[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

SC Lions '66

Ut Wikipedy
SC Lions '66
Oprjochte: 16 maart 1966
Plak: Ljouwert
Kompleks: It Kealledykje
Kompetysje: sneons sechde klasse
Tenu
webstee SC Lions '66

SC Lions '66 is in fuotbalklup út Ljouwert. De klup waard oprjochte op 16 maart 1966 as horekaferiening, mar de fuotballers woene ek graach kompetysje spylje en fan 1968 ôf spilet de klup yn de amateurkompetysje, earst yn de FVB en tsjintwurdich de KNVB. It grutste part fan harren bestean, fanôf begjin jierren sântich op in sportfjild oan de Marnixstrjitte tsjinoer de Frieslandhal. De klup hat no in fjild op sportkompleks It Kealledykje, oan de súdlike ein, neist de Mixed Hockeyklup Ljouwert.

  • Tenu: giel shirt, blauwe broek en giele sportsokken

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: