[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Kwantumkompjûter

Ut Wikipedy

De Kwantumkompjûter is yn wêzen in kompjûter mei in sintrale ferwurkingsienheid (Ingelsk prosessor) dy't de ynformaasjebitten by it ferwurkjen net bewarret op gewoane fysike bitten mar yn qubitten. Fysike bitten binne bygelyks lytse magnetyske partsjes dy't òf oan òf út dien wurde kinne. De ienen en nullen fan kompjûterkoaden kinne sa by it ferwurkjen in fraksje fan in tel bewarre wurde. Qubitten binne altiten fysyk en steane foar kwantumbitten of kwantumdieltsjes. Sa'n dieltsje hat neffens wittenskippers de mooglikheid om tagelyk en los faninoar foar twa ferwurkings in nul of in ien te bewarjen. Qubitten soene mei't se tagelyk foar twa berekkeningen wurkje kinne, de (rekken)faasje fan 'e kompjûter mei sprongen foarút helpe kinne.

De earste eksperiminten mei sa'n kwantumkompjûter begûnen om it jier 2000 hinne troch de firma D-Wave yn it Kanadeeske Vancouver. Fan klanten as Google, NASA en Lockheed Martin is bekend, dat se mei qubitten ekspirimintearje. De earste D-Wave prosessor hie 128 en de twadde 512 qubitten.

Dit artikel is in stobbe oer technology‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.