[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Pleachynsekt

Ut Wikipedy
Koalmich Delia brassicae

In pleachynsekt is in ynsekt dat skealik of lestich foar de minske is, alteast net-winske. It giet sawol om streekrjochte skea troch syktes oer te bringen as om skea troch bygelyks foar konsumpsje ornearre gewaaksen of bisten op te iten, te besmetten mei syktes, te fersmoargjen, te skansearjen of oanwêzich te wêzen op ytbere gewaaksen en siergewaaksen. Guon lidpoatigen dy’t net strikt by de ynsekten hearre wurde ek wol as pleachynsekten oantsjut, lykas miten en tiken.

Pleachynsekten komme út de meast útienrinnende groepen, de bekendste binne de fersprieders fan sykteferwekkers, lykas guon soarten neven, flieën en [[[Mich (ynsekt)|miggen]] lykas de malarianeef, de rotteflie en de tseetseemich. Dy ynsekten bringe ferskate fektorsykten oer, it oanbelangjend ynsekt wurdt dan de fektor fan de sykte neamd. Foarbylden binne westlike nylkoarts, knokkelkoarts, sliepsykte en malaria.

Bekende plante-iters binne de ferneamde treksprinkhoannen, rûpen (larven fan flinters, blêdluzen en krobben. Fan de lêste groep giet it faak allinnich om de larven, de krobben sels rjochtsje relatyf in bytsje skea oan omdat se net bot mear hoege te groeien, yn tsjinstelling ta de larven. Dat jildt foar wol mear groepen lykas de blêdminearders,de larven fan lytse, smelle flinters. In soad ‘mobile’ plante-iters binne njonken har ytgewoanten ferneamd troch it fersprieden fan útienrinnende plantesykten, fan skimmels oant firussen en baktearjes. Dat binne benammen blêdluzen, sprinkhoannen en sikaden.

De omfang en it soarte skea hinget fan it ynsekt ôf. Sa ite sprinkhoannen alle griene plantestikken, larven fan kjifkrobben boarje yn hout. Se taaste net allinnich libjende, sike of deade beammen oan, mar ite ek fan wichtige houtkonstruksjes yn huzen, húsrie of keunstwurken. Bekend foar skea oan klean is de kleanmot. De blêdminearders tankje harren namme oan de gongen (minen) dy’t se yn blêden frette. Wantsen en leden fan de blêdluze- en sikade-oarder Hemiptera ha mear puntige mûlstikken en sûge soppen út de plant. Foarbylden binne de wite mich, wollige doplús, thripsen, moalige koallús en de skyldluzen. Ek binne der ynsekten, lykas galwespen dy’t gallen meitsje, in soarte ytkeamer foar de larven. Dy ûntsteane nei’t it ynsekt in aai ôfset hat op in plant, en binne gauris bolfoarmige ferdikkings dy’t troch de plant sels oanmakke wurde. Galfoarmjende ynsekten binne benammen te finen by de miggen en neven (Diptera) en in tal groepen wapsen (Hymenoptera).

Oare ynsekten hawwe it wol foarsjoen op planten, mar nimme deade planten foar kar. Dat soarte ynsekten yt plantefoarrieden op lykas nôt en maïs. Foarbylden binne krobben as de klander, de moaltuorre en buffalowjirm, mar benammen de larven dêrfan. Oare ynsekten ite leafst dierlik guod, en ferskrânzgje har oan opsette bistekolleksjes. In ferneamd foarbyld binne de (larven fan de) museumkrobbe en tapytkrobbe.

In lân hat in list fan pleachynsekten dy’t yn dat lân (noch) net foarkomme, de saneamde karantêne-organismen. By ymport fan guod jilde stringe karantêne maatregels en wurde konteners begasse. Ek wurde fleantugen foardat se lânje yn de loft oan de bûtenkant ûntsmet.

Rol fan natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa goed as elke ynsektesoart hat natuerlike fijannen. Dat binne parasitoïden, predatoaren en sykten.

Dêrtroch binne lang net alle skealike ynsekten ek echt pleachynsekten. Sûnder natuerlike fijannen soe in net te beneamen ekonomyske skea oanrjochte wurde kinne en de pleachynsekten oanrekkene wurde moatte.

Gemyske bestriding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn earste oanlis leit it foar de hân ynsektepleagen mei help fan ynsektosiden te bestriden. Ynsektosiden binne lykwols faak skealik foar it miljeu. Dat kin yn it foarste plak negative gefolgen hawwe foar dejinge dy’t de pleachynsekten gemysk besiket te bestriden, benammen as der effisjinte natuerlike fijannen binne dy’t in soad te lijen hawwe fan de gemyske bestriding. Yn de rin fan de tiid wurdt de pleach hieltyd grutter en sil hieltyd yntinsiver bestriden wurde moatte.

Natuerlike fijannen fan oare skealike ynsekten, sels dy fan oare gewaaksen, kinne ek dea dien wurde sadat de tallen mar ek it tal soarten pleagen oanboazet op ferskate gewaaksen. In soad oare skea kin oan it miljeu dien wurde, bygelyks fersmoarging fan it grûnwetter, fergiftiging fan oare bistesoarten, benammen fan nuttige seksende ynsekten, fûgels en fisken. Residu’s fan bestridingsmiddels kinne fia it gewaaks troch de minske iten wurde en boppedat kinne pleagen faak resistinsje tsjin bestridingsmiddels ûntwikkelje.

Sterile-ynsekte-technyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In inkeld mei súkses tapaste metoade is de sterile-ynsekte-technyk. Mei dy metoade wurde op grutte skaal sterile mantsjes yn it fjild loslitten. Troch dy mantsjes befruchte wyfkes komt gjin neiteam fan, sadat de populaasje lytser wurdt.

Yntegrearre bestriding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich wurde faak in soad maatregels nommen wêrtroch gemyske besriding safier werombrocht wurde kin dat de skea oan it miljeu beheind wurdt. Dat gehiel oan maatregels neame jo yntegrearre bestriding (yn it Ingelsk: IPM: Integrated Pest Management). Dy bestridingsmetoade omfiemet njonken de gemyske bestriding ûnder oare: Biologyske bestridingsmetoade, ynsetten fan resistinte gewaaksen, oanpassen fan de wize fan buorkjen.

Genetetyske modifikaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feredelingsbedriuwen hawwe mei help fan genetyske modifikaasje ûnderwilens in hiele rigele genetysk modifisearre rassen kweekt en op de merk brocht. Sa binne maïsrassen resistint makke tsjin de maïswoartelboarder en katoen tsjin de Boll-wjirm (Anthonomus grandis).

Ek de malarianeef is genetysk oanpast, wêrtroch’t dy gjin malaria mear oerbringe kin.

Oft genetysk modifisearre soarten en rassen op termyn gjin skea opleverje foar it miljeu, is net oantoand.