[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor

Ut Wikipedy
The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rob Cohen
produsint Stephen Sommers
Sean Daniel
Bob Ducsay
James Jacks
senario Alfred Gough
Miles Millar
kamerarezjy Simon Duggan
muzyk Randy Edelman
filmstudio Relativity Media
The Sommers Company
Alphaville Films
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Brendan Fraser
Maria Bello
Jet Li
byrollen John Hannah
Luke Ford
Isabella Leong
Michelle Yeoh
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 24 juny 2008
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk (ek wat Mandarynsk)
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $145 miljoen
opbringst $401,1 miljoen
filmsearje
filmsearje The Mummy (franchise)
● foarich diel The Mummy Returns

The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor is in Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2008 ûnder rezjy fan Rob Cohen, mei yn 'e haadrollen Brendan Fraser, Maria Bello en Jet Li. De titel betsjut "De Mummy: Grêftombe fan 'e Drakekeizer". It ferhaal giet oer in ferflokte keizer fan Sina, waans mummy yn 1946 opgroeven en wer ta libben brocht wurdt. De film wie it trêde diel fan 'e filmrige The Mummy, en folge as sadanich op The Mummy Returns, út 2001. The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor waard troch de filmkritisy mei oer it algemien negative resinsjes ûntfongen, mar nettsjinsteande dat wie de film yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses.

Yn 'e twadde helte fan it earste milennium f.Kr. wurdt it Keizerryk Sina feriene út in stikmannich selsstannige keninkriken troch in tirannike kriichshear dy't himsels útropt ta de Drakekeizer. Hy jout opdracht ta de bou fan 'e Sineeske Muorre, dêr't er syn fersleine fijannen by wize fan twangarbeid oan wurkje lit. Se krepearje by de tûzenen fan it hurde wurk en de minne behanneling, en hy lit harren liken tsjinje as fûnemint foar de muorre. Meitiid leart er hoe't er de fiif tradisjonele Sineeske eleminten (ierde, wetter fjoer, hout en metaal) behearskje kin. Dêrtroch wurdt er sa machtich dat nimmen him noch oer kin. Uteinlik hat er noch mar ien fijân oer: de dea. Want de Drakekeizer is bang om te stjerren, wat in ein meitsje sil oan alles dat er berikt hat.

Hy stjoert dêrom syn fertrouling generaal Ming út om 'e hekse Zi Yuan te finen, fan wa't de rop giet dat se it geheim fan ûnstjerlikens wit. Ming bringt Zi Yuan, dy't in kreaze frou blykt te wêzen, by de Drakekeizer, dy't sin oan har kriget. Hy jout Ming opdracht dat nimmen har oanreitsje mei, om't se fan him is. Generaal Ming is ûnderwilens lykwols al fereale op Zi Yuan rekke, en slacht it befel fan 'e keizer yn 'e wyn troch seksuele omgong mei har te hawwen, in feit dat troch in spion oan 'e keizer oerbrocht wurdt. De Drakekeizer lit de hekse in betsjoening fan ûnstjerlikens oer him útsprekke, mar dat docht hja yn it Sanskryt, in taal dy't hysels net machtich is. Fuort neitiid lit er foar har eagen generaal Ming terjochtstelle troch him te fearnjen. Dêrnei stekt er Zi Yuan del mei in dagge. Mar wylst hja slim ferwûne fuortflechtet, docht bliken dat se gjin betsjoening fan ûntstjerlikens, mar in flok oer him útsprutsen hat, en de Drakekeizer barst yn flammen út en feroaret yn in stânbyld fan klaai, krekt as syn striidmacht, dy't feroaret yn it Terrakotta Leger.

