[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Saladin

Ut Wikipedy
Saladin, fan in 12e iuwske Arabyske kodeks
Saladin's fjildtochten yn Egypte

Yusuf Ibn Ayyub (1137 - 4 maart 1193) is better bekend as Saladin (yn it Koerdysk Selaheddînê Eyûbî, yn it Arabysk Salah ad-Din Yusuf Ibn Ayyub; صلاح الدين يوسف ابن ايوب). De titel Salah ad-Din betsjut 'De Rjochtfeardigens fan it Leauwe'.

Saladin wie in Koerdysk militêr lieder en stifter fan de Ayyubiede dynasty dy't oer Egypte en Syrje hearske yn de 13e iuw. Hy is ferneamd as de feroverder fan Jeruzalem op de Krúsfarders. Yn it Westen is hy ek ferneamd as de ferpersoanliking fan it Midsiuwske ridderideaal.

Hy is berne om 1138 hinne yn Tikrit. Hy giet yn tsjinst by de hearsker oer Syrje, Nureddin, waans heit Ayyub en syn omke Shirkuh wie. Hy beselskippe Shirkuh by syn fjildtocht tsjin Egypte. Nei de dea fan syn omke fersloech hy de Fatimiden en waard sa hearsker oer it Egyptyske ryk. Fan doe ôf begûn er it befel fan Nureddin te negearen. At Nureddin stjert, wurdt syn soan fan alve jier opfolger en koe Saladin Syrje maklik feroverje.

Fanút dy posysje ferovere hy yn 1187 Jeruzalem fannijs op de Krúsfarders nei de Slach by Hittin. Dêrnei begûn yn 1189 de Tredde Krústocht, ûnder oaren laat fan Richard I Liuwehert fan Ingelân. It slagge Richard net en feroverje Jeruzalem opnij, dat hy sluet úteinlik yn 1192 in ferdrach mei Saladin foar frije trochttocht fan kristlike pylgers nei Jeruzalem.

Op 4 maart 1193 stoar Saladin yn Damaskus. De skatkist hie noch krekt genôch jild foar syn begraffenis. It wie opgien oan oarloggen en jelmissen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: