[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Rain Man

Ut Wikipedy
Rain Man
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Barry Levinson
produsint Mark Johnson
senario Barry Morrow
Ronald Bass
kamerarezjy John Seale
muzyk Hans Zimmer
filmstudio United Artists
Guber-Peters Company
Star Partners II
distribúsje MGM/UA Communications
spilers
haadrollen Tom Cruise
Dustin Hoffman
byrollen Valeria Golino
Jerry Molen
Ralph Seymour
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 desimber 1988
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedrama / roadmovie
taal Ingelsk
spyltiid 134 minuten
budget en resultaten
budget $25 miljoen
opbringst $354,8 miljoen
prizen 4 × Oscar
2 × Golden Globe
Gouden Bear
Dizze side giet oer de film Rain Man. Foar oare betsjuttings, sjoch: Rain Man (betsjuttingsside).

Rain Man is in Amerikaanske komeedzjedramafilm en roadmovie út 1988 ûnder rezjy fan Barry Levinson, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Dustin Hoffman. De titel betsjut "Reinman". It ferhaal folget de egoïstyske jonge autoferkeaper Charlie Babbitt, dy't nei it ferstjerren fan syn fan him ferfrjemde heit ûntdekt dat er in âldere broer hat, oan wa't syn heit alles neilitten hat. De broer, Raymond, is in autistyske savant dy't yn in ynrjochting sit om't er it yn 'e maatskippij net roaie kin. Charlie beslút ympulsyf syn broer te ûntfieren om him te ruiljen tsjin it erfdiel dêr't er rjocht op tinkt te hawwen. Fan 'e filmkritisy krige Rain Man rûnom lof, en yn 'e bioskopen wie it in reuseftich kommersjeel súkses en groeide it út ta de meast opbringende film fan it jier. De film wûn fjouwer Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en de priis foar bêste akteur, dy't nei Hoffman gie foar syn fertolking fan 'e rol fan 'e autistyske Raymond. Rain Man wûn ek twa Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm) en de prestizjeuze Gouden Bear fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn.

Charlie Babbitt is in glêde jonge sakeman yn Los Angeles dy't al syn jild stutsen hat yn 'e ymport fan fjouwer Lamborghini-sportauto's út Itaalje. Hy moat dy auto's leverje oan ûngeduldige klanten dy't al oanbetellings dien hawwe fan mei-inoar $80.000. Dat jild hat Charlie brûkt foar de earste ôflossings fan 'e liening fan 'e bank dy't er ôfsletten hat foar de oankeap fan 'e auto's. Alles draait der dus om dat er de auto's gau oan syn klanten ôfleverje kin, mar de EPA, de Amerikaanske oerheidsynstelling dy't oer it miljeu giet, hâldt de Lamborghini's fêst yn 'e haven om't de auto's net oan 'e Amerikaanske emisjeregels foldogge. Charlie syn oplossing is om tiid te keapjen troch de bank oan it lyntsje te hâlden wylst er syn wurknimmer Lenny de klanten foarlige lit.

Yn it wykein knypt Charlie der tuskenút mei syn ferloofde en wurknimster Susanna, in Italjaanse, om nei Palm Springs (Kalifornje) ta. Underweis kriget er lykwols in tillefoantsje dat syn heit, de miljonêr Sanford Babbitt, ferstoarn is. Dêrop reizgje hy en Susanna ynstee nei Cincinnati (Ohio) foar de begraffenis. De dea fan syn heit docht Charlie net folle, mei't er nea goed mei de man kinnen hat en al tsien jier gjin kontakt mear mei him hân hat. Fan syn heite abbekaat kriget Charlie te hearren dat syn heit him syn klassike Buick Roadmaster út 1949 neilitten hat en dêropta syn bekroande roazestrûken, mar dat syn fermogen fan $3 miljoen yn in trust pleatst is foar in net by namme neamde begeunstige. Dat rekket Charlie wol, en hy is der poer om.

