[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Filsen

Ut Wikipedy
Filsen
Rheinuferstrasse
Rheinuferstrasse
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
kring Rhein-Lahn-Kreis
ferbânsgemeente Loreley
Sifers
Ynwennertal 648 (2021)
Oerflak 1,85 km²
Befolkingsticht. 350 ynw./km²
Hichte 75 m.
Oar
Postkoade 56341
Koördinaten 50° 14' N 7° 35' E
Offisjele webside
www.filsen.de
Kaart
Filsen (Rynlân-Palts)
Filsen

Filsen is in plak oan de Ryn yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It doarp makket diel út fan de Rhein-Lahn-Kreis en falt ûnder de ferbânsgemeente Loreley.

It plak leit foar Boppard oer midden yn de grutste ludze fan de Middelryn. By Filsen giet regelmjittich in oerset nei Boppard oan de oare kant fan de Ryn.

Filsen wurdt yn it jier 1230 foar it earst as 'Vilze' neamd yn in dokumint oer in skinking fan wynareaal oan it kleaster Eberbach. Op 6 febrewaris 1276 wurdt foar it earst de oan Gallus fan Switserlân wijde tsjerke fan 'Vilzene' neamd. Oarspronklik wie de wynbou tige wichtich foar it doarp, oant yn Filsen yn de 19e iuw sa massaal op de tylt fan kersen oerskeakele waard, dat de hiele wynbou dêr ferdwûn.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • de Gallus- en Margaretatsjerke;
  • It âlde riedshûs;
  • Ferskillende fakwurkhûzen.