Wettertoer (Baarn)
De wettertoer fan Baarn stiet op it heechste punt fan Baarn, oan de Sophialeane 31. De 29 meter hege toer is boud yn 1903 yn opdracht fan de Utertske Wetterlieding Maatskippij (UWM) en hat in diameter fan 10 meter.
Boustyl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Baarnske wettertoer is in wat tapsk tarinnende rûne toer mei in útkraagjende reservoirombou. De toer is útfierd yn bakstien mei natuersstienen aksinten. De omlisting fan de yngong einiget yn in punt mei natoerstiennen list en sierobelisk. Op de grins tusken begeane grûn en de ferdjipping is in natuerstiennen bân en in fries fan mitselwurk oanbrocht. De oergong tusken toerromp en reservoir bestiet út in ring fan klimmende en útwaaierjende tochgewelven. De ombou fan it reservoir hat smelle finsters, sierankers en in bôgefries en einiget mei kantelen. De dekoraasjes binne yn neorenêssânsestyl. De kantelen ferwize nei midsiuwske kastielen.
Wurking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de wurking, it soargjen oar in konstante druk op it liedingnet, binne de ôfmjitting en de hichte fan it reservoir fan belang. De winske druk op it liedingnet wurdt yn flakke gebieten berikt mei in wetterstân tusken 22-30 meter boppe it meanfjild. It it in breed liedingnet, dan wurdt as kompensaasje fan it drukferlies yn de lange liedingen, it reservoir heger boud. De reservoirynhâld is fan belang om de ferskillen tusken de wetteroanfier fanút de reinwetterkelder en de wetterôfname troch de konsuminten te ûnderfangen.
Intze-1 reservoir
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1883 waard dit reservoirtype ûntwikkele troch de Dútske professor Otto Intze. Hy wie as konstrukteur yn tsjinst by de firma Neuman. De boaiem fan it Intze-1 reservoir is sa foarmjûn dat de oplisring yn it horizontale flak altyd spanningsfrij bliuwt, oft it reservoir no fol is of leech. It foardiel hjirfan is dat de ûnderbou slanker útfierd wurde koe wêrtroch't der folle minder materiaal nedich wie foar de draachkonstruksje. Oant 1915 waard it Intze-1 reservoir yn Dútslân en Nederlân in soad tapast, mar krige wol krityk fan arsjitekten dy't it mar ûnsjogge "wetterhollen" fûnen. It izeren reservoir hat in ynhâld fan 500.000 liter.