As Susanna him dernei freget, fertelt er har dat syn mem ferstoarn is doe't er noch hiel jong wie. Hy en syn heit bleaune tegearre efter, mar Sanford toande Charlie nea de leafde en erkenning dy't er socht. En hoewol't er al fan bern ôf oan sljocht nei auto's wie, mocht er nea yn syn heite Buick ride. Mei sechstjin jier, doe't er slagge wie foar de middelbere skoalle, hied er de hoop dat it doe wol meie soe, mar it antwurd wie wer nee. Dêrop gie Charlie mei syn maten sûnder syn heite tastimming yn 'e Buick út te riden. Syn heit skille de plysje en joech de auto as stellen op; Charlie en maten belânen dêrtroch op it plysjeburo. Wylst syn maten mei in oerke troch har âldelju ophelle waarden, liet Sanford Babbitt syn soan twa dagen yn 'e sel sitte. Doe't Charlie úteinlik frijkaam, socht er syn spul byinoar en rûn noch dyselde jûns fuort fan hûs. Hy hat neitiid nea wer in wurd mei syn heit wiksele.

Fia-fia wit Charlie oan 'e weet te kommen dat it fermogen fan syn heit beheard wurdt troch dokter Gerald Bruner, de direkteur fan Wallbrook, in fersoargingstehûs foar lju mei in ferstanlike beheining. Charlie set mei Susanna yn syn heite Buick dêrhinne en moetet Bruner, dy't wegeret om him mear ynformaasje oer de trust te jaan. Underwilens rekket Susanna, dy't bûtendoar by de auto bleaun is, oan 'e praat mei in swier autistyske man dy't Raymond hjit en dy't beweart dat de Buick de auto fan syn heit is. As Charlie mei de pest yn en sûnder wat bedijd te hawwen weromkomt fan syn ûnderhâld mei Bruner, hjit er Raymond om op te sokkebaljen. H rekket der lykwols ôf as Raymond sekuer de skiednis fan 'e Buick beskriuwt, oan 'e oarspronklike kleur fan 'e beklaaiïng ta. As Charlie weromgiet nei dokter Bruner om útlis te easkjen, komt út dat Raymond eins Charlie syn âldere broer is en de begeunstige fan 'e trust. Hy kin himsels net rêde yn 'e maatskippij en wennet sûnt syn achttjinde, al mear as tweintich jier, yn Wallbrook. Charlie is alhiel feralterearre, mei't er altyd miend hat dat er in iennichst bern wie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Raymond is net allinne autistysk, mar hat ek it savantsyndroom, wat sizze wol dat er op guon mêden tige heechbejeftige is, wylst er op oare terreinen folslein ûnselsrêdich is. Hy hat in ûnthâld dat frijwol fotografysk is, mar lit sa goed as gjin emoasjes sjen, of it moat wêze dat er yn panyk rekket. Om't alles dat nij is, him bang makket, libbet er nei strikte rûtines en rituelen, lykas it sjen op fêste tiden fan tillefyzjeprogramma's as Jeopardy! en The People's Court, en it op bêd gean om persiis alve oere jûns. Charlie freget oft er mei Raymond in eintsje op it terrein fan Wallbrook út te kuierjen gean mei, en dat wurdt him tastien. Hy wit Raymond, dy't sljocht is nei honkbalstatistiken, mei te lokjen nei de auto troch te sizzen dat er him meinimme sil nei in honkbalwedstryd fan 'e Los Angeles Dodgers. Sa kriget er him yn 'e auto, wêrnei't er mei him fuortriidt. Nei dy ferkapte ûntfiering bringe Charlie, Raymond en Susanna de nacht troch yn in hotel. As Raymond de keamer fan Charlie en Susanna binnenkomt wylst se seksuele omgong hawwe, wurdt Charlie lulk en foeteret er Raymond út. Susanna wurdt ek lulk, mar dan oer de manear dêr't Charlie Raymond op behannelet. Se hat har nocht en giet fuort.

