[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Nathaniel Hawthorne

Ut Wikipedy
Nathaniel Hawthorne tussen 1860 en 1864

Nathaniel Hawthorne (Salem, Massachusetts 4 july 1804 - 18 maaie 1864) wie in Amerikaansk skriuwer fan romans en koarte ferhalen. Syn heit wie kaptein op de grutte feart. Hy wie in neisiet fan John Hathorne, ien fan de rjochters by de Hekseprosessen fan Salem. Om syn komôf te bemanteljen is de w yn de namme kaam.

Rillegau nei't er fan skoalle kaam yn 1825, publisearre er sels - anonym - it boek Fanshawe yn 1828. Syn twadde roman The Scarlet Letter út 1850 is syn meast ferneamde boek wurden. It ferhaal spilet him ôf yn de koloaniale tiid fan syn berteplak Salem; it is yn in tradisjonele styl skreaun dy't oan dy tiid tinken docht. Hy publisearre ferskate koarte ferhalen yn ferskillende tydskriften, dy't yn 1837 bondele útbrocht waarden ûnder de titel Twice-Told Tales. It jier dêrop ferloofde er him mei Sophia Peabody. Hy wurke by in tolhûs en gie by Brook Farm, in transendintaliste mienskip, foardat er Peabody boaske yn 1842. It pear ferhuze nei The Old Manse yn Concord (Massachusetts) en letter nei Salem, the Berkshires, om úteinlik te bedarjen yn it hûs The Wayside yn Concord. The Scarlet Letter kaam út yn 1850, folge troch in rige oare romans. In politike beneaming brocht Hawthorne en syn húshâlding yn Europea; yn 1860 kamen sy werom yn The Wayside. Hawthorne stoar 19 maaie 1864.

In protte fan Hawthorne syn wurk draait om Nij Ingelân en befettet morele allegoryen mei in puritynske ynslach. Syn fiksje wurdt ta de Romantyske beweging rekkene, útsoarte it dark romanticism. De tema's yn syn wurk draaie faak om it kwea en de sûnde anneks oan it minskdom, en it wurk hat faak in moreel boadskip en in yngeande, komplekse psychology. It wurk dat publisearre waard bestiet út romans, koarte ferhalen en in biografy fan syn freon Franklin Pierce.

  • Twice-Told Tales (1837)
  • Grandfather's Chair (1840)
  • Mosses from an Old Manse (1846)
  • The Snow-Image, and Other Twice-Told Tales (1852)
  • A Wonder-Book for Girls and Boys (1852)
  • Tanglewood Tales (1853)
  • The Dolliver Romance and Other Pieces (1876)
  • The Great Stone Face and Other Tales of the White Mountains (1889)
  • The Celestial Railroad and Other Short Stories
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nathaniel_Hawthorne fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: