[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Ramayana

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rāmāyaṇa)
Ramayana
algemiene gegevens
oarspr. titel रामायण ("Rāmāyaṇa")
auteur Vālmīki
taal Sanskryt
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun 5e – 4e iuw f.Kr.

It Ramayana, yn it oarspronklike Sanskryt: रामायण, sekuerdere transliteraasje: Rāmāyaṇa (útspr.: [rɑːmɑːjəɳə]; likernôch: "raa-maa-juh-nuh"), is ien fan 'e beide grutte epyske gedichten fan it hindoeïsme (it oare is it Mahābhārata). It bestiet út mear as 50.000 dichtregels en is gearstald fan 'e fjirde en fyfde iuw f.Kr. Yn dy tiid waard de haadpersoan, de godheid Rāma, wierskynlik noch net beskôge as in ynkarnaasje fan 'e oppergod Vishnu. Tradisjoneel wurdt dit epos taskreaun oan 'e wize en dichter Vālmīki.

It Rāmāyaṇa, dat oerset wurde kin as de "Reis fan Rāma" (of, frijer fertaald, as de "Wurken fan Rāma"), beskriuwt de syktocht fan Rāma nei syn troch de demon Rāvaṇa ûntfierde frou Sītā, dy't er úteinlik mei de help fan 'e apegod Hanuman út Rāvaṇa syn keninkryk Lanka (Sri Lanka) befrijt. It ferhaal giet yn prinsipe oer de striid tusken goed en kwea, mar leart de lêzer ûnderwilens in protte etyske lessen. It Rāmāyaṇa is de wichtichste religieuze tekst foar de vishnuïtyske hindoes fan 'e Rāma-Sītā-kultus. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ek in wichtich plak yn yn it boedisme, it jaïnisme en it sikhisme. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan Yndia en Nepal en teffens fan boedistyske Súdeastaziatyske lannen lykas Birma, Tailân, Laos en Kambodja, en sels fan it al sûnt iuwen islamityske Yndoneezje en Maleizje.

Opbou en oarsprong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Rāmāyaṇa is in epos fan likernôch 50.000 dichtregels, oardere yn 24.000 twaregelige fersen, 500 lieten en 7 boeken. It is hast twa kear sa lang as Homêros syn Ilias en Odyssee mei-inoar. Men is fan tinken dat it gearstald wêze moat yn 'e fjirde en fyfde iuw f.Kr., mar om't it orizjineel net oerlevere is en de âldst bewarre ferzje pas fan likernôch 1020 datearret, is it net mear mooglik en ûnderskied de ferskillende oanpassings dy't de tekst sûnt ûndergien hat.

Yn 'e Yndiaaske tradysje wurdt it Rāmāyaṇa unanym en yn syn folsleinens taskreaun oan 'e wize Vālmīki, dy't gauris beskôge wurdt as de earste Yndiaaske dichter. Mei't der letter withoefolle adaptaasjes en imitaasjes skreaun binne, wurdt de orizjinele ferzje dêrom it Vālmīki Rāmāyaṇa neamd. Teksthistoarisy en taalkundigen hawwe lykwols twifels oppenearre oangeande it bewearde auteurskip fan ien dichter; benammen it earste en it lêste boek fan it Vālmīki Rāmāyaṇa lykje op grûn fan ôfwikings yn it taaleigen en de skriuwstyl lettere tafoegings te wêzen.

Daśaratha, de kening fan Ayodhya, hat trije froulju en fjouwer soannen. De âldste is Rāma, de soan fan syn earste frou Kausalyā, en de twadde is Bhārata, de soan fan syn twadde en leaflingsfrou Kaikeyī. De oaren binne de twilling Lakṣmaṇa en Śatrughna. De tsjeppe prinsesse Sītā is de dochter fan 'e hearsker fan in buorkeninkryk fan Ayodhya. Op in swayamvara, in seremoanje wêrby't potinsjele brêgemannen harren bewize moatte, yn dit gefal om mei Sītā trouwe te meien, wurdt de houlikskandidaten frege om in reuseftige bôge te spannen. Net ien kin it ding sels mar optille, mar Rāma spant him net allinnich, hy brekt him midstwa. Dêrop kiest Sītā Rāma ta man.

In akteur yn it tradisjonele kostúm fan 'e tsienhollige demoanekening Rāvaṇa.

As kening Daśaratha ôftrede wol om syn lêste jierren as klúzner yn 'e bosk troch te bringen, is it syn bedoeling dat Rāma him opfolgje sil. Mar dan easket keninginne Kaikeyī op grûn fan in ûnthjit dat Daśaratha har ienris dien hat, dat ynstee hàr soan Bāratha kening wurde sil. De kening smeket har om him dêr net op te fergjen, mar hja set troch, en sa wurdt Bhārata ta kening útroppen, wylst Rāma fjirtjin jier lang yn ballingskip yn 'e bosk trochbringe moat. Rāma, dy't altyd om syn heite sizzen jout en macht net in protte skele kin, is it eins allikefolle oft er no yn ballingskip moat of op 'e troan komt. Sītā bepraat him om har mei te nimmen nei de bosk en ek syn jongere broer Lakṣmaṇa beselskippet him. As Bhārata útfynt hoe't syn mem him de troan besoarge hat, griist it him oan. Hy set nei de bosk ta en besiket Rāma oer te heljen en kom werom, mar dy wegeret dat. Uteinlik stimt Bāratha deryn ta om in soarte fan steedhâlder foar Rāma yn 't plak te wurden.

De jierren geane foarby en Rāma, Sītā en Lakṣmaṇa binne yn 'e bosk tige gelokkich. Op in dei besiket Surpenakha, in prinsesse fan 'e rākṣasa's (demoanen), om Rāma te ferlieden, en Rāma rekket moai fier ûnder har tsjoen, mar Lakṣmaṇa rêdt him troch har de noas en earen ôf te snijen en fuort te jeien. As Surpenakha har broer Khara dêrfan heart, bringt er in leger rākṣasa's gear om syn suster te wreekjen, mar Rāma en Lakṣmaṇa ferdylgje him en syn hiele leger. Dêrop keart Surpenakha werom nei har oare broer Rāvaṇa, de tsienhollige hearsker fan it eilân Lanka, dy't behalven om syn wiisheid ek bekend stiet om syn swak foar tsjeppe froulju, en fertelt him yn geuren en kleuren oer de kreaze Sītā. Rāvaṇa stjoert dêrop de rākṣasa Mārīca yn 'e foarm fan in gouden hart nei Rāma syn wâld ta. Sītā rekket alhiel yn 'e ban fan it bist en trunet Rāma oan om it foar har te fangen. Rāma en Lakṣmaṇa geane der dan nei op jacht, nei't se in magyske sirkel om Sītā hinne makke hawwe en har op it hert drukt hawwe om dêrbinnenyn te bliuwen, dêr't se feilich is. Sadree't se ôfset binne, ferskynt lykwols Rāvaṇa, yn 'e foarm fan in earmoedige âlde askeet, dy't om in jelmis biddelet. Sītā stapt út 'e sirkel om him wat te jaan, en wurdt dan daliks grepen en fuortfierd nei Lanka. Dêr wurdt se finzen holden, wylst Rāvaṇa om bar mei sjerpsmarren en drigemintsjen besiket har safier te krijen dat se mei him trouwe wol. Sītā bliuwt lykwols trou oan Rāma.

Rāma is alhiel telider slein as er thúskomt en Sītā ferdwûn is. Fan 'e gier Jayātu, dy't tsjûge wie fan 'e ûntfiering en deadlik ferwûne rekke is doe't er besocht om Sītā te rêden, hearre Rāma en Lakṣmaṇa úteinlik wat de bard is. Hja sette daliks ôf om Sītā te befrijen, mar witte net wêr't se hinne brocht is. Hja moetsje de apegod Hanuman en helpe him om Sugrīva, de rjochtlike kening fan 'e apen, dy't troch syn jongere broer ôfset is, wer oan 'e macht te bringen. Yn ruil foar de help fan Rāma en Lakṣmaṇa stjoere de apen dan ekspedysjes yn alle wynrjochtings om nei Sītā te sykjen. Dy't nei it noarden, easten en westen ta útstjoerd binne, keare sûnder wat bedijd te hawwen werom, mar de súdlike ekspedysje kriget fan 'e gier Sampāti te hearren dat Sītā nei it eilân Lanka ta brocht is.

In stiennen bas-reliëf fan in sêne út it Rāmāyaṇa op in boedistyske timpel te Banteay Srei, yn Kambodja (Rāma is dejinge mei de bôge, rjochts fan 'e midden.

Hanuman, dy't fleane kin om't syn heit de wyn is, giet op ferkenning út en ûntdekt wêr't Sītā fêstholden wurdt. Hy treast en bemoediget har, en hâldt op Lanka hûs mei beammen en gebouwen te ferrinnewearjen en rākṣasa's te fermoardzjen. Uteinlik lit er him fange en foar Rāvaṇa bringe, sadat er de kâns kriget om dyselde it mannewaar op te sizzen. Hy wurdt ta de dea feroardiele en fêstbûn wylst syn sturt yn 'e brân stutsen wurdt, mar hy brekt frij en springt mei syn brânende sturt fan dak nei dak en set sa hiele Lanka yn ljochte lôge. Dêrnei fljocht er werom nei Rāma om ferslach út te bringen.

Rāma, Lakṣmaṇa en it apeleger reizgje nei de kust fan Súd-Yndia, dêr't se fersterking krije fan 'e rākṣasa Vibhīṣaṇa, dy't mei syn broer Rāvaṇa yn ûnmin libbet. Mei-inoar bouwe se in driuwende brêge dwers oer see nei Lanka ta. Der folget in lange fjildslach tsjin it leger fan Rāvaṇa, wêrby't Rāma-en-dy úteinlik in dreech befochten oerwinning behelje. Rāma sels deadet Rāvaṇa, en ynstallearret Vibhīṣaṇa dan op 'e troan fan Lanka. As Rāma dêrnei weriene wurdt mei Sītā, freget er har, om 'e geroften oer har troubrek de kop yn te drukken, om in fjoerproef te ûndergean en sa har suverens te bewizen. Dêrop smyt Sītā harsels yn it offerfjoer en dan sjocht in elk hoe't Agni, de god fan it fjoer, har ûnskeind út 'e flammen tilt. Rāma en Sītā keare dan werom nei Ayodhya, dêr't Rāma it regear fan syn broer Bāratha oernimt, mei't de fjirtjin jier ûnderwilens om binne. Syn bewâld is in tiid fan frede en woltier.

It Sânde Boek, oftewol de Uttara Kāṇḍa, wurdt tsjintwurdich yn 'e regel beskôge as in lettere tafoeging oan it ferhaal fan Vālmīki. Opfallend is dat hjiryn ek de dichter sels foar it earst in rol spilet. Nei't Rāma de troan bestiget, bringt er jierren yn gelokkigens troch mei Sītā, mar nettsjinsteande it feit dat hja de fjoerproef ûndergien hat, bliuwe der geroften oer har ûnderstelde ûntrou bestean. Einlings jout Rāma ta oan 'e publike opiny en stjoert er Sītā yn ballingskip yn 'e bosk. Dêr wurdt har ûnderdak bean troch de wize klúzner Vālmīki. Sûnder dat Rāma it wist, wie Sītā swier doe't er har fuortstjoerde, en yn 'e bosk befalt hja fan in twilling, dy't hja Lava en Kuśa neamd. De jonges, dy't learlingen fan Vālmīki wurde, groeie op sûnder dat se witte wa't harren heit is. Underwilens skriuwt Vālmīki it Rāmāyaṇa, en hy leart Lava en Kuśa om it te sjongen. Letter nimt er harren mei nei in iepenbiere seremoanje dy't troch Rāma holden wurdt, en dêr lit er de jonges foardrage oer Sītā har ballingskip. Rāma wurdt der muoilik fan en dan lit Vālmīki Sītā komme. Hja ropt har mem, de ierde oan om har te ûntfangen, en as de grûn iepenskuort yn in kleau, wurdt sy deryn wei. Dan kriget Rāma foar it ferstân dat Lava en Kuśa syn soannen binne. Neitiid komt der in boadskipper fan 'e goaden om him tynge te dwaan dat de tiid fan syn ynkarnaasje foarby is. Rāma keart dêrop werom nei syn himelske wente.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side.