[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Breedtegraad

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Suderbreedte)
Kaart fan de Ierde sjoen fan rjocht boppe de noardpoal. De parallellen rinne sirkulêr mei ferskillende radii.

De breedtegraad is tegearre mei de lingtegraad in geografyske posysjeoantsjutting yn bolkoördinaten. De breedtegraad fan in plak op Ierde is de hoeke dy't de ferbiningsline tusken dat plak en it middelpunt fan de Ierde mei it flak fan de evener makket. De breedtegraad farieart fan 0° oant 90°, mei de tafoeging NB (noarderbreedte, ten noarden fan de evener, op it noardlik healrûn) of SB (súderbreedte, ten suden fan de evener, op it súdlik healrûn). Ien graad (°) wurdt ûnderferdield yn 60 minuten ('), ien minút wurdt ûnderferdield yn 60 sekonden ("). Ien minút op in grutsirkel komt oerien mei in ôfstân fan ien seemyl of 1852 meter. In parallel of breedtesirkel is de line dy't alle punten ferbynt mei deselde geografyske breedte. Alle parallellen rinne lykstrekich oan elkoar. Ofsjoen fan de evener binne dit lytssirkels, wêrtroch de ôfstân fan in sekonde ôfnimt mei tanimmende breedte oant nul op de poalen.

De breedtebepaling kin dien wurde oan de hân fan de posysje en de beweging fan de stjerren oan de himel. De breedte kin op it noardlik healrûn ûnder mear bepaald wurde oan de hân fan de hichte fan de Poalstjer. Yn it ideale gefal stiet de Poalstjer op de Noardpoal yn it senit (op 90°, rjocht boppe de waarnimmer) en oan de evener oan de horizon (op 0°).

Wannear't krekter nei de plakbepaling sjoen wurdt, dan blykt dat de ôfbylding fan de ierde dy't brûkt wurdt in grutte rol spilet. De Ierde is net wier in bol, dat ôfhinklik fan de bol of ellipsoïde dy't wy as ôfbylding fan de ierde brûke, sille de waarden fan un plakbepaling oars útkomme. Men kin it dêrom eins net hawwe oer de lingte op de breedte. Yn Nederlân waard faak de lingte- en breedtegraad ten opsichte fan de ellipsoïde fan Bessel, en ek it ED50 referinsjesysteem brûkt. Tsjintwurdich wurdt hieltiten mear it WGS84 systeem brûkt. De lêste beide referinsjesystemen lizze yn Nederlân en Belgje yn it horizontale flak ûngefear 100 meter ferskood ten opsichte fan elkoar.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]