[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Wejherowo

Ut Wikipedy
Wejherowo
Monumint foar Jakub Wejher, stifter fan de stêd
Monumint foar Jakub Wejher, stifter fan de stêd
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Poalen Poalen
Provinsje Pommeren
Sifers
Ynwennertal 46.968
Oerflak 27 km²
Befolkingsticht. 1.740 ynw./km²
Hichte 12,7 m.–149,7 m boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 54° 36' N 18° 14' E
Offisjele webside
/www.wejherowo.pl
Kaart
Wejherowo (Poalen)
Wejherowo

Wejherowo (Kasjûbysk: Wejrowò, Dútsk: Neustadt in Westpreußen, earder Weyersfrey) is in stêd yn de woiwodskip Pommeren yn Poalen.

De stêd leit yn it histoaryske gea West-Prusen yn de brede delling fan de Reda, westlik fan de Bocht fan Gdańsk op in hichte fan 30 meter boppe de Eastsee en likernôch 20 kilometer noardwestlik fan de havenstêd Gdynia.

Wejherowo waard yn 1643 as Wola Wejherowska troch de woiwode fan de woiwodskip Malbork en de Poalske ealman Jakub Wejher stifte. De plaknamme waard yn it Dútsk oerset as Weyersfrey. De stifter hie ornearre dat it plak deselde stedsrjochten hawwe moast as oare stêden yn 'e krite en dêrfandinne waard de nije stêd it saneamde 'Kulmer Rjocht' takend. De privileezjes fan de stêd waarden yn 1655 ferliend en troch kening Jan II akkordearre.

It riedhûs yn 1915

By de Earste Dieling fan Poalen yn 1772 anneksearre it Keninkryk Prusen it grutste part fan de Pommerellen. De stêd waard ûnderdiel fan de nije Prusyske provinsje West-Prusen en de Dútske namme Weyersfrey waard feroare yn Neustadt in Westpreußen. Foar de ûntwikkeling fan de stêd wie de foarming fan de lânkring Neustadt en de oansluting yn 1870 op it spoar fan Danzig (Gdańsk)-Stettin (Szczecin) fan grut belang.

Yn dy tiid foarmen Poalen en Kasjûben yn de lânkring Neustadt in mearderheid fan 59.3% fan de befolking. De stêd Neustadt hie lykwols in Dútske mearderheid. Neffens de folsktelling fan 1910 telde de befolking 9.804 ynwenners, wêrfan 71% Dútsers, 25% Kasjûben en 4% Poalen.

Nei de Earste Wrâldkriich waard de stêd ûnderdiel fan de Twadde Poalske Republyk.

Wejherowo waard op 9 septimber 1939 ynnommen troch de Dútske Wehrmacht. It grutste part fan de joadske mienskip waard fermoarde en yn it ramt fan de Intelligenzaktion waarden ek in soad Poalen oppakt, opsletten en dêrnei deportearre nei it doarpke Piaśnica Wielka, dêr't hja deasketten waarden. Under harren wiene ek de boargemaster en studinten fan de hegere skoallen. Leararen út de stêd waarden mei oare Poalske leararen nei konsintraasjekamp Mauthausen stjoerd.

Yn maart 1945 makke it Reade Leger in ein oan de Dútske besetting en waard Wejherowo wer in Poalske stêd.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1789 1853 1905 1943 1960 1970 1980 1990
Ynwenners 700 2.500 8.389 16.490 24.500 33.800 42.400 46.800
Jier 2000 2011 2021
Ywenners 46.200 49.922 48.735

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wejherowo is in religieus sintrum foar de Kasjûben. It doel fan de beafeart is de patroanhillige fan de stêd, de Mem Gods, in genedebyld dy't yn 1999 troch paus Jehannes Paulus II kroand waard.

  • de Kalvaryberch;
  • it Slot fan de famylje Keyserling (no museum);
  • it riedhûs út 1650;
  • de stiftstsjerke fan de Hillige Trijeienheid út 1643;
  • de kleastertsjerke Sint-Anna út de 17e iuw mei in ynrjochting út de 18e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Wejherowo