[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Koptysk-Otterdokse Tsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koptysk-Ortodokse Tsjerke)
Koptysk-Otterdokse Tsjerke
De Sint-Markuskatedraal yn Kaïro.
De Sint-Markuskatedraal yn Kaïro.
algemiene ynformaasje
off. namme Koptyske Otterdokse Tsjerke fan
   Aleksanderje
stifting 42 n.Kr.
ûnôfhinklik 451 (f.d. Roomsk-Katolike Tsjerke)
erkenning 1973 (Roomsk-Katolike Tsjerke)
titel primaat paus fan Aleksanderje en patriarch
   fan Hiele Afrika op de Hillige Sit
   fan Sint Markus
sit primaat Aleksanderje (Egypte)
fierdere bysûnderheden
streaming oriïntaalsk-otterdoksy
tsjerketaal Koptysk
ledetal 16.000.000 (skatting, 2012)
webside www.copticpope.org

De Koptysk-Otterdokse Tsjerke, folút: de Koptyske Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje (Koptysk: Ϯϵκκληϲια Νρϵμνϧημι Νορθοδοξοϲ Ντϵαλϵξανδριαϲιϲ, Ti-Ekklēsiya En-Remenḵēmi En-Orṯodoxos Ente-Alexandriasis), is in kristlike tsjerke fan oriïntaalsk-otterdokse synjatuer. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e paus fan Aleksanderje en patriarch fan Hiele Afrika op de Hillige Sit fan Sint Markus (sa't de titel yn syn folsleinens is). De Koptysk-Otterdokse Tsjerke brûkt it Koptysk, in deade taal dy't ôfstammet fan it Egyptysk út 'e tiid fan 'e farao's, as tsjerketaal. De oanhing fan dizze tsjerke is yn 'e tweintichste iuw oer de hiele wrâld fersille rekke. De Koptyske mienskip yn Fryslân tsjerket yn 'e eardere grifformearde tsjerke fan Hilaard.

Oanhing en fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in skatting út 2012 hat de Koptysk-Otterdokse Tsjerke likernôch 16 miljoen leden, wêrfan sa'n 12 miljoen yn Egypte en nochris ûngefear 4 mijoen om utens. De Koptyske diaspoara is benammentlik konsintrearre yn 'e Feriene Steaten (mear as 1 miljoen) en lannen as Austraalje (70.000), Frankryk (60.000), Kanada (55.000) en it Feriene Keninkryk (30.000). Allinnich yn dy lêste beide lannen is de nasjonale Koptysk-otterdokse tsjerke autonoom (yn 'e foarm fan 'e Britske Otterdokse Tsjerke en de Frânske Koptysk-Otterdokse Tsjerke); fierders falle alle bisdommen om utens streekrjocht ûnder de tsjerkehierargy yn Aleksanderje.

In Koptysk-otterdokse tsjerke om utens, yn 'e Jordaanske haadstêd Amman.

Yn Nederlân libben yn 2010 likernôch 6.000 Koptysk-otterdoksen, dy't in eigen biskop hawwe. Der binne sân parochys, wêrûnder Amsterdam, De Haach, Utert, Eindhoven, Ynskedee en Assen. De jongste befynt him yn it Fryske Hilaard. Dêr tsjerket nammentlik de Koptyske mienskip fan Fryslân, besteande út sa'n 80 gesinnen, yn wat foarhinne de grifformearde tsjerke wie. Foartiid moasten dy lju altyd op en del reizgje nei Amsterdam of Assen ta, mar doe't yn 2000 de grifformearde en herfoarme gemeenten fan Hilaard yn it ramt fan 'e ienwurding fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân de lapen gearsmieten, en sadwaande de Hilaarder grifformearde tsjerke frijkaam, is dy oernommen troch de Kopten. De earste jierren hearde de Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke yn Hilaard ta de parochy Assen, mar yn 2008 waard it in selsstannige parochy. Sûnt 2005 is de Koptysk-Otterdokse Tsjerke in folweardich lid fan 'e Rie fan Tsjerken yn Nederlân.

De tsjerke yn Egypte waard stifte troch Sint Markus (te uzes better bekend as de apostel Jehannes Markus), yn it jier 42. Oars as op oare plakken wiene de earste leauwenden yn Egypte gjin bekearde joaden of Gryksktalige heidens, mar ynstee leden fan 'e lânseigen Koptysktalige befolking. Binnen in heale iuw fersprate it kristendom him troch it hiele lân, al bleau it yn 't earstoan noch beheind ta de stêden. Yn 'e twadde iuw begûn it ek it plattelân te berikken, en waarden de hillige geskriften oerset yn it Koptysk, dat fan dy tiid ôf in ûnferwrigbere posysje as tsjerketaal ynnaam. Healwei de fjirde iuw wie it hiele lân fierhinne kristenene.