Mear as 2.200 jier letter, yn 1946, ûntdekke de jonge argeolooch Alex O'Connell en perfester Roger Wilson yn 'e Sineeske regio Ningxia de grêftombe fan 'e Drakekeizer. Hoewol't se oanfallen wurde troch in mysterieuze jonge frou dy't in ekspêr op it mêd fan 'e Easterske fjochtsport is, slagget it harren om 'e sarkofaach mei it stoflik omskot fan 'e keizer nei Sjanghai te bringen. Underwilens genietsje Alex syn âlden Rick en Evelyn O'Connell yn it Feriene Keninkryk fan in rêstich bestean yn in lânhûs op it plattelân, dêr't se har stierlik ferfele nei al harren spannende aventoeren mei boppenatuerlike wêzens en harren wurk foar de Britske geheime tsjinst yn 'e Twadde Wrâldoarloch. As it Britske regear harren freget om in lêste geheime misje te ûndernimmen, gripe se dy kâns dan ek mei beide hannen oan. Se moatte in reuseftige parfoarmige ealstien, it Each fan Shangri-La, dy't yn 'e oarloch bûten Sina yn feilichheid brocht wie om him út 'e hannen fan 'e Japanners te hâlden, werombringe nei Sina.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Sjanghai treffe Rick en Evelyn harren soan Alex en Evelyn har broer Jonathan, dy't dêr in nachtklub runt. By in besyk oan it museum dêr't de sarkofaach fan 'e Drakekeizer útstald is, docht bliken dat perfester Wilson eins ûnder ien tekken skûlet mei generaal Yang, in Guomintang-rebel dy't it him yn 'e holle helle hat om 'e Drakekeizer út 'e dea op te wekjen, om't er leaut dat dy de iennichste is dy't oarder skeppe kin yn 'e gaos fan 'e hearskjende Sineeske Boargeroarloch. Dêrfoar hat er lykwols ferlet fan it Each fan Shangri-La, dat in drip fan it libbenselikser befettet. As Wilson en Yang it troud pear O'Connell finzen nimme en twinge om mei te wurkjen oan har snoade plannen, docht lykwols bliken dat it lyk yn 'e sarkofaach it stoflik omskot fan in eunuch is en net dat fan 'e keizer.

Alex en de mysterieuze jonge frou dy't him earder oanfallen hat en har no foarstelt as Lin, besykje tegearre om syn âlden te befrijen en generaal Yang tsjin te hâlden. Dêrby wurdt it libbenselikser oer it stânbyld fan 'e menner griemd fan it reau dêr't de sarkofaach yn rêst, en it stânbyld fan 'e menner blykt hol te wêzen en it mummifisearre lichem fan 'e Drakekeizer te befetsjen. De Drakekeizer wurdt troch de drip fan it libbenelikser ta in foarm fan ûndea brocht. Hy akseptearret de tsjinst fan generaal Yang, mar deadet perfester Wilson, wêrnei't er mei it reau lutsen troch in fjouwerspan ûndeade hynders út it museum útpykt. In wylde efterfolging troch de trije O'Connells en Lin dwers troch Sjanghai rint op 'e non en de Drakekeizer ûntsnapt.

Lin fertelt de O'Connells dat har famylje al iuwenlang de tombe fan 'e Drakekeizer bewekke om foar te kommen persiis wat der no bard is. Se fertelt ek dat de Drakekeizer no sjen moat dat er yn it legindaryske Shangri-La komt, in plak djip yn 'e Himalaya dêr't de boarne fan 'e ûnstjerlikens him befynt. As er baait yn it wetter út dy boarne, sil er noch folle machtiger wurde as er no is en eltse lichemsfoarm oannimme kinne dy't er wol. De O'Connells, Lin en Evelyn har broer Jonathan reizgje streekrjocht mei it fleantúch nei de Himalaya, dêr't se sadwaande earder arrivearje as de Drakekeizer en generaal Yang. Se berikke in stoepa dêr't de wei nei Shangri-La toand wurde sil as it Each fan Shangri-La (dat no yn it besit is fan generaal Yang) op 'e punt fan 'e koepel pleatst wurdt.

As de Drakekeizer ferskynt mei in ôfdieling fan it leger fan generaal Yang, besykje Lin en de O'Connells harren tsjin te hâlden, mar de oermacht is te grut. Lin ropt trije yeti's te help, dy't handich ôfweve mei Yang syn soldaten, mar de keizer net oer kinne. Alex feroarsaket mei opsetsin in lawine, mar it is te let, want de keizer hat it paad nei Shangri-La al ûntdutsen. Yn it gefjocht is Rick fataal ferwûne rekke troch it swurd fan 'e keizer, mar Lin en de yeti's bringe him nei Shangri-La, dêr't har mem blykt te wenjen: nimmen oars as Zi Yuan dy't nei har konfrontaasje mei de Drakekeizer 2.200 jier lyn op 'e tiid Shangri-La wist te berikken om har wûne te genêzen en dêrnei Lin, de dochter fan har en generaal Ming, te wrâld brocht. Allebeide binne se ûnstjerlik wurden troch it drinken fan it wetter fan Shangri-La. Zi Yuan genêst Rick mei in drip fan it wetter út 'e boarne. Alex bychtet oan Lin op dat er smoarfereale op har rekke is, en hoewol't hja itselde fielt foar him, wol se har net oan dy gefoelens oerjaan om't se net tasjen wol hoe't er âld wurdt en stjert wylst sysels foar ivich trochlibbet.

