[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Loerdes

Ut Wikipedy

Loerdes (Frânsk: Lourdes) is in stêd yn it departemint Hautes-Pyrénées yn Frankryk en it grutste katolike beafeartsplak yn Frankryk. Loerdes leit yn it suden fan it lân yn de útrinners fan de bergen fan de Pyreneeën en der wenje om-ende-by 17.000 minsken.

Yn 1858 ferklearre Bernadette Soubirous, in yn dy tiid 14-jierrich famke, dat sy tusken 11 febrewaris en 16 july ferskate kearen ferskiningen fan Maria, de mem fan Jezus sjoen hie yn de Grot fan Massabielle.

Yn 1864 waard der in stânbyld oprjochte ta eare fan Us-Leaffrou fan Loerdes op it plak dêr't de ferskiningen barden. Ek waard der in kapel boud dy't al gau te lyts wie. Dy soe letter as krypte tsjinje foar de earste basilyk, de Basilyk fan de ûnbeflekte ûntfangenis. Yn de rin fan de tiid waarden dêr noch twa basiliken en ferskate oare gebouwen by boud, dy't tsjintwurdich allegearre diel útmeitsje fan it hillichdom fan Us-Leaffrou fan Loerdes.

Bernadette Soubirous gie letter yn it kleaster en waard hillich ferklearre yn 1933.

Yn de rin fan de skiednis hat de Roomsk-Katolike Tsjerke ferskate wûnderbaarlike genezingen erkend. Dêrfoar waard yn 1905 it Buro fan de medyske fêststellings en yn 1947 it Ynternasjonaal Medysk Komitee fan Loerdes oprjochte. Op 11 novimber 2005 waard troch it Fatikaan de 67e offisjele wûnderbaarlike genêzing erkend.

It hiele jier troch, mar benammen fan maart oant oktober, komme pylgers út hiel Jeropa, en fan oer de hiele wrâld, nei it hillichdom om der te bidden en harren te laavjen oan it saadswetter dêr't heilsume kwaliteiten oan taskreaun wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]