De oare moarns skillet Charlie dokter Gruner op en stelt foar om Raymond werom te bringen as Gruner him de oardel miljoen dollar út syn heite beërf jout dy't him rjochtlik takomt. Gruner wegeret, en Charlie seit dat se inoar dan by de rjochter sjen sille. Fuort letter ken Raymond yn in kafetaria de namme fan 'e servearster werom út it tillefoanboek dat er de jûns tefoaren lêzen hat. Charlie beseft dat Raymond, dy't oant healwei de letter G kommen is, alle nammen en tillefoannûmers nei ien kear oerlêzen ûntholden hat. As de servearster in doaske mei toskestokers falle lit, telt Raymond mei ien blik 246 toskestokers op 'e flier. Mei't der 500 yn it doaske hearre te sitten, hâldt Charlie dat earst foar in skatting dy't der net fier by troch is, mar dan seit de servearster dat der fjouwer toskestokers yn it doaske sitten bleaun binne.

Dy middeis wol Charlie mei Raymond it fleantúch nei Los Angeles nimme, mar it docht bliken dat Raymond út noch yn net fleane wol om't er alle statistiken oer fleantúchûngelokken út 'e holle ken. Charlie syn earste ympuls is om Raymond mei te skuorren, mar as dy sa'n trelit makket dat se de belangstelling fan oare reizgers en fan it lofthavenpersoniel lûke, bynt er yn. Dat, ynstee set er mei Raymond ôf yn 'e Buick Roadmaster om nei Los Angeles te riden. As Raymond ek it Interstate-snelweistelsel te gefaarlik fynt, wurdt de reis beheint ta B-wegen. Sels dat sjit net bot op om't Raymond him beslist oan syn deistige rûtines hâlde moat troch eltse dei op deselde tiid deselde tillefyzjeprogramma's te sjen en troch om alve oere jûns op bêd te lizzen. Se ferlieze boppedat in dei as it reint, want Raymond syn regel is dat er net bûtendoar komt as it reint.

Yn in lyts stedsje op it Amerikaanske plattelân rekket Charlie op in stuit Raymond kwyt, as dyselde op eigen manneboet ôfdwaalt wylst Charlie yn in tillefoansel oant it beljen is. Raymond soarget foar in lytse ferkearsopstopping as er by it oerstekken midden op in krúspunt hohâldt om't it stopljocht foar fuotgongers op read springt. Charlie arrivearret krekt op 'e tiid om syn broer te rêden fan in lulke automobilist, dy't Raymond syn hâlden en dragen ynterpretearret as klierigens. Nei dat foarfal nimt Charlie Raymond mei nei de pleatslike húsdokter om him ûndersykje te litten. De dokter hat noch nea immen mei it savantsyndroom sjoen, mar hy ken de oandwaning wer út beskriuwings. Hy jout Raymond yngewikkelde rekkensommen op, dêr't Raymond sekuer it antwurd op jout, like fluch as in rekkenmasyntsje. As er him lykwols freget hoefolle sint er oerhâldt as er in dollar troch de helte docht, kin Raymond him net folgje en seit er mar wat: hy is net by steat om syn talint foar rekkenjen ta te passen op echte sitewaasjes.

Underwilens wurde Charlie syn fjouwer Lamborghini's noch altyd fêstholden troch de EPA. Yn 'e folgjende dagen besiket Charlie oer de tillefoan wanhopich syn bedriuw te rêden, wylst er tagelyk in harksitting oer de fâdij fan Raymond regelet. Op in jûn yn in motel komt by tafal út dat de namme fan "Rain Man", oan wa't Charlie noch waarme oantinkens hat út syn iere jonkheid, mar dy't er altyd as in fantasijfreontsje beskôge hat, eins in ferbastering is fan 'e namme "Raymond". Charlie kriget dan einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat Raymond oarspronklik by him en syn heit ynwenne, oant er fuortstjoerd waard nei Wallbrook om't er de lytse Charlie hast ûnbedoeld yn in gleonhjit bad ûnderdompele hie. Dêr pakt Charlie bot mei om: dat it om hìm wie dat Raymond fuort moast. De oare deis keapet er in draachber tillefyzjetsje foar Raymond dat op batterijen wurket, sadat er altyd tillefyzjesjen kin as er dat wol.