As de Drakekeizer koarte tiid letter opdaagjen komt, slagget it de O'Connells, Lin en Zi Yuan lykwols net om him tsjin te kearen. Hy baait yn it wetter en wurdt ûnstjerlik. Hy sjocht Lin en beslút dat er har ta syn konkubine meitsje sil. Neitiid feroaret er himsels yn in fleanende draak en fljocht fuort mei Lin en generaal Yang om him yn Ningxia by it leger fan Yang te jaan en teffens syn eigen Terrakotta Leger út 'e dea op te wekjen. De O'Connells en Zi Yuan reizgje op 'e nij mei it fleantúch, dat folle flugger fljocht as de draak. Se arrivearje sadwaande earder yn Ningxia, dêr't Zi Yuan har eigen en Lin har ûnstjerlikens opofferet om mei in grutte betsjoening de liken fan 'e fijannen fan 'e Drakekeizer, dy't it fûnemint fan 'e Sineeske Muorre foarmje, ta in steat fan ûndea te bringen.

As de Drakekeizer yn Ningxia oankomt, liedt dat ta in grutte fjildslach tusken it Terrakotta Leger en it ûndeade leger fan Zi Yuan, dat oanfierd wurdt troch it ienearmige lyk fan generaal Ming. Alex kringt ûnderwilens it kamp fan generaal Yang yn en befrijt Lin. Zi Yuan giet in twagefjocht oan mei de Drakekeizer, wêrby't er har fataal ferwûnet, mar sy him de dagge ûntfytmannet dêr't er har al dy iuwen earder mei ferwûnet hat, it iennichste wapen dêr't er no noch kwetsber foar is. Ear't se stjert jout Zi Yuan de dagge oan 'e O'Connells. De Drakekeizer kringt de Sineeske Muorre yn, dêr't er de betsjoening fan Zi Yuan wêrmei't se it leger fan ûndeaden opwekke hat, besiket op te heffen. Rick en Alex folgje him nei binnen ta, wylst Lin en Evelyn generaal Chang en syn adjudante Choi befjochtsje en deadzje. De Drakekeizer wit de dagge te brekken, mar Rick en Alex stekke him tagelyk fan foarren en efteren yn it hert mei de beide fragminten fan 'e dagge, dat er it bestjert. It Terrakotta Leger en Ming syn leger fan ûndeaden ferwaaie dêrnei ta stof.

De O'Connells en Lin keare werom nei Sjanghai, dêr't Alex en de no net mear ûnstjerlike Lin in relaasje begjinne. Jonathan, dy't folslein syn nocht hat fan mummys, en dy't it Each fan Shangri-La efteroer drukt hat, beslút om Sina foargoed te ferlitten en him nei wenjen te setten yn in lân sûnder mummys. Hy kiest dêrfoar Perû út, dêr't koarte tiid letter de earste Inka-mummys ûntdutsen wurde.

Brendan Fraser.
Maria Bello.
Jet Li.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rick O'Connell Brendan Fraser
Evelyn Carnahan-O'Connell Maria Bello
de Drakekeizer Jet Li


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jonathan Carnahan John Hannah
Alex O'Connell Luke Ford
Lin Isabella Leong
Zi Yuan Michelle Yeoh
generaal Yang Anthony Wong
adjudante Choi Jessey Meng
generaal Ming Guo Russell Wong
Mad Dog Maguire Liam Cunningham
perfester Roger Wilson David Calder
Chu Wah Albert Kwan

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor waard regissearre troch Rob Cohen nei in senario fan Alfred Gough en Miles Millar. It idee fan 'e keizer en syn leger wie basearre op 'e echte keizer Qin Shi Huang fan 'e Qin-dynasty, dy't omtrint 210 f.Kr. begroeven waard middenmank tûzenen libbensgrutte soldaten fan terrakotta, it saneamde Terrakotta Leger. As filmprodusinten wiene by it projekt belutsen Stephen Sommers, Sean Daniel, Bob Ducsay en James Jacks foar de studio's Relativity Media, The Sommers Company en Alphaville Films.

Foar The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor wie in budget beskikber fan $145 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Simon Duggan, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Randy Edelman. Yn The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor spilen Brendan Fraser en John Hannah deselde rollen dy't se ek yn 'e films The Mummy (1999) en The Mummy Returns (2001) fertolke hiene. Aktrise Rachel Weisz, dy't yn dy beide films de rol fan Evelyn Carnahan-O'Connell spile hie, wegere lykwols om oan in trêde Mummy-film mei te dwaan, om't se "problemen mei it senario" hie en ek om't se krekt âldkreams wie fan 'e berte fan har soan. Dêrom waard yn The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor Maria Bello foar har yn it plak cast. De opnamen foar de film fûnen plak yn Montreal en yn Sina.

De distribúsje fan The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 24 juny 2008 yn Moskou yn premiêre, wêrnei't er op 1 augustus yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten iepene. Op 29 july wie it soundtrackalbum fan 'e film al útkommen by platemaatskippij Varèse Sarabande. The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor waard op 16 desimber 2008 útbrocht op dvd.

The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie ien fan 'e mar in pear dy't in positive beskriuwing pleatste en de film 3 fan 4 stjerren joech. Hy ferantwurde dat sa: "Wêrom't ik dizze film moai fûn? It wie gewoan domme wille, dat is wêrom." Hy fûn ek dat The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor de bêste film fan 'e searje wie, in miening dy't net folle byfal krige.

Nathan Rabin fan 'e A.V. Club skreau dat de film slagge wie, mar heakke dêroan ta dat dat "foar it meastepart troch neat oars as oerdied" kaam, en yn 'e kontekst dat de film "de earste oere op meganyske wize troch strompelet." Yn 'e Los Angeles Times skreau Kenneth Turan dat The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor "inkele goede dingen [hat, mar] net genôch om fan 'trije kear is skipsrjocht' sprekke te kinnen." Jennie Punter fan The Globe and Mail skreau dat de film "bêst aardich" wie, om dêroan ta te foegjen: "mar de kearpunten yn 'e plot binne neat nijs." Yn 'e Baltimore Sun omskreau Michael Sragow de film as "in Indiana Jones-film, mar sûnder ritme, humor of persoanlikheid, inkeld in wanhopich, domdryst tempo."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor in leech goedkarringspersintaazje fan 13%, basearre op 174 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei midsmjittige special effects en in opmerklik gebrek oan wille is de searje mei The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor it hichtepunt fier foarby." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 33 resinsjes.

The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $102,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $298,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $401,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $145 miljoen betsjut dat in winst fan $256,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film nettsjinsteande de almeast negative resinsjes in kommersjeel súkses, al moat dêrby oantekene wurde dat it fan 'e Mummy-trilogy de minst opbringende film wie. Tsjin mids 2011 wiene der fan The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor fierders mear as 2,5 miljoen dvd's ferkocht, mei in opbringst fan $41,8 miljoen (ferkeap op blu-ray net meirekkene).

The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor waard yn 2009 nominearre foar de Saturn Award foar bêste horrorfilm. Komponist Randy Edelman wûn foar de filmmuzyk fan 'e film de BMI Film Award foar bêste muzyk.

The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor wie it trêde diel fan The Mummy-trilogy, nei The Mummy (1999) en The Mummy Returns (2001). In fjirde film, dy't The Mummy: Rise of the Aztec hjitte moatten hie (en wêryn't Antonio Banderas nei't it skynt de antagonist spylje soe), waard neitiid troch Universal Pictures skrast om ynstee mei The Mummy yn 2017 in reboot fan 'e hiele searje te produsearjen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Mummy (filmsearje fan Universal Pictures)
The Mummy (klassike filmsearje fan Universal Pictures)
The Mummy (1932) • The Mummy's Hand (1940) • The Mummy's Tomb (1942) • The Mummy's Ghost (1944) • The Mummy's Curse (1944) • Abbott and Costello Meet the Mummy (1955)
The Mummy (moderne filmsearje)
The Mummy (filmtrilogy fan Stephen Sommers) The Mummy (1999) • The Mummy Returns (2001) • The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor (2008)
The Mummy (reboot) The Mummy (2017)