear net de einstreep en wurdt yn Japan sels diskwaliffisearre. Daniel Ricciardo wurd dit earste seizoen by syn nije team njoggende yn it einklassemint mei fjouwerenfyftich punten.

2020 is in stik suksesfoller as 2019, al falt er wer yn de earste wedstriid ut. By de Grutte Priis fan de Eifel hellet er syn earste poadiumplak foar Renault. En ek yn Itaalje by de Grutte Priis fan Emylje-Romanje behellet er in moaie tredde plak. Dit blykt daaliks syn lêste poadiumplak te wêzen foar Renault want nei dit seizoen giet Ricciardo fuort by Renault. Yn it einklassemint fan 2020 wurdt Daniel Ricciardo fiifde mei 119 punten.

 
Daniel Ricciardo yn de McLaren yn 2021

Yn 2021 riid Ricciardo foar Mclaren Hy wint yn Itaalje syn achtste Grutte Priis en syn earste foar it nije team. Oan it ein fan it seizoen 2022 die bliken dat Daniel gjin kontrakt mear hie foar it seizoen 2023.

* Seizoen noch dwaande.

Oersjoch Formule 1-karriêre

bewurkje seksje
2011 2012 2013 2014 2015 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022 Totaal
Oantal races 11 20 19 19 19 21 20 21 21 17 22 22 232 (232 starts)
Oantal oerwinningen 0 0 0 3 0 1 1 2 0 0 1 0 8
Oantal pole-posysjes 0 0 0 0 0 1 0 2 0 0 0 0 3
Oantal fluchste omgongen 0 0 0 1 3 4 1 4 0 2 1 0 16
Oantal Poadiumplakken 0 0 0 8 2 8 9 2 0 2 1 0 32
WK-punten 0 10 20 238 92 256 200 170 54 119 115 37 1311
Einstân WK 27 18 14 3 8 3 5 6 9 5 8 12

* Seizoen noch dwaande.

Oerwinningen yn de Formule 1

bewurkje seksje
Jier Lân Grutte Priis Team
2014   Kanada Grutte Priis fan Kanada 2014 flagge fan Eastenryk  Red Bull-Renault
  Hongarije Grutte Priis fan Hongarije 2014
  Belgje Grutte Priis fan Belgje 2014
2016   Maleizje Grutte Priis fan Maleizje 2016 flagge fan Eastenryk  Red Bull-TAG Heuer
2017   Azerbeidzjan Grutte Priis fan Azerbeidzjan 2017
2018   Sina Grutte Priis fan Sina 2018
   Monako Grutte Priis fan Monako 2018
2021   Itaalje Grutte Priis fan Itaalje 2021 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân  McLaren-Mercedes