[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Inka-Ryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Inka-ryk)
It Inkaryk yn ferkate tiidrekken
De Inkastêd Machu Picchu

It Inka-Ryk wie in Yndiaansk ryk dat him yn 'e Midsiuwen yn 'e Andes, yn Perû, ûntjoech. Der wurdt gauris sprutsen fan "de Inka's", mar dat is eins in misse namme, mei't inkeld de hearskers fan it ryk de titel fan Inca droegen. Yn 'e trettjinde iuw wreide it Inka-Ryk him út oer in grut diel fan it Andesberchtme, sadat it úteinlik rikte fan Kolombia oant Sily. Mear as 20 folken waarden troch it ryk ûnderhearrich makke. Uteinlik strûpte it Inka-Ryk der yn 'e santjinde iuw frij einfâldich ûnder doe't de Spanjerts de westkust fan Súd-Amearika berikten, mei de Yndianen net opkoene tsjin it moderne wapenark fan 'e Jeropeänen. De hjoeddeiske ôfstammelingen fan 'e "Inka's" binne de Ketsjûa (Quechua), dy't noch altyd in grut part fan 'e Perûviaanske befolking foarmje.


Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.