[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Faas Wilkes

Ut Wikipedy
Servaas Wilkes
Faas Wilkes (1955)
Faas Wilkes (1955)
persoanlike bysûnderheden
namme Servaas Wilkes
bynamme Il Tulipano Volante
Mona Lisa van Xerxes
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 13 oktober 1923
berteplak Rotterdam
stjerdatum 15 augustus 2006
stjerplak Rotterdam
klupskiednis
posysje Oanfaller
jeugdteams
1933-1934
1934-1941
HION
Xerxes
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1941-1949
1949-1952
1952-1953
1953-1956
1956-1958
1958-1959
1959-1962
1962-1964
Xerxes
Internazionale
Torino FC
Falinsia CF
VVV-Venlo
Levante UD
Fortuna '54
Xerxes
127(89)
95(47)
12(1)
62(38)
64(23)
34(20)
87(32)
47(19)
nasjonaal team
1946-1961 Nederlân 38(35)

Servaas (Faas) Wilkes (Rotterdam, 13 oktober 1923 — dêre, 15 augustus 2006) wie in bekende Nederlânske beropsfuotballer, dy't syn debút makke foar it Nederlânsk fuotbalalvetal op 10 maart 1946 yn de mei 6-2 wûne ynterlân tsjin Lúksemboarch.

Dizze fuotbaljende gentleman wurdt sjoen as ien fan de bêste en sierlikste Nederlânske fuotballers fan alle tiden. En as twaskonkige dribbelkening wie hy benammen bekend om syn lange rushes en pingeljen. Foar Johan Cruijff wie Faas Wilkes it grutte foarbyld. Dêrom noadige hy Wilkes yn 1999 út foar de wedstryd fan it "Oranje fan de iuw." Faas Wilkes stoar op 82-jierrige leeftyd yn syn wenplak Rotterdam oan de gefolgen fan in hertstilstân.

De earste jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faas Wilkes moast fan jongsôf oan meubelmakker wurde om tegearre mei syn broer it transportbedriuw fan syn heit en omke, ferhuzerij Fa. Wilkes & Soannen ( letter as A. Wilkes en Soannen ) oer te nimmen. De ferhuzerij wie dochs net syn ropping en op 14 april 1941 debutearre hy by Xerxes op 17 jierrige leeftyd tsjin CVV (6-0).

Yn dy tiid wienen der yn Nederlân noch gjin profs, mar Wilkes woe dochs mei fuotbaljen syn brea fertsjinje. Wilkes en syn broer Leen dy't doelman wie by XerXes ferhuzen nei MVV yn ruil foar twa Bedford frachtweinen. Yn de amateur fuotbalwrâld fan doe wie dat in skande en Wilkes krige in spylferbod oplein fan in jier. Wilkes en syn broer hawwe hjir doe fan ôfsjoen en dat seizoen spile hy dochs foar Xerxes.

Nei it bûtenlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1949 krige Faas Wilkes dan dochs wat er socht, in club dêr't hy mei fuotbaljen jild fertsjinje koe. Ynter Milaan bea him in kontrakt oan fan 60.000 gûne per jier. Hy wie nei Bep Bakhuys en Gerrit Vreeken, dy't beide nei Frankryk gienen, de tredde Nederlânske fuotballer dy't yn it bûtenlân spyljen gie. Mar dit wie de earste echte grutte transfer fan in Nederlânske fuotballer nei in bûtenlânske topclub. De KNVB wie hjir lykwols net bliid mei en sleat Wilkes fanwege syn prof-status foar in oantal jier út fan it Nederlânsk alvetal. By de begraffenis fan Wilkes sei KNVB-foarsitter Jeu Sprengers dat soks net moatten hie.

Yn Itaalje spruts syn spulstyl en uterlik de fans daliks oan en Wilkes waard as gau de stjerspiler fan Inter. Hy krige dêr de bynamme "Il Tulipano". Healwei 1952 keapet Torino him wei by Ynter. Troch in knibbelblessuere wurdt it lykwols in teloarstellend jier by Torino en Wilkes giet nei it Spaanske Falensia. By dizze Spaanske club bloeit hy wer hielendal op en wurdt hy letterlik nei in wedstryd op de skouders fan de supporters troch de stêd droegen as earbetoan foar syn optreden. Tegearre mei twa oare bûtenlanners, Alfredo Di Stéfano (Real Madrid) en Ladislao Kubala (FC Barcelona), groeide hy út ta de meast legindaryske fuotballer fan Spanje yn dy tiid.

Werom yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei troch gesondheidsproblemen kaam Wilkes yn 1956 werom nei Nederlân. Hy keas foar VVV út Fenlo omdat dy him in jiersalaris fan 50.000 gûne betelje woenen. It Nederlânske fuotbal wie lykwols noch net botte profesjoneel en hy koe dêrtroch net mear aardzje yn Nederlân. Nei twa seizoenen kocht Wilkes himsels frij en gie as spiler/trener nei it Spaanske Levante yn Falensia. Nei in jier by Falensia spile Wilkes noch trije seizoenen foar Fortuna '54 en op 38-jierrige ferliet hy Fortuna foar syn earste leafde Xerxes wêr't hy oant syn 40ste jier syn fuotbalkarriêre ôfboud hat. Ofskie fan it fuotbal naam hy yn 1964. Nei syn fuotbalkarriêre hie hy mei syn frou in moadesaak yn Rotterdam.

Nederlânsk alvetal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De linige dribbelder kaam 38 keer út foar Oranje, en skoarde 35 kear. Dit oantal goals hie folle heger wêze kind as hy tusken 1949 en 1956 gewoan foar Oranje útkomme mochten hie. Pas mei't it proffuotbal yn Nederlân stadichoan ynfierd waard, wie hy wer wolkom as ynternasjonal. Dochs is hy mei dat oantal lange tiid, fan 4 novimber 1959 oant 4 july 1998, rekordhâlder bleaun. Dennis Bergkamp losse him úteinlik ôf as rekordhâlder. Wilkes spile syn lêste ynterlân yn 1961.

Tegearre mei Abe Lenstra en Kees Rijvers foarme Wilkes yn Oranje wat destiids "it gouden binnentrio" neamd waard. Fan de tsien ynterlâns dy't hja mei inoar spilen waard mar ien ferlern.

Faas Wilkes wie in tige technyske spiler, dy't it leafst de bal by him hold. Dat hat ris ta de fersuchting fan Lenstra laat dat fuotbal dochs echt mei alve tsjin alve spile waard, mar Wilkes reagearde: "Abe, as ik der fjouwer foarby bin, is it noch mar sân tsjin alve."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: