[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Ernest Renan

Ut Wikipedy
Ernest Renan
Ernest Renan yn 'e 1870-er jierren (foto fan Antoine Samuel-Adam-Salomon).
Ernest Renan yn 'e 1870-er jierren
(foto fan Antoine Samuel-Adam-Salomon).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Ernest Renan
nasjonaliteit Frânsk
berne 28 febrewaris 1823
berteplak Tréguier (Bretanje)
stoarn 2 oktober 1892
stjerplak Parys
etnisiteit Bretonsk
Oksitaansk
wurkpaad
berop/amt taalkundige, filosoof,
   skiedkundige
aktyf as publisist
jierren aktyf 18481892

Ernest Renan (folút: Joseph Ernest Renan; Frânske útspr.: [ʒoˈsɛf ɛʁˈnɛ ʁeˈnã], likernôch: "zjoo-sef ech- chee-nâng"; Tréguier, 28 febrewaris 1823Parys, 2 oktober 1892) wie in Frânsk taalkundige, filosoof, skiedkundige en publisist Bretonsk etnysk komôf. Hy wie tige foaroansteand yn syn tiid en waard beskôge as in earsten ekspêr op it mêd fan Semityske talen en beskavings. Renan betocht ek ferskate ynfloedrike teoryen, benammen oangeande nasjonalisme en nasjonale identiteit.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Renan waard yn 1823 berne yn it havenplak Tréguier, oan 'e kust fan Bretanje. Hy kaam út in famylje fan fiskers mei fûleindich republikeinske politike opfettings. Syn pake hie mei fiskerij in lyts fortún fertsjinne, en syn heit wie kaptein fan in fiskersboat. Syn mem wei de dochter fan in royalistyske ambachtsman út it oanbuorjende plak Lannion. De ferskillende politike opfettings fan syn âldelju soarge foar frijwat striid yn 'e hûs doe't Renan noch hiel jong wie, en dêrtroch bleau er him syn hiele libben bewust fan 'e gefoelichheid fan sokke dingen. Syn mem wie mar heal-Bretonsk; de famylje fan har heit kaam út Bordeaux, en Renan sei letter gauris dat yn syn eigen aard de Gaskonjer en de Breton altyd deilis wiene.

It bertehûs fan Ernest Renan yn Tréguier, no it oan him wijde Ernest Renan Museum.

Renan syn heit ferstoar doe't er noch mar fiif jier wie, wêrnei't syn doe santjinjierrige suster Henriette in grutte ynfloed op syn opfieding krige. Dyselde ferfear letter nei Parys om leararesse te wurden oan in kostskoalle foar jongedames fan stân. Renan genoat ûnderwiis oan 'e roomske skoalle yn Tréguier, oanfolle troch lessen fan syn mem. Yn 1838, doe't er fyftjin jier wie, regele Henriette dat er oan in skoalle yn Parys trochleare koe. Fan 1840 ôf studearre er fierders oan it seminaarje fan Issy-les-Moulineaux om syn toarst nei kennis te dwêstgjen.

Renan wie folslein fan doel om preester fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke te wurden. Mar doe't er him nei it ôfrûnjen fan syn stúdzje oan it seminaarje en foarôfgeande oan syn preesterwijinge oan it Kolleezje fan Saint-Sulpice ferdjippe yn taalkunde, rekke er syn leauwe kwyt, alteast wat de roomske dogma's oanbelange dy't it útgongspunt wiene fan in bestean as preester. Want doe't er de Bibel út taalkundich eachpunt beseach, besefte er dat de twadde helte fan it bibelboek Jesaja fan it foarste part ferskilt, net inkeld yn skriuwstyl, mar ek yn skriuwdatum, dat de grammatika en skiednis fan 'e Pentateûch fan folle letter datearje as de tiid fan Moazes, en dat it boek Daniël dúdlik iuwen letter skreaun is as de tiid dêr't it yn spilet. Temûk fielde it foar Renan as wie syn takomst him ûntstellen, want hy dreamde noch altyd fan in bestean as preester. Mar yn 'e striid tusken ropping en oertsjûging waard de oertsjûging de ropping oermânsk. Yn oktober 1845 hold er definityf op mei syn tarieding foar it preesterskip en fan dat stuit ôf learde er fierder oan lekekolleezjes.

Ernest Renan yn syn studearkeamer op in tekening fan Anders Zorn.

As jonge wittenskipper wurke Renan oerdeis as suppoast om himsels te ûnderhâlden, wylst er jûn fierder learde yn 'e taalkunde, spesifyk wat de Semityske talen oangie. Yn 1847 wûn er de Volneypriis, ien fan 'e wichtichste ûnderskiedings dy't ferjûn waard troch de Académie des Inscriptions, foar syn doe noch net útkommen Histoire Générale et Systèmes Comparés des Langues Sémitiques. Datselde jiers rûne er syn stúdzje ôf en krige er in baan oanbean as learaar oan it lyseum fan Vendôme.

Bibelwittenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Renan waard benammen bekend as de skriuwer fan Vie de Jésus, in libbensbeskriuwing fan Jezus Kristus, dy't yn 1863 útkaam. Hy skreau it idee foar it boek ta oan syn suster Henriette, mei wa't er yn it Osmaanke Syrje en Palestina reizge doe't se koarts krige en hommels ferstoar. Mei inkeld it Nije Testamint en in eksimplaar fan it wurk fan Flavius Josefus by him sette er doe útein mei skriuwen. It boek wie fierhinne basearre op it Evangeelje fan Jehannes en wie bedoeld as in wittenskiplik wurk. Renan beskreau Jezus as in minske en net as in god (of in diel fan God) en wiisde de wûndertekens ôf dy't Jezus neffens de kanonike evangeeljes ferrjochte hawwe soe. Mar neffens yn syn tiid folslein akseptabele antysemityske ideeën skreau Renan ek dat Jezus himsels "suvere" hie fan syn Joadske eigenskippen en dat er dêrtroch in Aarjer en in kristen wurden wie. In soad kristlike lêzers wiene poerrazen oer it ûntkennen fan 'e godlike natuer fan Jezus, wylst de measte Joaden lulk wiene oer de beskriuwing fan it joadendom as dwaas, absurd, ûnlogysk en dúdlik ynferieur oan it kristendom. Nettsjinsteande dat wie Vie de Jésus yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw geweldich populêr.

Renan wie net inkeld in drûge wittenskipper, mar ek ien dy't him om 'e sosjale fraachstikken fan syn tiid bekroade, sa't er sjen liet yn syn boeken oer de apostels (Les Apôtres, 1966), en de apostel Paulus (Saint Paul, (1869). Dêryn joech er blyk fan in gefoel fan bruorskip tusken de rangen en stannen fan 'e Frânske maatskippij en toande er him in oanhinger fan 'e demokrasy. Yn 1869 wied er foar de Liberale Partij kandidaat by de Frânske parlemintsferkiezings, mar hy waard net keazen. Tsjin dy tiid wiene syn republikeinske tinkbylden wat ôfswakke en wied er ree om it Trêde Frânske Keizerryk te akseptearjen as it de demokratyske grûnbegjinsels respektearre. Twa jier letter waard it bewâld fan Napoleon III, de lêste Frânske keizer, ûnder fuotten helle troch de Dútsers yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch. Foar Renan, dy't Dútslân altyd sjoen hie as de bakermatte fan 'e Jeropeeske filosofy en wittenskip, wie dat in kearpunt yn syn tinken. It lân soe foar him neitiid altyd in fijân bliuwe.

Ernest Renan.

Frjemd genôch sprekt út it wurk La Réforme Intellectuelle et Morale (1871), dêr't Renan it fersleine Frankryk wer in nije takomst mei jaan woe, in sterke Dútske ynfloed. It nije steatsbestel dat er foarstelde, wie nammentlik yn grutte halen dat fan Dútslân: in feodale maatskippij mei in monargaal regear, in hegerein dy't troch de rest fan 'e befolking ûnderstipe wurde moast, in ideaal fan ear en plicht dat troch de útkarden oplein waard oan 'e mannichten. Dêrút blykt ek hoe't Renan skrokken wie fan 'e ideeën fan 'e Paryske Kommune, dy't soarte fan kommunisme foarstie. Tagelyk waard er almar bitterder, sa't nei bûten komt út syn fierders as geniaal beskôge wurken Dialogues Philosophiques (1871), Ecclésiaste (1881) en L'Antéchrist (1876, oer de Romeinske keizer Nearo). Yn syn boeken L'Église Chrétienne (1879) en Marc-Aurèle et la Fin du Monde Antique (1882) lit er lykwols sjen dat er frede fûn hie yn it behâld fan 'e Frânske demokrasy.

Nasjonalisme en nasjonale identiteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Renan wie tige ynfloedryk op it mêd fan nasjonalisme en nasjonale identiteit. Yn syn essay Qu'est-ce qu'une Nation? ("Wat is in Naasje?"), út 1882, definiëarre er in naasje op basis fan 'e subjektive wil fan in groep minsken om byinoar te hearren, wylst Dútske filosofen, lykas Johann Gottlieb Fichte, dat begryp definiëarre hiene op basis fan objektive kritearia, lykas in dielde etnisiteit of taal. Middenmank de oanhâldende kontroverse oer de Dútske anneksaasje fan Elzas-Loataringen skreau Renan dat it bestean fan in naasje basearre wie op in "deistige folksriedplachting" ûnder de ynwenners. Oare tinkers hiene dêr in protte krityk op omreden fan 'e dizenigens fan dat konsept. Renan skreau ek dat it "essisjele elemint fan in naasje" wie dat "alle yndividuën dêrfan in soad gemien hawwe moatte". Dêr foege er lykwols oan ta dat se "ek in soad fergetten hawwe moatte. Eltse Frânske boarger moat it Bartolomeúsdeibloedbad en de slachtings út 'e 13e iuw yn it suden fergetten hawwe."