Yn 451 fûn der op it Konsylje fan Galsedon in skisma plak, wêrby't it grutste, westerske part fan tsjerke it learstik oannaam dat Jezus Kristus ien persoan wie mei twa folsleine natueren, de iene minsklik, de oare godlik. Guon lytsere, easterske dielen fan 'e tsjerke fersmieten dit dogma, en holden ynstee fêst oan 'e lear fan it Earste Konsylje fan Efeze (431), dat Jezus it godlike en it minsklike feriene yn ien wêzen (de lear fan it monofysitisme). Sa ûntstiene de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, dêr't ek de Koptysk-Otterdokse Tsjerke ta heart. Pas yn 1973 kaam it ta in fermoedsoening mei de Roomsk-Katolike Tsjerke, doe't der in moeting plakfûn tusken de Koptyske paus fan Aleksanderje Shenouda III en de paus fan Rome Paulus VI.

In Koptysk-otterdoks kleaster te Aswan, yn Egypte.

Fan âlds wie Aleksanderje in sintrum fan leardheid. Benammen de Kategetyske Skoalle, dy't neffens de tradysje troch Jehannes Markus sels noch stifte wie, late in protte teologen op en loek oaren oan foar fierdere stúdzje of foar it debat. Ek it kristlik monastisisme en it kleasterwêzen fynt syn oarsprong yn it iere Koptyske kristendom.

Tusken 395 en 642, doe't Egypte ta it Byzantynske Ryk hearde, hiene de Koptysk-Otterdokse Tsjerke en syn leauwenden slim te lijen ûnder ferfolgings troch de Gryksk-otterdokse patriargen, dy't troch de Byzantynske keizers oansteld waarden as steedhâlders en tagelyk ek as tsjerklike lieders oer Egypte. Withoefolle Egyptners stoaren as ketters de marteldea mei't se wegeren, sels ûnder slimme tramtearrings, om 'e galsedoanyske learstikken te erkennen.

Tusken 639 en 642 waard Egypte ferovere troch it Islamityske Ryk. De Koptyske befolking helle de moslims yn as befrijers en focht aktyf mei tsjin 'e Byzantynske oerhearskers. Hoewol't Egypte nei de ferovering yn 't earstoan in kristlik lân ûnder islamitysk bewâld wie, begûn dat stadichoan te feroarjen, earst troch ymmigraasje fan moslims út Araabje wei, en letter trochdat almar mear Koptysk-otterdoksen en oare lânseigen kristenen har ta de islam bekearden. Dat lêste hie net allinnich te krijen mei religieuze tinkbylden, mar ek mei praktyske omtinkens, om't de Omajadyske kalifen de kristlike ynwenners in hegere belesting opleine as de moslims. Fral de begoedige boargerij, lykas keaplju, waarden troch sok belied nei de islaam ta dreaun, wat de ekonomyske basis fan 'e Koptysk-Otterdokse Tsjerke ûndermine.

Hoewol't it islamitysk regear earst in ferromming wie, nei de iuwen fan Byzantynske ûnderdrukking, kaam it letter yn 'e Midsiuwen, nei geraden dat it religieus lykwicht ferskode yn it foardiel fan 'e moslims, op 'e nij ta ferfolgings fan net sasear spesifyk de Koptysk-Otterdokse Tsjerke, mar fan alle kristenen. In grutte katalysator foarmen datoangeande de Krústochten, dy't ûnder de mearderheid fan 'e moslims sa'n grutte ôfkear fan it kristendom opwekken, dat dy it byld dat der yn 'e islaam fan it kristendom bestiet oant hjoed de dei beynfloedet. Benammen ûnder it bewâld fan 'e Mamelûken (1250-1517) hiene de kristenen slim te lijen.

Pas yn 'e njoggentjinde iuw, yn 'e snuorje fan stabyl bestjoer dy't de Mohammed Ali-dynasty oer Egypte brocht, begûn de maatskiplike posysje fan 'e Kopten te ferbetterjen. Sa waard yn 1855 de ǧizya-belesting ôfskaft, dy't inkeld kristenen oplein waard, en waard it kristenen koarte tiid letter foar it earst tastien om yn it Egyptyske leger te tsjinjen. Ek de Koptysk-Otterdokse Tsjerke gie mei yn dy weach fan fernijing. Sa stifte paus Syrillus IV de earste moderne skoallen, de earste Egyptyske famkesskoalle ynbegrepen. Syrillus IV wie ek in grut foarstanner fan oekumene en fermoedsoening mei oare kristlike denominaasjes. Dêr sette er him sa foar yn, dat de Gryksk-otterdokse patriarch fan Aleksanderje, doe't dy op reis om utens moast, Syrillus IV as syn pleatsferfanger oanstelde. Yn 1893 waard fierders noch it Teologyske Kolleezje fan 'e Kategetyske Skoalle fan Aleksanderje stifte om preesters in moderne oplieding jaan te kinnen.

Dochtertsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de tweintichste iuw foel ek de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke organisatoarysk sjoen ûnder de Koptysk-Otterdokse Tsjerke, hoewol't de pausen fan Aleksanderje datoangeande sa fier fan it fjoer ôfsieten dat harren macht yn Etioopje yn 'e praktyk tige beheind wie. Yn 1948 waard der oerienstimming berikt oer de autosefaly (it selsbestjoer) fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke. Nei mear as tsien jier fan tarieding waard yn 1959 troch paus Syrillus VI abune Baslios kroane ta de earste patriarch fan Etioopje. De patriargen fan Etioopje bleaune lykwols rekkenskip skuldich oan 'e pausen fan Aleksanderje.

Nei't Eritreä yn 1993 ûnôfhinklik wurden wie, gie dêr de rop om in eigen nasjonale tsjerke op. Yn 1994 stelde paus Shenouda III in eigen aartsbiskop oan foar de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke, en yn 1998 waard dat tsjerkgenoatskip mei tsjinnichheid troch de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke as autosefaal erkend. Datselde jiers noch waard de earste Eritreesk-otterdokse patriarch wijd.

De Koptysk-Otterdokse Tsjerke ferkeart noch altiten yn folsleine kommuny mei syn beide dochtertsjerken, en de Etiopysk- en Eritreesk-Otterdokse Tsjerken erkenne de eare-supremasy fan 'e paus fan Aleksanderje, mei't de Koptysk-Otterdokse Tsjerke feitliks harren memmetsjerke is. Sadwaande binne de patriargen fan dy beide tsjerken nei harren ferkiezing de goedkarring fan 'e Hillige Synoade fan Aleksanderje brek, al is dat yn 'e measte gefallen in formaliteit, en is der eins neat de paus fan Aleksanderje dwaan kin as er it alris net iens wêze mocht mei de kar dy't yn Addis Abeba of Asmara makke wurdt (sa't bliken die yn 1979, doe't de militêre diktatuer yn Etioopje in eigen kandidaat ta patriarch kieze liet en de Aleksandrynske synoade dêr syn goedkarring oan ûnthold).

Paus Shenouda III.

Resinte ûntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 17 maart 2012 ferstoar Shenouda III, de 117de paus fan Aleksanderje op 'e Hillige Sit fan Sint-Markus. Hy hie de Koptysk-Otterdokse Tsjerke laat fan 1971 ôf. Op 4 novimber 2012 waard biskop Tawadros (Teodoarus) fan Behira keazen ta de 118de paus yn in ritueel yn 'e Abbasiya-katedraal te Kaïro, dat mank gie mei gebedens, koarsang en wijreek, en wêrby't in blyndoeke bern in bryfke mei syn namme derop út in glêzen kom loek dêr't de nammen fan alle kandidaten yn sieten. Hy bestige dyselde deis noch de Sit fan Sint-Markus ûnder de namme Tawadros II.

Sûnt de tachtiger jierren is de Koptysk-Otterdokse Tsjerke behelle yn oekumenysk oerlis mei de oare oriïntaalsk-otterdokse tsjerken en teffens mei de eastersk-otterdokse tsjerken om te besykjen en los de ûnderlinge teologyske ûnienichheden op.

Sûnt 1998 moetsje de lieders fan 'e trije oriïntaalsk-otterdokse tsjerken yn it eastlike Middellânske-Seegebiet (de Koptysk-Otterdokse Tsjerke, de Syrysk-Otterdokse Tsjerke en it Katolikosaat fan Silysje fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke) inoar ien kear yn 't jier om te oerlizzen oer mienskiplike problemen en om 'e ûnderlinge bannen oan te heljen.

Yn de simmer fan 2001 kamen de Koptysk-Otterdokse Tsjerke en de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje oerien om inoars doopseremoanjes te erkennen, sadat by it oerstappen fan 'e iene nei de oare Egyptyske tsjerke werdopen ûnnedich wurden is. Ek erkenne se sûnt dy tiid inoars houliksseremoanjes. Foartiid moast by in houlik tusken in Koptysk-otterdokse en in Gryksk-otterdokse kristen twa ûnderskate tsjerketsjinsten plakfine, in Koptysk-otterdoksenien en in Gryksk-otterdoksenien. No kin it houlikjen dien wurde yn ien fan beide tsjerken en dan de erkenning fan allebeide genietsje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.