[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Keninkryk Mersia

Ut Wikipedy
Flagge fan Ingelân
Flagge foar de krite Mersia yn de 13e iuw
It keninkryk Mersia. It oarspronklike gebiet yn de 6e iuw is donkergrien. De grutste omfang yn 7e oant de 9e iuw is yn 't ljochtgrien oanjûn

Mersia (Ingelsk: Mercia; Aldingelsk: Mierce, "grinsfolk") wie in Angelsaksysk keninkryk yn Ingelân, dat part wie fan de heptargy. It gebiet roan fan de Noardsee oant Wales. It ryk waard stifte yn it begjin fan de 7e iuw, kende in tiid fan bloei ûnder kening Offa (757/758 – 796), mar waard yn begjin 9e iuw ûnderwurpen troch Egbert fan Wesseks.

De earste kening fan Mersia dêr't wy fan witte, wie Creoda, dy't om 585 hinne oan de macht kaam. In earste tiid fan bloei, dêr't Mersia yn in grut part fan Ingelân behearske, wie ûnder kening Penda (stoarn 655). Dêrnei foel it werom oant de tiid fan kening Ethelbald (716 - 757). Hy moast him yn 't earstoan ferwarre tsjin sterk rivalen yn Kent en Wesseks, mar nei harren dea en ôfgean wist er de hegemony oer de keninkriken te krijen. Hy wûn de titel Bretwalda. Ek Offa, dy't koart nei de dea fan Ethelbald de macht krige, wist dy status te berikken.

Koart dêrnei wist Egbert fan Wesseks in wichtige en beskiedende slach te winnen (by Ellendun, 825) en dat betsjutte de ein fan de oerhearsking fan Mersia. Fan dy tiid ôf wie it Wesseks dat de lieding ûnder Ingelske keninkriken hie.

Yn 852 kaam Burgred op de troan dy't yn 'e mande mei Ethelwulf fan Wesseks Noard-Wales ûnderwurp. Yn 868 besetten de Wytsingen (út Denemark) Nottingham. De Denen ferdreaune Burgred út syn ryk yn 874 en beneamdenand Ceolwulf II yn syn plak. Yn 877 ferôveren de Wytsingen it eastlik diel fan Mersia.[1] Ceolwulf, the last king of Mercia, was left with the western half, but he disappeared by 881.[2] Fan 883 oant 911 regearre greve Æthelred fan Mersia oer Mersia ûnder de kening fan Wesseks, sels wie er gijin kening. Æthelred boaske oan Æthelflæd, dochter fan Alfred de Grutte fan Wesseks. Nei't de Wytsingen lang om let ferslein wienen yn Ingelân, yn de Slach fan Ettelred, dêr't Æthelred slim ferwûne rekke en oan de gefolgen stoar, waard Æthelflæd ‘Lady of the Mercians’ oant har dea yn 918. Yn 917 ferdriuwt hja de Denen út Derby. Nei har dea wurdt har dochter it bewâld oer Mersia ôfnomd en komt it feitlik oan Wesseks.

List fan keningen fan Mersia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Mersia (lykas by de oare hearsker yn de heptargy) wurde meast oannaam.
De Angelen haadman Icel komt mei syn folk fan oer de Noardsee nei (wat no) Grut-Brittanje is.

# NAMME PERIOADE Opmerkingen:
- Icel 488 - 501 soan fan Eomer, lêste Angelske kening op it kontinint.
- Crebba 501 - 566 soan fan Icel
- Cynewald 566 - 584 soan fan Crebba
1 Creoda 584 - 593 soan fan Cynewald
2 Pybba 593 - 606 soan fan Creoda
3 Cearl 606 - 626 broer (of neef?) fan Pybba
4 Penda 626 - 653 soan fan Pybba
5 Eowa 635 - 642 soan fan Pybba; mei-kening
6 Peada 653 - 656 soan fan Penda
655 - 658 oerhearsking troch Oswiu, kening fan Bernicia (642-670)
7 Wulfhere 658 - 675 soan fan Penda
8 Aethelred I 675 - 704 soan fan Penda
9 Coenred 704 - 709 soan fan Wulfhere
10 Coelred 709 - 716 soan fan Aethelred I
11 Coelwald 716 soan fan Aethelred I (keningskip net wis)
12 Aethelbald 716 - 757 neisiet fan Eowa
13 Beornred 757
14 Offa 757 - 796 neisiet fan Eowa; + kening yn Kent en East Anglia
15 Egfrith 787 - 796 soan fan Offa
16 Coenwulf 796 - 821 neisiet fan Pybba; + kening yn Kent en East Anglia
17 Cynehelm ? - 812 of 821 soan fan Coenwulf; + kening yn East Anglia
18 Ceolwulf I 821 - 823 broer fan Coenwulf; + kening yn Kent en East Anglia
19 Beornwulf 823 - 826 keazen; (faaks) neisiet fan Beornred ; + kening yn East Anglia
20 Ludeca 826 - 827 keazen
21 Wiglaf 827 - 829 keazen
829 - 830 oerhearsking troch Egbert, kening fan Wesseks (802-839) + Esseks, Susseks, Kent
21 Wiglaf 830 - 840 (opnij)
22 Wigmund 840 soan fan Wiglaf, skoansoan fan Ceolwulf I
23 Wigstan 840 soan fan Wigmund
24 Beorthwulf 840 - 852 (mooglik) neef fan Wigstan
25 Burgred 852 - 874 keazen
26 Ceolwulf II 874 - 883 (mooglik) soan fan Wigmund
27 Aethelred II 883 - 911 keazen; erkent Alfred de Grutte fan Wesseks as oerhearsker

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frank Stenton, Anglo-Saxon England, Oxford University Press, 1971, s. 254
  2. Dizze datum jout it Wikipedia en: artikel oer Ceolwulf, mar in Mersiaanske list fan keningen skriuwt him in regearperoade fan fiif jier ta (Stenton, p. 259n)