De tinkbylden dy't Renan der oer rassen op neihold, wiene yn syn tiid folslein akseptabel, mar soene tsjintwurdich beslist net mear kinne. Hoewol't er fierders oer it algemien progressyf wie, bestie der neffens him ûnder minsken in rasiale hierargy, dy't neffens him "algemien akseptearre" wie. Blanken stiene yn dat tinken as hearskers en krigers oan 'e top fan in úttynjende piramide fan mindere etnisiteiten. Sa wiene se superieur oan Semiten (Joaden, Arabieren en sibben), dy't Renan omskreau as "in ynkompleet ras". De mongoloïde folken fan East-Aazje, lykas de Sinezen, wiene it meast geskikt as hantwurkslju. Hielendal ûnderoan de rangoarder stiene de swarten fan Afrika, dy't inkeld lânbou bedriuwe koene. Dêrom wie Renan ek in foarstanner fan it kolonialisme, wêrby't Frankryk en oare Jeropeeske lannen yn syn tiid hiel Afrika ûnderinoar ferparten. Dat wie net om 'e swarte befolking dêre te straffen, mar krekt om dy te helpen, wat in plicht fan 'e blanke wie. Dy opfetting fan wat wol "subtyl rasisme" neamd is, wie yn syn tiid wiidferspraat, net inkeld yn Frankryk mar ek yn it Feriene Keninkryk en oare Westjeropeeske lannen.

Ernest Renan yn syn kantoar yn it Collège de France.

Renan stiet ek bekend as ien fan 'e earsten dy't de saneamde Kazaarske teory op 't aljemint brochten. Oars as de Sefardyske Joaden fan súdlik Jeropa wiene de Asjkenazyske Joaden fan noardlik en eastlik Jeropa neffens him nammentlik hielendal gjin Semiten. Ynstee woed er hawwe, se stammen ôf fan 'e Kazaren, in Turksk folk, dat yn 'e Midsiuwen in khanaat yn 'e Koeban hie, it gebiet benoarden de Kaukasus. It is bekend dat de Kazaren har op in stuit massaal ta it joadendom bekearden. Neffens Renan en syn meistanners soene se har nei de ynstoarting fan harren ryk nei it westen ferspraat hawwe, dêr't se harren Kazaarske taal ferlern hiene om ynstee dêrfan it Jiddysk oan te nimmen. (Tsjintwurdich is dúdlik dat dizze teory nearne op basearre is.) Omreden fan 'e Kazaarske teory, dy't er oanhong, beskôge Renan de Joaden net as in feriene rasiale etnisiteit, sa't er yn 1883 yn syn lêzing Le Judaïsme comme Race et comme Réligion wiidweidich út 'e doeken die. Dat wie tsjin 'e seare skonk fan 'e 'echte' antysemiten, foar wa't Renan syn ideeën ûnakseptabel wiene.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven oan taalkunde, skiednis en filosofy bestege Renan ek oandacht oan letterkunde. Sa publisearre er yn 1865 mei Victor Le Clerc in literatuerskiednis fan it Frânsk yn 'e fjirtjinde iuw. Njonken syn wittenskiplik wurk skreau Renan ek ferslaggen fan syn reizen. En neigeraden dat er âlder waard, giene de tinzen fan Renan wat langer wat mear werom nei syn jonkheid. Yn 1883, doe't er krapoan sechstich jier wie, publisearre er it autobiografyske Souvenirs d'Enfance et de Jeunesse ("Oantinkend fan [myn] Bernetiid en Jonkheid"), in wurk dêr't er tsjintwurdich yn Frankryk it bekendst fan is. Dêryn beskreau er net inkeld persoanlike dingen, mar ek, op romantyske wize, it Bretanje fan syn jeugd. Syn eigen opromme, krityske, skeptyske en dochs optimistyske geast komt better nei foarren út syn L'Ecclésiaste (1881) en syn Drames Philosophiques (1888). Yn dat lêste wurk beskreau wer hoe't Prospero, it aristokratysk prinsipe, bûge moat foar Caliban, it demokratysk prinsipe, en hoe't Ariel, it religieus prinsipe, lykwols troch dy machtswiksel oan ynfloed wint.

Iver kin net ien Renan ûntstride. Mei sechstich jier, doe't er nei tweintich jier wurk einlings en te'n lêsten syn achtdielige Histoire des Origines du Christianisme ("Skiednis fan 'e Oarsprong fan it Kristendom") ôf hie, sette er daliks útein mei in like grut wurk, syn fiifdielige Histoire du Peuple d'Israël ("Skiednis fan it Israelityske Folk"). Dat basearre er op syn libbenslange stúdzje fan it Alde Testamint fan 'e Bibel en op it Corpus Inscriptionum Semiticarum, dat ûnder syn redaksje fan 1881 ôf ferskynde by de Académie des Inscriptions. As in historiografy besteande út feiten en teoryen slacht de Histoire du Peuple d'Israël op in protte plakken de planke mis, mar as in tiidsbyld oer hoe't religieuze ideeën yn 'e njoggentjinde iuw oan it ferskowen wiene, wurdt it noch altyd as fan grut belang beskôge. As wjerbyld fan 'e geast fan Renan sels is it ûnmisber foar syn biografen, en itselde jildt foar syn bondel essays Feuilles Détachées, dy't yn 1891 ferskynde.

Yn 1856 troude Renan yn Parys mei Cornélie Scheffer, de dochter fan Hendrik Scheffer en in omkesizzer fan Ary Scheffer, twa Frânske keunstskilders fan Nederlânsk komôf. Mei har krige er twa bern: Ary Renan (1858), dy't ek skilder waard, en Noémie (1862), dy't letter mei de etnysk Grykske taalkundige Ioannis Psycharis trouwe soe.

It stânbyld fan Ernest Renan op it stedsplein fan syn berteplak Tréguier.

Yn syn lêste jierren ûntfong Renan in protte earbewizen. Sa waard er bestjoerder fan it Collège de France makke en grutofsier yn it Légion d'Honneur. Ernest Renan ferstoar nei in koart siikbêd op 2 oktober 1892 yn Parys, yn 'e âlderdom fan 69 jier. Hy waard begroeven op it Cimetière de Montmartre yn 'e Paryske wyk Montmartre.

  • 1848 – De l'Origine du Langage
  • 1852 – Averroës et l’Averroïsme
  • 1852 – De Philosophia Peripatetica, apud Syros
  • 1854 – L'Âme Bretonne
  • 1855 – Histoire Générale et Systèmes Comparés des Langues Sémitiques
  • 1857 – Études d'Histoire Religieuse
  • 1858 – Le Livre de Job
  • 1859 – Essais de Morale et de Critique
  • 1860 – Le Cantique des Cantiques
  • 1862 – Henriette Renan, Souvenir pour ceux qui l’ont Connue
  • 1863–1881 – Histoire des Origines du Christianisme
    • 1863 – Vie de Jésus
    • 1866 – Les Apôtres
    • 1869 – Saint Paul
    • 1873 – L’Antéchrist
    • 1877 – Les Évangiles et la Seconde Génération Chrétienne
    • 1879 – L’Église Chrétienne
    • 1882 – Marc-Aurèle et la Fin du Monde Antique
    • 1883 – Index
  • 1864 – Mission de Phénicie (1865–1874)
  • 1865 – Prière sur l'Acropole
  • 1865 – Histoire Littéraire de la France au XIVe Siècle (mei Victor Le Clerc)
  • 1868 – Questions Contemporaines
  • 1871 – La Réforme Intellectuelle et Morale de la France
  • 1876 – Dialogues et Fragments Philosophiques
  • 1878 – Mélanges d’Histoire et de Voyages
  • 1878–1886 – Drames Philosophiques
    • 1878 – Caliban
    • 1881 – L’Eau de Jouvence
    • 1885 – Le Prêtre de Némi
    • 1886 – L’Abbesse de Jouarre
  • 1880 – Conférences d’Angleterre
  • 1881 – L’Ecclésiaste
  • 1882 – Qu’est-ce qu’une Nation?
  • 1883 – L’Islamisme et La Science: conférence faite à la Sorbonne, le 29 mars 1883
  • 1883 – Souvenirs d'Enfance et de Jeunesse
  • 1884 – Nouvelles Études d’Histoire Religieuse
  • 1884 – Le Bouddhisme
  • 1887 – Discours et Conférences
  • 1887–1893 – Histoire du Peuple d’Israël (5 dielen)
  • 1889 – Examen de Conscience Philosophique
  • 1890 – L’Avenir de la Science, Pensées de 1848
  • 1892 – Feuilles Détachées
postúm ferskynd
  • 1899 – Études sur la Politique Religieuse du Règne de Philippe le Bel
  • 1904 – Mélanges Religieux et Historiques
  • 1908 – Patrice
  • 1914 – Fragments Intimes et Romanesques
  • 1921 – Essai Psychologique sur Jésus-Christ
  • 1928 – Voyages: Italie, Norvège
  • 1928 – Sur Corneille, Racine et Bossuet
  • 1945 – Ernest Renan et l’Allemagne

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.