Letter kriget Charlie fan syn wurknimmer Lenny te hearren dat de bank beslach lizze litten hat op 'e Lamborghini's. Dat betsjut dat Charlie bankrot is. Ta oermjitte fan ramp wolle syn fjouwer klanten no elts har oanbetelling fan $20.000 weromhawwe, yn totaal $80.000, en dat jild hat Charlie net. As er lykwols beseft dat Raymond likegoed spylkaarten telle kin as toskestokers, kriget er in idee. Op har reis binne de beide bruorren ûnderwilens oanbelâne yn Nevada, en dêr meitsje se in tuskenstop yn it gokmekka Las Vegas. Charlie keapet in nij pak foar Raymond en nimt him mei nei de hierknipper, sadat er der net sa útrint, wernei't se nei it kasino geane. Dêr wurdt ienentweintigjen spile mei seis ûnderskate decks fan elts 52 spylkaarten, dus 312 kaarten yn totaal. Foar Raymond is it lykwols in kâld keunstke om yn syn holle by te hâlden hokker kaarten noch yn it spul binne, en de bruorren winne yn koarte tiid $86.000.

Neitiid rekket Raymond yn 'e bar fan harren hotel yn petear mei de callgirl Iris, hoewol't er gjin idee hat wat se is. Charlie hat dat wol, mar as Raymond oanjout dat er mei Iris prate wol, lit er de boel gewurde, al hâldt er it spul wol yn 'e rekken. Iris nûget Raymond dy jûns út foar in ôfspraakje, dêr't Raymond bot nei útsjocht. Dy middeis jout Susanna har wer by de beide bruorren, en sy en Charlie lizze harren skeel by. Dy jûns wurdt Charlie by de direkteur fan it kasino roppen. Hoewol't dy skeptysk is dat der in minske op 'e wrâld is dy't 312 ferskillende kaarten yn 'e holle hâlde kin, is er net gerêst op 'e sitewaasje, en om't kaarttellen yn 'e kasino's fan Las Vegas ferbean is, wurde Charlie en Raymond frege om harren winst mei te nimmen en fuort te gean, en net werom te kommen. Underwilens beselskippet Susanna Raymond nei de hotelbar foar syn ôfspraakje mei Iris. Dat rint foar Raymond út op in rare ôfdijer as Iris net opdaagjen komt. Wannear't Susanna yn 'e lift werom nei harren hotelkeamers út Raymond syn praat opmakket dat Charlie him spesjaal foar it ôfspraakje dûnsjen leard hie, drukt se de stopknop yn en dûnset se mei Raymond yn 'e lift op 'e muzyk fan in film mei Fred Astaire en Ginger Rogers op Raymond syn draachbere tillefyzje. Nei ôfrin fan 'e dûns leart se him hoe't er in frou tútsje moat, de earste kear yn syn libben dat Raymond op 'e mûle tute is.

De oare deis ride se trijeresom fan Las Vegas nei Los Angeles, dêr't Charlie Susanna by har thús ôfset en dêrnei Raymond mei nei syn eigen hûs nimt. Charlie syn prioriteiten binne troch de reis, dy't in wike duorre hat, folslein feroare. Dokter Bruner, dy't foar de harksitting nei Los Angeles oerkommen is, biedt him $250.000 út 'e trust oan as er Raymond wer oan him oerdraacht en de saak fierders gewurde lit. Charlie fertelt Bruner lykwols dat er gjin belang mear by it jild hat. Hy hat in bân mei Raymond krigen en no wol er de fâdij oer syn broer hawwe om't er foar him soargje wol. De oare moarns, de deis fan 'e harksitting, is Raymond al ier op 'e lapen, wylst Charlie noch sliept. Hy set yn 'e koken de ûne oan, mar wurdt dan ôflaat en ferjit folslein wat er dien hat. As de ûne lang om let yn 'e brân fljocht en it reekalaarm ôfgiet, rekket er alhiel yn panyk: net troch de reek en de brân, mar troch it trochkringende piipjen fan 'e reekmelder. De wekker skrokken Charlie komt krekt op 'e tiid yn 'e koken om foar te kommen dat de hiele boel yn ljochte lôge set wurdt of dat Raymond himsels letsel tabringt.

