[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Haringhuizen

Ut Wikipedy
Haringhuizen
Doarpsstrjitte
Doarpsstrjitte
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Hollâns Kroan
Sifers
Ynwennertal 180 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade 2515
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 49'NB, 4° 49'EL
Kaart
Haringhuizen (Hollâns Kroan)
Haringhuizen

Haringhuizen is in doarp yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e provinsje Noard-Hollân. Iuwenlang hat it al in twillingdoarp west mei Barsingerhorn en ea foarmen de twa doarpen de stêd Barsingerhorn.

Haringhuizen hat 180 ynwenners (1 jannewaris 2023).

It doarp waard foar it earst neamd doe't Suw fan Harinxhuysen yn 1123 begroeven waard yn 'e muorren fan 'e abdij fan Egmond. It doarp ûnstie doe't it waad súd fan Barsingerhorn yn 'e 12e iuw stadichoan drûchfoel. Nei de bou fan in tsjerke yn 1325 waard it doarp ek wol Nijtsjerk (Niewkerck) neamd. Op 12 maaie 1415 joech greve Willem VI it doarp tegearre mei Barsingerhorn stedsrjochten.

Lang ha de doarpen Barsingerhorn en Haringhuizen in twillingdoarp west. Boargerlike en tsjerklike saken waarden meiïnoar dield. Nei 1815 krige Haringhuizen in eigen dûmny.

De ynfiering fan 'e postkoade yn 1978 brocht Haringhuizen en Barsingerhorn in soad swierrichheden. De doarpen leine 3 km fan inoar, mar hiene deselde siferkombinaasje, itjinge betizing joech by de postbesoarging en helptsjinsten wisten ek de wei net te finen. Guon rûteplanners wiisden de minsken nei it ferkearde doarp. Dat late ta it útstel om de namme Haringhuizen te skrassen en yn in strjitnamme om te setten. Dat late ta ferset ûnder de doarpsbewenners. Lang om let makke de gemeenteried bekend dat de doetiidske gemeente Niedorp 10.000 euro beskikber stelle soe foar de feroaring fan 'e postkoade. It trelit soarge foar lannelik omtinken yn 'e media.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Willibrordustsjerke waard yn it earste fearn fan 'e 15e iuw boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Haringhuizen


Gemeente Hollâns Kroan
Doarpen:
Anna PaulownaBarsingerhornBreesânDen OeverHaringhuizenHippolytushoefKolhornKreilKreileroordLutjewinkelMiddenmeerNieuwe NiedorpNieuwesluisOosterlandOude NiedorpSlootdorpStroeVan Ewijcksluis't VeldWesterlandWieringerwaardWieringerwerfWinkelZijdewind
Utbuorrens:
De HaukesKleine SluisMoerbeekVatropVerlaat (foar in part) • Westerklief
· · Berjocht bewurkje