[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Kubike meter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kubike kilometer)
In kúb los steapele hout (in 'stêre').

In kubike meter, gauris ôfkoarte ta kúb en werjûn mei it symboal , is in ynhâldsmjitte yn it metrike stelsel fan it Système International (SI), dy't oerienkomt mei de ynhâld fan in kubus fan 1 meter lang, 1 meter breed en 1 meter heech. In alternative beneaming foar in kubike meter, dy't selden brûkt wurdt en dan noch inkeld foar floeistoffen, is kiloliter. Yn Nederlân wurdt it drinkwetter- en ierdgasferbrûk fan húshâldings troch wetter- en gasmeters werjûn yn kubike meters.

Foar fêste stoffen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By fêste stoffen sit der gauris loaze romte (lucht) tusken de stof dêr't it om giet. Dat is bygelyks by brânhout it gefal. Men sprekt dan fan in losse kúb hout, wêrby't de tuskenromtes meirekkene binne by it berekkenjen fan 'e kubike meter. By in fêste kúb hout rekkenet men de tuskenromtes lykwols net mei, wat betsjut dat in fêste kúb hout mear romte ynnimt as in losse kúb hout (feitliks likernôch 1,7 kúb). De term 'stêre' is in âlde (mar noch altyd brûkte) oantsjutting foar in kreas opsteapele losse kúb hout.

Om't it folume fan in hoemannichte gas sterk ferminderet as it gearparse wurdt, wurde gassen foar hannelsdoelen metten yn normaal kubike meters (faak oantsjut as Nm³, hoewol't dat gjin offisjele ôfkoarting is fan it SI, en boppedat betizing jaan kin mei de N fan newton). In normaal kubike meter is in hoemannichte gas, technysk frij fan wetterdamp, dy't by de saneamde 'normaaltemperatuer', faak 0 °C (oftewol 273,15 K) en de saneamde 'normaaldruk', faak 1,01325 bar, in folume ynnimt fan 1 m³.

Foar ierdgas wurdt it tal kubike meters fierders noch omrekkene nei dat fan gas mei in kaloaryske boppewearde fan 35,17 MJ de kubike meter. By in gas dat bygelyks in 5% hegere kaloaryske wearde hat as normaal, wurdt 5% mear normaal kubike meters yn rekken brocht. By de 'gruthannel' yn ierdgas wurde de hoemannichten tsjintwurdich trouwens net mear yn kubike meters, mar yn kilowattoere ferrekkene.

Omrekkenings nei gruttere en lytsere ynhâldsmjitten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
lytser as in kubike meter
  • 1 kubike meter is gelyk oan 1.000.000.000 kubike milimeter (mm³) of 1.000.000.000 mikroliter (µL)
  • 1 kubike meter is gelyk oan 1.000.000 kubike sintimeter (sm³) of 1.000.000 mililiter (mL)
  • 1 kubike meter is gelyk oan 1.000 kubike desimeter (dm³) of 1.000 liter (l of L) en 1 kubike desimeter is gelyk oan 0,001 kubike meter of 1 liter
grutter as in kubike meter

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.