De harksitting is in ynformeel barren foar in troch de rjochtbank oanstelde psychiater. Dyselde befreget Raymond oer syn ûnderfinings yn 'e lêste wike. Hoewol't út 'e antwurden, dy't Raymond sûnder ienige euvelmoed jout, bliken docht dat er yndie in bân mei Charlie foarme hat, komt ek it gokken yn Las Vegas oan it ljocht. Raymond fertelt dêrnjonken dat er Susanna tute hat, eat dêr't Charlie ek neat fan wist. Wannear't de psychiater him freget hoe't dat wie, antwurdet Raymond: "Wiet." Uteinlik komt it derop oan dat Raymond in kar meitsje moat tusken weromgean nei Cincinnati en yn Los Angeles bliuwe. De psychiater freget him: "Wolst by Charlie yn Los Angeles bliuwe?" Hy antwurdet: "Ja." De psychiater freget him: "Wolst werom nei Wallbrook?" Hy antwurdet: "Ja." De psychiater besiket him dúdlik te meitsjen dat dat twa ferskillende dingen binne, en dat er ien kieze en de oare ôfwize moat, mar Raymond blykt net by steat te wêzen om op eigen manneboet in kar te meitsjen, of sels mar om te begripen dat der in kar is. As Raymond almar mear yn ûnstjoer rekket troch de oanhâldende fragen, grypt Charlie yn en makket er in ein oan 'e ûnderfreging.

Charlie begrypt no dat Raymond ferlet hat fan mear soarch as dat hy biede kin. Hoewol't er him graach tichter by him hâlde wolle soe, is it sa klear as in klûntsje dat Wallbrook it bêste plak foar Raymond is. Sadwaande leit Charlie him by de fâdij fan dokter Bruner del en bringt er Raymond in dei letter frijwillich nei it treinstasjon, dêr't hy en Bruner in Amtraktrein werom nei Cincinnati nimme sille. De beide bruorren nimme ôfskie op it perron en Charlie ûnthjit dat er Raymond mei koarten yn Wallbrook opsykje sil.

Tom Cruise.
Dustin Hoffman.
haadrollen
personaazje          akteur/aktrise
Charlie Babbit Tom Cruise
Raymond Babbitt Dustin Hoffman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Susanna Valeria Golino
dokter Gerald Bruner Jerry Molen
Lenny Ralph Seymour
Vern Michael D. Robert
Sally Dibbs Bonnie Hunt
mem op boerespultsje Beth Grant
Iris Lucinda Jenney
dokter Barry Levinson

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rain Man waard regissearre troch Barry Levinson nei in senario fan Barry Morrow en Ronald Bass. Dyselden skreaune harren skript op basis fan in idee dat Morrow krige nei't er Kim Peek met hie, in echte autistyske persoan dy't oanhelle wie mei it savantsyndroom. It personaazje fan Raymond Babbitt wie basearre op Peek en op Bill Sackter, in freon fan Morrow, oer wa't er earder ek al it senario fan 'e film Bill (1981) skreaun hie. As produsint wie Mark Johnson by it projekt belutsen foar de filmstudio's United Artists, de Guber-Peters Company en Star Partners II. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Seale, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.

In no al lang ferlitten en fertutearze earder benzinestasjon yn Cogar (Oklahoma), dêr't Charlie en Raymond op harren autoreis nei Kalifornje op in stuit oanstekke.

De opnamen foar Rain Man fûnen plak yn 'e simmer fan 1988 en omfetten û.m. njoggen wiken fan filmjen op lokaasje, yn Kalifornje, Ohio, Kentucky, Oklahoma en Nevada. It hiele opnameproses fan 'e film barde ûnder in staking fan it Writers Guild of America, it ynfloedrike fakbûn fan senarioskriuwers. Ronald Bass levere de úteinlike ferzje fan it skript fan Rain Man pas in pear oeren foar it begjin fan 'e staking ôf, en kaam nea werom op 'e filmset.

De distribúsje fan Rain Man waard fersoarge troch MGM/UA Communications, it distribúsjebedriuw fan Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), de memme-ûndernimming fan United Artists (UA). De film gie op 16 desimber 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Rain Man waard yn febrewaris 1989 ek fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn.

Fan 'e filmkritisy krige Rain Man oer it algemien tige positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Hoffman bewiist mar werris dat er suver liket te tierjen op ûnmooglike aktearútdagings. […] Ik fielde in beskate leafde foar Raymond, it personaazje fan Hoffman. Ik wit net krekt hoe't Hofmman my safier krige." Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte de film ek 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy hie fral lof foar Tom Cruise: "De krêft fan 'e film sit him winliken yn 'e aktearprestaasje fan Cruise." Ek skreau er: "De kombinaasje fan twa geweldige optredens makket de film de muoite fan it besjen wurdich."

Yn The New York Times omskreau Vincent Canby Rain Man as in "foechsum beskieden, fatsoenlik úttochte, soms grappige film." Hoffman syn aktearjen wie neffens him in "fertoan fan oanhâldinde firtuositeit […, dy't] gjin beklibjende bannen mei de emoasjes leit. It úteinlike effekt dêrfan hinget fierhinne ôf fan jins fetberens foar it byld fan in akteur dy't sûnder skoftsjen tige goed aktearret, mar dêrfoar gjin spesifyk driuwend dramatysk doel hat." Canby beskôge "de betize, ekonomysk en emosjoneel wanhopige Charlie, prachtich spile troch Cruise," as it "wiere sintrale personaazje fan 'e film."

Amy Dawes skreau yn it tydskrift Variety dat "ien fan 'e meast yntrigearjende útgongspunten fan in film dit jier […] in ûngelikense, wat misse útwurking" kriget. Sa neamde se de reissênes "rimpen, út 'e losse hân wei skreaun, mei in protte net ta de saak dwaande spyltiid." It lêste trêdepart fan 'e film bewûndere hja lykwols tige as in ôfskildering fan "twa tige isolearre wêzens" dy't "in mienskiplike skiednis en djippe bining ûntdekke." In resinsint dy't alhiel út 'e toan foel mei har negative beoardieling fan Rain Man, wie Pauline Kael yn it blêd The New Yorker. Sy skreau: "Alles yn dizze film is o sa humanistysk gearflânze op in oerflakkige wize sûnder druk. De film is wol effektyf: minsken gûle as se dernei sjogge. Fansels gûle se: it is in stik sentimintele kitsch."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rain Man in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 79 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dizze roadmovie oer in autistyske savant en syn oerflakkige broer is fier fan perfekt, mar de rezjy fan Barry Levinson is yndrukwekkend en de krêftige aktearprestaasjes fan Tom Cruise en Dustin Hoffman sterkje dy ynnimlikens noch oan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rain Man in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 18 resinsjes.

Rain Man brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $172,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $182,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $354,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $329,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Rain Man de meast opbringende film fan 1988.

By de Oscars waard Rain Man yn 1989 nominearre foar prizen yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste filmmontaazje en bêste artdirection. De film wûn 4 Oscars, foar bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Dustin Hoffman) en bêste orizjinele senario. By de Golden Globes waard Rain Man nominearre foar 4 prizen, wêrûnder bêste regisseur en bêste senario. De film wûn 2 Golden Globes, foar bêste film – drama en foar bêste akteur (Hoffman).

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn wûn Rain Man de haadpriis: de Gouden Bear. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard de film nominearre yn trije kategoryen, mei as wichtichste bêste akteur (Hoffman). De film waard ek nominearre foar de César du Cinéma, de wichtichste Frânske filmpriis, foar bêste bûtenlânske film. Rain Man wûn 2 Davids di Donatello, de wichtichste Italjaanske filmpriis, foar bêste bûtenlânske film en bêste bûtenlânske akteur (Hoffman). Ek wûn de film de Japanske Kinema Junpo Priis foar bêste bûtenlânske film, wylst er yn deselde kategory nominearre waard foar de Priis fan 'e Japanske Akademy.

Fierders wûn Rain Man de Directors Guild of America Award foar bêste rezjy fan in spylfilm, de People's Choice Award foar favorite dramafilm en de BMI Award foar bêste filmmuzyk. Ek waard er noch nominearre foar de Writers Guild of America Award foar bêste senario foar in film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.