[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Sukkubus

Ut Wikipedy
In sechstjinde-iuwsk houtfykwurk dat in sukkubus foarstelt (Cambridge).

In sukkubus (meartal: sukkuby) is in froulike demon of in demon dy't in froulike foarm oannommen hat, dy't yn dreamen oan manlju ferskynt en harren ferliedt, yn 'e regel troch seksuële aktiviteit. It wurd 'sukkubus' komt fan it yn 'e fjirtjinde iuw ûntstiene Latynske wurd succubus, dat ôflaat is fan succuba ("mêtresse"), dat wer komt fan succubare ("lizze ûnder" of "besliept wurde troch"), fan sub- ("ûnder-") en cubare ("op bêd lizze"). De manlike wjergader fan in sukkubus is in ynkubus. Neffens guon religieuze tradysjes, benammen fan 'e abrahamityske religyen, soe oanhâldende seksuële omgong mei in sukkubus liede ta lichaamlike en geastlike sûnensswierrichheden en úteinlik sels ta de dea. Yn moderne represintaasjes kinne sukkuby ek bûten dreamen ferskine en wurde se gauris foarsteld as tige oantreklike ferliedsters of tsjoensters, wylst se yn it ferline oer it algemien ôfbylde waarden as eangstoanjeiend en demoanysk.

Yn 'e Westerske folkloare

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan 'e bekendste foarstellings fan in sukkubus komt foar yn 'e mystike joadske tekst Zohar en yn 'e Midsiuwske rabbinale tekst Alfabet fan Ben Sira. Dêryn wurdt nammentlik in alternative ferzje fan it joadsk-kristlike skeppingsferhaal út Genesis jûn, wêryn't beweard wurdt dat Eva net de earste frou wie, en dat Adam alris troud west hie ear't God Eva skoep. Adam syn earste frou wie Lilith, dy't letter ta in sukkubus waard. Hja liet Adam nammentlik yn 'e steek foar de aartsingel Samael, en wegere om neitiid werom te kearen nei de Hôf fan Eden. Yn 'e zoharistyske kabbala wiene der fjouwer sukkuby dy't seksuële omgong hiene mei de aartsingel Samael en dêrtroch de fjouwer oarspronklike keninginnen fan 'e demoanen waarden: Lilith, Eisheth, Agrat bat Mahlat en Naamah.

Neffens de joadske folkloare kin in sukkubus de foarm fan in tsjeppe faam oannimme, mar sil har lichem by neier ynsjen in beskate wanskepenens hâlde, lykas fuotten yn 'e foarm fan 'e kloeren fan in rôffûgel of in sturt yn 'e foarm fan it efterliif fan in slange. Neffens deselde ferhalen soe it seksueel binnenkringen fan in sukkubus oanfiele as giet men in grot fan iis yn. Sukkuby soene fierders harren manlike slachtoffers twinge ta it útfieren fan kunnilingus op harren fagina's, dy't drippe soene mei urine en oare lichemsfloeistoffen (en dêrmei ûnrein wêze soene). Yn 'e lettere folkloare fan 'e Westerske wrâld spile de sirene in soartgelikense rol as de sukkubus.

De hiele skiednis fan it kristendom en it moderne joadendom troch besochten preesters en rabbinen (lykas Hanina ben Dosa en Abaye) de macht te beheinen dy't sukkuby oer manlju hawwe soene. Net alle sukkuby waarden lykwols as folslein kweadaardich beskôge. Neffens Walter Mapes, yn 'e satire De Nugis Curialium ("Kachelachjes fan Hôvelingen"), soe paus Sylvester II (r. 999-1003) in relaasje ûnderholden hawwe mei in sukkubus dy't Meridiana hiet, en dy't him holp om syn hege amt yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke te berikken. Oan 'e ein fan syn libben soed er syn sûnden opbychte hawwe en beroufol stoarn wêze.

Fermogen ta fuortplanting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de joadske mystyk, de kabbala, soene de oarspronklike trije keninginnen fan 'e demoanen, Agrat bat Mahlat, Naamah en Eisheth, en alle oare froulike demoanen allegear bern krigen hawwe. Lilith wie de iennichste dy't gjin bern krije kinne soe om't hja oarspronklik in minske wie en gjin demon. Neffens oare leginden, lykwols, hie Lilith wol deeglik bern, dy't lilin neamd waarden.

Neffens de Malleus Maleficarum oftewol de Heksehammer, in (kwea) ferneamd hânboek foar de bestriding fan hekserij, skreaun troch Heinrich Kramer yn 1486, soene sukkuby sperma sammelje fan 'e manlju dy't se ferliede. Dat sperma soe neitiid troch ynkuby brûkt wurde om bern oan te setten by de froulju mei wa't se seksuële omgong hiene. Sa waard útlein hoe't demoanen bern by minsklike froulju oansette koene nettsjinsteande it kristlike dogma dat se yn essinsje aseksuële wêzens wiene. Bern dy't op dy wize oanset wiene, saneamde cambions, koe men neffens de Malleus Maleficarum werom oan it feit dat se misfoarme te wrâld kamen of trochdat se fetberder wiene foar boppenatuerlike ynfloeden. Itselde boek leit lykwols net út wêrom't in minsklike frou dy't swier makke wurdt mei it sied fan in minsklike man net in gewoan minsklik bern te wrâld bringe soe.

In moderne cosplay-foarstelling fan in sukkubus.

Oan it begjin fan 'e santjinde iuw skreau kening Jakobus I fan Ingelân, dy't as haad fan 'e Anglikaanske Tsjerke ek religieuze macht útoefene, yn 'e dissertaasje Dæmonologie dat ynkuby en sukkuby deselde demoanen wiene. Hy woe ha, krekt sa't Tomas fan Aquino earder beweard hie, dat in demon earst in froulike foarm oannaam om (as sukkubus) it sperma fan in man te krijen, en dat sperma letter brûkte om (as ynkubus) in bern by in frou oan te setten. Neffens Jakobus soe it sperma trouwens ôfkomstich wêze fan koartlyn ferstoarne manlju, troch manipulaasje fan it deade lichem. In alternative metoade wie neffens him dat de demon in manlik lyk besette en seksuële omgong hawwe liet mei libbene minsken.

Yn 'e Arabyske folkloare

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Arabyske mytology bestiet in wêzen dat de qarīnaẗ of qarīnah (قرينة) hjit, dat frijwol itselde is as in sukkubus. De oarsprong fan qarīnaẗ giet miskien tebek oant it Egyptyske heidendom of mooglik op it animisme fan it pre-islamityske Araabje. Sokke wêzens soene manlju yn 'e sliep besykje en seksuële omgong mei harren hawwe dy't troch manlju ûnderfûn wurdt as wiete dreamen. Se soene ûnsichtber wêze, mar persoanen mei it saneamde 'twadde sicht' (in foarm fan bûtensintúchlike waarnimming) soene har gewaarwurde kinne, ornaris yn 'e foarm fan in kat, hûn of oar húsdier. Yn Sûdaan bestiet it leauwe dat in qarīnaẗ in geast is dy't jin yn 'e sliep beset. Dat soe lykwols inkeld by beskate manlju barre, dy't dêrom net trouwe kinne om't de qarīnaẗ harren dan kweadwaan sil. Manlju dy't yn 'e sliep troch sa'n wêzen besocht wurde, soene deawurch wekker wurde. Der besteane rituëlen wêryn't de namme fan God oanroppen wurdt om 'e qarīnaẗ te ferdriuwen.

Wittenskiplike ferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De moderne wittenskip hâldt it derop dat ferhalen oer oanfallen fan sukkuby en ynkuby ynjûn binne troch sliepferlamming, mooglik yn kombinaasje mei hypnagogy. Sliepferlamming is in wittenskiplik goed ûnderboud ferskynsel. Yn 'e REM-sliep wurdt de wurking fan it diel fan 'e harsens dat de beweging fan it lichem oanstjoert, ûnderdrukt, mei in foarm fan ferlamming as gefolch. De reden dêrfoar wurdt noch altyd net folslein begrepen, mar de measte saakkundigen geane derfan út dat it in evolúsjonêr ûntstien meganisme is dat foarkomme moat dat de dreamer de dingen yn 'e dream wier útlibbet. As dat proses fersteurd rekket, kin it liede ta sliepwanneljen en oar dreamdwaan, of, as oare uterste, sliepferlamming, wêrby't de slieper noch in lyts skoftke hielendal of foar in diel ferlamme bliuwt nei't hy of sy wekker wurden is.

Hypnagogy is it hawwen fan fisuële en auditive hallusinaasjes koart foar of ûnder it wekker wurden. Minsklike en bisteftige figueren komme, faak yn beskade of dizenige foarm, in soad foar yn sokke hypnagogyske hallusinaasjes. Der wurdt tocht dat dat in oerbliuwsel wêze kinne soe fan in âld ynstinkt om rôfdieren gewaar te wurden. In kombinaasje fan sliepferlamming en hypnagogy kin in tige bangmeitsjende ûnderfining wêze, en kombinearre mei it nachtlik tsjuster en eventueel mei in byleauwige ynstelling kin it net inkeld ferhalen oer sukkuby en ynkuby ferklearje, mar ek ferslaggen fan ûntfierings troch bûtenierdske wêzens.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.