[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Fisken

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fisk)
Fisken
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
ynformele groep: fisken (Pisces)

De fisken (Latynske namme: Pisces of Ichthyes) foarmje in ynformele (want parafyletyske) groep organismen, dy't heart ta it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) en de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata). It binne wetterbisten mei in plasse, dy't sykhelje troch kiuwwen. Ornaris binne fisken kâldbloedich, en wurdt har lichemstemperatuer dus bepaald troch de temperatuer fan it wetter dêr't se yn swimme. De measte fisken hawwe fierders in hûd dy't oerdutsen is mei skobben, en bewege har troch it wetter fuort mei finnen. De tûke fan 'e biology dy't amfibyen bestudearret, hjit de ichtyology.

De ierste organismen dy't foar fisken oanmurken wurde kinne, wiene weakhûdige wringedieren dy't foar it earst yn it Kambrium ferskynden. Hoewol't dy noch gjin wiere wringe hiene, beskikten se al oer in wringe-eftige struktuer dy't har fleksibelder yn har bewegings makke as de bisten dêr't se út fuortkamen. De fisken evoluëarren stadichoan fierder, en de earste fisk mei kaken ferskynde yn it Siluer. Dêrnei ûntjoegen guon fisken (lykas de haaien) har ta formidabele rôfdieren, dy't oant hjoed de dei ta oan 'e top fan de itenskeatling yn 'e seeën steane. Tsjintwurdich binne der sa'n 32.000 ûnderskate soarten fisken, dy't in gruttere biodiversiteit toane as lykfol hokker oare groep wringedieren ek. Yn grutte fariëarje se fan 'e 16 m lange walfiskhaai (Rhincodon typus) oant it dwerchgrintsje (Schindleria brevipinguis), dat mar 8 mm grut is. Fisken komme no rûnom foar yn hast alle oerflaktewetters, fan lytse swietwetterstreamkes heech yn 'e bergen, oant yn 'e djipste trôgen yn wrâlds oseanen.

In walfiskhaai, de grutste libbene fiskesoart, dy't in lingte fan 16 m berikke kin (en folslein ûngefaarlik is).

Relaasje mei de minske

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fisken foarmje oer hast de hiele wrâld in wichtige itensboarne foar de minske. Troch kommersjele en tradisjonele fiskerij wurde fisken bejage, en guon soarten wurde dêrnjonken tsjintwurdich ek kweekt yn fiskkwekerijen. Angeljen wurdt troch in protte lju beskôge as in aardich tiidferdriuw of in moaie leafhawwerij, wylst oaren it sjogge as bistemishanneling en besykje om der it near op te lizzen. Guon soarten fisken, lykas goudfisken, koarpers en gupkes, wurde holden as húsdier, binnendoar yn akwaria of bûtendoar yn fivers, wylst der ek akwaria besteane dy't de foarm fan in dieretún hawwe, en dêr't it publyk hinne gean kin om 'e (faak eksoatyske) fisken te besichtigjen. Ek yn 'e minsklike kultuer hawwe fisken troch de iuwen hinne in wichtige rol ferfolle, bygelyks as godheden en as religieuze symboalen, mar ek as it ûnderwerp fan keunst, boeken en films.

Ta de fisken hearre ferskate groepen wringedieren, wêrûnder de kaakleaze fisken (Agnatha) en fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) de kreakbienfisken (Chondrichthyes), pânserfisken (Placodermi), stikelhaaien (Acanthodii) en bienfiskeftigen (Osteichthyes), mar net de fjouwerpoatigen (Tetrapoda). Om't de oantsjutting "fisken" negatyf útlein wurde moat ("dy en dy, mar net dy"), wurdt dizze term tsjintwurdich troch de biology as parafyletysk, d.w.s. net mear as in jildige namme beskôge, en kin er allinnich noch ynformeel brûkt wurde. Foar it deistich spraakgebrûk makket soks fansels gjin inkeld ferskil, mar foar de wittenskip besteane "de fisken" eins net, útsein as morfologyske omskriuwing. Hjirûnder de taksonomyske opbou fan 'e ûnderstamme fan 'e wringedieren, wêrby't de fet skreaune groepen ta de fisken hearre:

In seedraakje, in soarte dy't nau besibbe is oan it bekendere seehynderke. De blêdeftige útstyksels binne bedoeld om dit stadich swimmende bistke te kamûflearjen tusken seewier.
De kabeljau, ien fan 'e fiskesoarten dy't kommersjeel en histoarysk sjoen it wichtichst foar de minske wie en noch is.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.