[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Kontrakt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerienkomst)
In fersekeringskontrakt út 1796.

In kontrakt (fan it Aldfrânske contract) of oerienkomst is in wetlik binende ôfspraak tusken minimaal twa persoanen en/of organisaasjes oangeande wat dy mei-inoar of foarinoar dwaan of litte sille. De dielnimmers oan in kontrakt wurde wol de 'partijen' neamd of spesifiker de kontraktanten. De bedoeling fan it sluten fan in kontrakt is om in saneamde win-winsitewaasje te kreëarjen, wêrby't alle partijen dy't by in kontrakt belutsen binne, foardiel ûnderfine fan it neikommen fan 'e ôfspraken. De term 'kontrakt' is beheind ta it sivyl rocht; it ekwivalint fan in kontrakt yn it steatsrjocht is in ferdrach.

Elts lân hat syn eigen wetten oangeande it sluten fan kontrakten, dy't mei-inoar it kontraktrjocht neamd wurde. By kontrakten tusken persoanen of organisaasjes út ferskillende lannen bepaalt it ynternasjonaal privaatrjocht hokker regels (of: de regels fan hokker lân) oft dêrop fan tapassing binne. Dêrfan kin ôfwykt wurde by arbitraazje, in klausule yn it kontrakt dêr't troch de kontraktanten yn ôfsprutsen wurde kin ûnder hokker rjocht of de arbiters eventueel harren útspraak dwaan sille.

Faak binne yn in kontrakt ek ôfspraken opnommen oer de rintiid, de perioade wêrfoar't it kontrakt jildt. Minderjierrigen, lju dy't ûnder ynfloed fan alkohol of drugs ferkeare en minsken mei in geastlike beheining wurde wilsûnbekwaam achte, en kinne dêrom oer it algemien gjin binende kontrakten ôfslute.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.