Toer fan Furdgum
toer fan Furdgum | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Furdgum | |
adres | Camstrawei 7 | |
koördinaten | 53°14′55″ N 5°33′34″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | toer | |
subtype | tsjerketoer | |
boujier | 13e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8632 |
De toer fan Furdgum is in frijsteande tsjerketoer yn it doarp Furdgum, yn it noardwesten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Midsiuwske tsjerke fan Furdgum waard boud yn 'e trettjinde iuw en wie foar de Reformaasje wijd oan 'e hillige Nikolaas fan Myra (Sinteklaas). Dit tsjerkegebou rekke lykwols geandewei de achttjinde iuw yn ferfal, en waard yn 1794 sloopt. Sûnt is de âlde tsjerketoer in frijsteande toer.
It is in sealdaktoer, besteande út trije gearstallings, dy't middenmank it tsjerkhôf fan Furdgum op in terp stiet. Boppe yn 'e toer hinget in liedklok út 1481 fan 'e brûnsjitter Warnerus. Yn 1922 waard de toer restaurearre op basis fan plannen fan arsjitekt G.J. Veenstra. Dêrby waarden de geveltoppen foarsjoen fan in klimmend bôgefries. Yn 1986 fûn jitris in algehiele restauraasje plak. De toer fan Furdgum is in ryksmonumint.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Furdgum (mei toer) sjoen fanôf De Hoarnestreek (it noarden).
-
De toer fan Furdgum fanôf de Tsjummearumer kant.
-
Opreed nei it hôf fan Furdgum mei de toer.
-
De toer fan Furdgum sjoen fanôf it hôf.
-
De doar fan 'e toer.
-
Utsjoch fanôf it hôf op it noardwesten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|