[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Kleopatra VII

Ut Wikipedy
Búste fan Kleopatra, Altes-Museum Berlyn

Kleopatra VII (jannewaris 69 f.Kr.12 augustus 30 f.Kr.) wie keninginne fan it Alde Egypte. Yn 51 waard sy tegearre mei har broer Prolemaeus XIII kening, mar soe yn 48 ferdreaun wurde. Mei de komst fan de Romeinske lieder Caesar, waans leafste sy waard, kearde sy werom op de troan, diskear tegearre mei har twadde broer, Ptolemaeus XIV. Sy joech Caesar in soan, Caesarion (simmer 47), en folge him nei Rome ta dêr't sy oant en mei de moard op Caesar yn 44 bleau. Nei syn dea kearde sy yn Egypte tebek, dêr't sy har broer fergiftige lit. Yn 41 waard sy de beminde fan Markus Antonius, dêr't sy mei troude yn 37 en trije bern joech. Neidat tusken Oktavianus en Markus Antonius in breuk ûntstie en de slach by Aktium ferlern waard, pleecht sy selsmoard.

Kleopatra kin yn ferbân brocht wurde met it getal fan it beest, 666, neffens de Italiaanske taalkundige Francesco Carotta.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: