[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Mago Barka

Ut Wikipedy

Mago Barka (Punysk: 𐤌𐤂‬𐤍 𐤁𐤓𐤒‬, MGN BRQ; 243–203 f.Kr.), wie in Kartaachske generaal yn de Twadde Punyske Oarloch, in soan fan Hamilkar Barka en de jongste broer fan Hannibal.

De Wikipedy hat ek in side Barkiden.

De namme Mago wie in typyske jongesnamme ûnder de Kartaachske elite. It betsjutte "troch god stjoerd".

De cognomen BRQ betsjutte "tongerynslach" of it "skinen". It komt oerien mei de Arabyske namme Barq, de Hebriuwske namme Barak en de Grykske namme Keraunos, dêr't it de namme fan generaals wie. De namme waard oan Mago syn heit Hamilkar en dy syn trije soannen jûn om ûnderskaat te meitsjen.

Hy die yn it jier 216 f.Kr. oan de fjildtocht fan syn broer Hannibal yn Itaalje mei. Nei de Slach by Cannae brocht er it boadskip fan de oerwinning nei Kartago en gie dêrnei nei Ibearje (Hispania), dêr't er mei syn oare broer, Hasdrubal Barka, tsjin de Romeinen focht. Yn 211 f.Kr. fersloech er mei him en in oare generaal, Hasdrubal Gisko, de romeinske bruorren Publius Kornelius Skipio I en Gnaius Kornelius Sipio Kalvus yn de Slach by de Boppe-Baetis.

Nei it ferfarren fan syn broer Hasdrubal nei Itaalje, waard Mago beneamd ta de oerbefelhawwer fan de kartaachske striidkrêften yn Ibearje. Yn 206 f.Kr. waarden Mago en syn generaal Hasdrubal Gisko en harren bûnsmaat, de eastnumidyske kening Massinissa, lykwols troch Skipio Afrikanus, de soan fan Publius Skipio, yn de Slach by Ilipa ferslein. Hasdrubal Gisko en Massinissa en harren oerbleaune striidkrêften lutsen harren nei Noard-Afrika werom.

Mago ferfear oer Gades (Cádiz) nei it eilân Menorka en oerwinterje dêr. Yn 205 f.Kr. ferfear er dêrwei nei Liguerje om dêr de striid tsjin de Romeinen fuort te setten. By in wapenstilstân, justjes foar de ein fan de kriich, waard er hjitten en kear werom nei Kartago. Wylst er nei Kartago weromfear waard er en syn manskippen troch de romeinske marine oanfallen en hy rekke dêrby ferwûne. Ear't er yn Kartago oankaam, ferstoar er oan syn ferwûnings.

Mago Barka is mooglik de stifter en de nammejouwer fan de stêd Mahón op Menorka. De wrâldferneamde saus mayonêze is neamd nei dy stêd[1].

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: