[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

In bantha is in fiktyf bist út 'e Star Wars-franchise, dat lânseigen is op 'e planeet Tatooine. It bist waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. Bantha's binne grutte fjouwerfuottige sûchdieren mei in hichte fan 2.40 oant 3 m en in gewicht fan 4 ton. Se hawwe in tsjûke, brune pels fan lang, delhingjend hier, in lange sturt en reuseftige, yn spiraalfoarm groeiende hoarnen. Bantha's wurde as ryddier en lêstdier brûkt troch de Tuskenkapers, dy't de woastyn fan Tatooine bewenje. Se kinne fiif beriders of 500 kg fracht drage.

In bantha mei berider yn 'e film A New Hope.

Behalven yn A New Hope hawwe bantha's neitiid ek te sjen west yn 'e special edition fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, yn 'e dielen Star Wars: Episode I – The Phantom Menace en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars en de live-actiontillefyzjesearjes The Mandalorian en The Book of Boba Fett.

De bantha waard kreëarre troch Star Wars-betinker George Lucas, dy't him dêrby foar in part ynspirearje liet troch de banths yn 'e Barzoom-romansearje fan Edgar Rice Burroughs. Produksje-yllustrator Ralph McQuarrie ûntwurp it uterlik fan 'e bantha's yn detail, wêrby't it earst de bedoeling wie dat se de grutte fan in hynder krije soene, ear't se úteinlik sa grut as in oaljefant makke waarden. Artdirector Leon Erickson makke in bantha-kostúm dat bestie út jakhier en palmblêden mei in masker fan hinnegaas, in sturt fan hout en hoarnen fan fentilaasjebuizen. Lûdstechnikus Ben Burtt ûntwurp it kroanjende âljen fan 'e bantha troch it lûd fan in brune bear fertrage ôf te spyljen.

Foar de opnamen fan A New Hope waard in echte Yndyske oaljefant mei de namme Mardji ynset, dy't behongen waard mei it kostúm. Mei't de sêne filme waard yn Death Valley, ien fan 'e hjitste plakken op 'e wrâld (sij it yn jannewaris, de koelste tiid fan it jier), hie Mardji dêr gjin nocht oan en smiet se it kostúm hieltyd ôf. De oaljefant waard traind om 'e slurf yn 'e bek te stopjen as er it kostúm op hie, om't dy der oars ûnderút bingele. Tusken de shots troch waard it bist troch de trainer omkocht mei apels om it by de les te hâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa