[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Aleksander Petsjersky

Aleksander (Sasja) Aronovitsj Petsjersky (Russysk: Алекса́ндр Аро́нович Пече́рский) (Krementsjûk (no: Oekraïne), 22 febrewaris 1909Rostov oan de Don, 19 jannewaris 1990) wie in Russysk-Joadsk ofsier en organisator en oanfierder fan de opstân fan de Joadske finzenen yn it ferneatigingskamp Sobibór yn Poalen yn de Twadde Wrâldoarloch.

Aleksander Petsjersky
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Aleksander Aronovitsj Petsjersky
nasjonaliteit Russysk
berne 22 febrewaris 1909
berteplak Krementsjûk
stoarn 19 jannewaris 1990
stjerplak Rostov oan de Don
etnisiteit Oekraynsk
wurkpaad
tsjinsttiid 1941-1942
yn tsjinst fan Sovjet-Uny
legerûnderdiel Reade Leger
heechste rang Kaptein
konflikt(en) Twadde Wrâldoarloch
ûnderskiedings Medalje foar de Wapene Striid (1951)
Medalje "Foar de Oerwinning op Dútslân yn de Grutte Patriotyske Oarloch 1941–1945"
oar wurk Oanfierder opstân kamp Sobibór
Betinkingsmonumint foar Petsjersky yn Tel Aviv
Plakette oan it hûs dêr't Petsjersky wenne

Hy waard berne as soan fan in Joadske abbekaat, dêr't de famylje fan yn 1915 ferhuze nei Rostov oan de Don. Ynearsten waard er elektrisien. Nei in universitêre stúdzje muzyk en literatuer, gyng er oan 't wurk oan in muzykskoalle. Hy hie de rang fan luitenant yn it Reade Leger op it stuit dat de Nazy-Dútslân Ruslân ynfoel op 22 juny 1941. By de Slach om Moskou waard er kriichsfinzene makke troch de Dútskers ûnder Vyazma yn de oblast Minsk. Fan doe ôf oan begûn de lijenswei fan it iene wurkkamp nei it oare strafkamp, dêr't by in medysk ûndersyk oan it ljocht kaam dat er in Joad wie.

Op 18 septimber 1943 waard er mei mear as twatûzen Joaden út Minsk, dêr't 100 joadske kriichsfinzene Sovjetmilitêren ûnder wiene, yn 'e trein nei it ferneatigingskamp Sobibór transportearre. Hy en syn mannen waarden net direkt fermoarde, mar opsluten yn Kamp I. Dêr betocht er - yn 'e mande mei de Poal Leon Feldhendler - in grut opset flechtplan, dat al op 14 oktober 1943 útfierd waard. Soks koe barre, nei it deadzjen fan in oantal wachters mei messen en bilen. Op it lêst ûntflechten en oerlibben 53 finzenen. Alle efterbleaune finzenen en ek de flechtlingen dy't pakt wiene waarden eksekutearre. It kamp waard in skoft letter hielendal ûntmantele en ferneatige.

Nei't er ûntkaam wie sleat er him oan by in groep Poalske partisanen en focht mei harren oant yn de simmer fan 1944.[1]

Werom by it Reade Leger waard Petsjersky promovearre ta kaptein en dekorearre foar syn bewiisde tsjinsten. Syn tsjûgenissen en it rapport oer it barren yn Sobibór waarden letter opnommen yn it Black Book skreaun troch Vasily Grossman en Ilya Ehrenburg.

Nei de oarloch

bewurkje seksje

Nei de oarloch kaam er werom nei Rostov-oan-de-Don dêr't er in baan fûn as betsjinner by in teater. Erkenning fan syn fertsjinsten by de opstân krige er net. Foar persoanlike moed wie ûnder it stalinisme taboe. Boppedat waarden Joaden ek nei de oarloch yn de Sovtjet-Uny beneftersteld. Yn it ramt fan it Proses fan Neurenberch waard Petsjersky troch de Russyske oerheid behindere om te tsjûgen. Sels by prosessen dy't ferbân holden mei Sobibór mocht er net prate. Dat koe er dan wer wol by it proses tsjin Adolf Eichmann dat plak hie yn Israel, mar dan allinne yn Moskou en ûnder tafersjoch fan de KGB.

Op de ein fan it Stalinrezjym waard er as Joad ferballe nei de goelag, tegearre mei syn broer. Nei de dea fan Josef Stalin en ynternasjonale druk kaam er frij, syn broer wie ûnderwilens ferstoarn. Alexander gong op 'e nij syn brea fertsjinjen yn in teater. Nei syn ferstjerren yn 1990 waard er te hôf brocht yn Rostov oan de Don. Earst yn 2007 waard in plakette befêstige op it hûs dêr't er wenne hie. Mar de oantins oan him soe benammen fierder libje yn films, betinkingsgearkomsten en dokumintêres.[2][3]

  • Revolt in Sobibor: syn eigen tsjûgenis yn in Russysk-Dútske dokumintêre oer de reboelje yn Sobibór út 1989 fan Pavel Kogan.
  • Escape from Sobibor, in telefyzjefilm út 1987 dêr't de rol fan Aleksander Petsjerski yn spile wurdt troch Rutger Hauer.
  • Sobibor, 14 Octobre 1943, 16 heures, 2001, dokumintêre fan Claude Lanzmann
  • Yn de Israelyske stêd Safed waard in strjitte nei him ferneamd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: