[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Predestinaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Predestinaasjelear)
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Predestinaasje is in religeus begryp út it Kristendom en nau ferbûn mei de fersoeningslear fan Augustinus. It begryp hâldt yn dat it lot fan in minske en fan de hiele skepping al fêstleit, noch foardat er berne is. Wat der dus op delkomt dat ien neat mear dwaan kin om syn lot te feroarjen.

Jehannes Kalvyn en Maarten Luter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De predestinaasjelear fan Jehannes Kalvyn en Maarten Luter, twa wichtige teologen en tjerkeherfoarmers út de 16e iuw hâlde yn dat God alles yn it foar bepaald en bestjoerd hie. Maarten Luter wie lykwols frijwat faach yn it omskriuwen wat de predestinaasje krekt ynhâlde foar it deistich libben.

Kalvyn wie jurist en dêrtroch better yn it omskriuwen fan it ûnderwerp. Hy definiearre de predestinaasje as decretum horribile ofwol grouwélich beslút en skreau wiidweidich oer it ûnderwerp. Hy fersmiet de gedachte dat predestinaasje liede moast ta in duldsume libbenshâlding en trúnde minsken oan hurd te wurkjen. Yn de Nederlânske Republyk foarme de predestinaasje yn de 17e iuw it grutte skeel tusken de remonstranten, dy't har fersmieten en de kontra-remonstranten, dy't har hanthavenje woene.