[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Kompjûteranimaasje

Ut Wikipedy
In foarbyld fan hoe't kompjûteranimaasje ûntstiet troch de motion capture-technyk.

Kompjûteranimaasje, ek bekend as digitale animaasje, is in proses wêrby't kompjûters brûkt wurde om bewegende bylden oan te meitsjen. It is in foarm fan computer-generated imagery (better bekend ûnder de ôfkoarting CGI), dêr't ek stilsteande bylden ûnder falle dy't mei kompjûters makke binne. Moderne kompjûteranimaasje makket yn 'e regel gebrûk fan trijediminsjonale kompjûterbylden, hoewol't twadiminsjonale kompjûterbylden noch altyd brûkt wurde as dêr in stylistyske reden foar is, as dat moat fanwegen in lege bânbreedte en om de animaasje yn real-time wer te jaan.

Kompjûteranimaasje is eins de digitale opfolger fan stop-motiontechniken dy't gebrûk meitsje fan trijediminsjonale modellen, en fan mei de hân tekene animaasjetechniken dy't gebrûk meitsje fan byld-foar-byldanimaasje foar twadiminsjonale yllustraasjes. Behalven foar tekenfilms wurde kompjûteranimaasjetechniken ek ynset foar special effects yn live action-films, mei't kompjûteranimaasje better te behearskjen en faak ek goedkeaper is as prosessen op fysike basis, lykas it brûken fan minatueren foar special effects-opnames of it ynhieren fan grutte klibers figuranten foar massasênes. Ek kin men mei kompjûteranimaasje bylden kreëarje dy't op gjin inkele oare manear makke wurde kinne soene.

Om 'e yllúzje fan beweging te skeppen, makket kompjûteranimaasje gebrûk fan in byld dat sjen litten wurdt op in byldskerm en dan oanhâldend ferfongen wurdt troch in nij byld dat hast itselde is, mar dat in posysje hat dy't in hiel lyts bytsje oars is. Dat wurdt dien mei in faasje fan 24, 25 of 30 byldsjes de sekonde, sadat it foar it minsklik each liket as ûntstiet der in floeiende beweging. Dy technyk is identyk oan hoe't de yllúzje fan beweging kreëarre wurdt troch de opname fan live action-films en -tillefyzjebylden.

Om twadiminsjonale animaasjes te meitsjen wurde yllustraasjes brûkt dy't opboud binne út ferskate trochsichtige lagen of key frames, sadat de animator by bgl. in minsklik figuer earms, skonken, eagen, mûle, hier, klean, ensfh. apart faninoar bewege litte kin. As de animator oanjout wat er wol dat der bart, wurde de ferskillen yn beweging fan 'e key frames troch de kompjûter automatysk berekkene yn in proses fat tweening of morphing hjit. It byld dat as resultaat fan dat proses ferskynt, hjit in rendering.

Om trijediminsjonale animaasjes te meitsjen, wurde modellen yn 'e kompjûter opboud, wêrnei't fysike figueren (lykas minsken) optûgd wurde mei in firtueel skelet, sadat de kompjûter waarnimme kin hoe't se bewege. Mei dy gegevens kin it kompjûterprogramma dan it model dyselde bewegings meitsje litte. By sokke trijediminsjonale animaasjes kinne alle bylden pas rendere wurde nei't de modellearringsfaze mei it firtueel skelet ôfrûne is. Foar presintaasjes foarôfgeande oan it fêstlizzen fan de úteinlike film wurde de rendere bylden ornaris oerbrocht nei in oar medium, lykas digitale fideo. It is ek mooglik om bylden yn real-time te renderjen foar in einpublyk. De earste kompjûteranimaasje, mei as namme Hummingbird ("Kolibry"), waard yn 1967 makke troch Charles Csuri en James Shaffer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.