Donald Trump
Oan dizze side wurdt noch wurke! Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út oant de skriuwer mei de side klear is. |
---|
Donald Trump | ||
politikus | ||
echte namme | Donald John Trump | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 14 juny 1946 | |
berteplak | Queens, New York City | |
etnisiteit | Dútsk Skotsk | |
partij | Republikeinske Partij | |
Presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 2017 – 2021 | |
foargonger | Barack Obama | |
opfolger | Joe Biden | |
amtsperioade | 2025 - 2029 | |
foargonger | Joe Biden |
Donald John Trump (New York City, 14 juny 1946) is in Amerikaansk ûndernimmer, telefyzjepersoanlikheid, politikus (en skriuwer) dy't fan 2017 oant 2021 de 45e presidint fan de Feriene Steaten wie. By de Amerikaanske presidintsferkiezings 2016 op 8 novimber 2016 waard er keazen nei't er Hillary Clinton fan de Demokratyske Partij fersloech.[1] Hy wûn de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2024 en syn twadde termyn as presidint sette útein op 20 jannewaris 2025. Hy heart ta de Republikeinske Partij. Ear't er presidint waard wie er net warber yn 'e polityk. Hy wie warber yn fêstgoed dêr't er hannele yn ûnreplik guod. Op basis fan it famyljebedriuw, opboud troch syn heit, makke er in ympearium yn ûnreplik guod, kasino's, sport en transport, wêrby't der in soarte satiryske kultus ûntstien is om syn persoan. De namme "Trump" komt werom yn gebouwen dy't er bouwe litten hat (Trump Tower, Trump Taj Mahal ensfh.) en by gelegenheden komme grutte "T"'s in soad foar yn it dekor. Dêrnjonken waard er presintator fan it telefyzjeprogramma The Apprentice op NBC.
Komôf
Trump syn pake en beppe oan heitekant wiene Dútske ymmigranten út Kallstadt yn Rynlân-Palts. Syn pake Friedrich Trumpf emigrearre yn 1885 yn 'e âldens fan 16 jier nei New York dêr't er syn Dútske namme ta Frederick Trump feringelske.[2]
Trump syn mem Mary Ann MacLeod (1912-2000) waard yn it doarp Tong op it eilân Lewis oan 'e westkust fan Skotlân berne. Doe't se 18 jier âld wie, yn 1930 moete se Fred Trump (1905-1999) by in fakânsje yn New York. Hja boasken yn 1936.
Jonkheid en oplieding
Donald Trump waard op 14 juny 1946 as soan fan Fred Trump en Mary Ann MacLeoed berne yn Queens, ien fan de fiif stedsdielen (boroughs) fan New York. Hy hie twa susters en twa bruorren: Maryanne, Fred jr., Elizabet en Robert. Fred jr. ferstoar yn 1981 yn 'e âldens fan 43 jier as gefolch fan alkoholisme. Donald hat sein dat er dêrtroch sels nea alkohol drinkt. Maryanne wie oant 2011 rjochter yn it Hôf fan Berop foar it 3e sirkwy.
Yn 'e tiid dat de húshâlding fan Trump yn Jamaica Estates wenne, gie Donald nei The Kew-Forest School yn Forest Hills, in wyk yn Queens, New York, dêr't syn heit lid fan it skoalbestjoer fan wie. Guon fan syn sibben giene nei dy skoalle. Doe't Donald 13 jier wie, waard er fan dy skoalle ôftrape omreden syn hâlden en dragen. Dêrnei waard er troch syn âlden nei de New York Military Academy stjoerd, dêr't er syn enerzjy goed kwyt koe.[3] Doe't er 17 jier we, helle er de rang fan kapitein op dy skoalle. Yn augustus 1964 sette er útein mei in stúdzje oan 'e Universiteit fan Fordham yn The Bronx. Twa jier letter gie er nei de Wharton School fan de Universiteit fan Pennsylvania, dy't as ien fan mar in bytsje yn de Feriene Steaten in fêstgoedstúdzje oanbea. Hy studearre dêr ôf yn 1968 mei in Bachelor of Science yn 'e ekonomy.
Yn 'e snuorje fan 'e Fjetnamkriich koe er de militêre tsjinstplicht ûntrinne. Earst yn syn studintetiid (1964-1968) waard him fjouwer kear útstel jûn en dêrnei op medysk grûn omreden in hakspoar. Letter besleat de oerheid om neffens lotterijen út te meitsjen wa't nei Fjetnam stjoerd wurde soe, waard Trump ek nea oproppen.
Saaklik libben
Fêstgoed
Nei syn stúdzje sette er yn 1968 syn karriêre útein yn it famyljebedriuw Elizabeth Trump & Son, dat yn 1923 troch syn beppe Elizabeth Christ Trump en syn heit Fred oprjochte waard. It bedriuw rjochte him ynearsten op midklasse hierhuzen yn de New Yorkske stedsdielen Brooklyn, Queens en Staten Island, dêr't se rasiale segregearre hierwenten yn eigendom hiene. Yn 1971 waard Donald presidint fan it bedriuw en sette er útein mei de Trump Organization as oerkoepeljend merk te brûken. Dat jiers ferhuze er it bedriuw nei Manhattan dêr't mear kapitaalkrêftige klanten wiene. Yn 1973 waard it bedriuw troch it ministearje fan Justysje oanklage omreden it wegerjen fan swarte hierders, dêr't er yn 1975 in skikking oan die.
Projekten yn Manhattan en Chicago
Yn 1978 sette er útein mei de earste ûndernimming yn Manhattan; de renovaasje fan it ferfallen Commodore Hotel, njonken it sintraal stasjon Grand central Terminal. It finansierjen waard mooglik makke troch in koarting fan $400 miljoen op ûnreplik goedbelesting dy't syn heit foar him regele en dy't ek, mank mei Hyatt, garant stie foar in bouliening fan $70 miljoen. Yn 1980 weriepene it hotel fannijs as Grand Hyatt Hotel en datselde jier krige er de rjochten en ûntwikkelje Trump Tower, in wolkekliuwer fan mingd gebrûk yn Midtown Mannhattan. Dat gebou soe it haadkantoar fan de Trump Corporation húsmanje en bleau oant 2019 syn haadferbliuw.
Yn 1988 kocht Trump it Plaza Hotel mei in liening fan in konsortsium fan sechtjin banken. It hotel frege yn 1992 in fallisemintsbeskerming oan en in moanne letter waard in reorganisaasjeplan goedkard, dêr't de banken de kontrôle oer it pân by oernamen. Yn 1995 gie er fallyt mei mear as $3 miljard oan banklieningen en de kredytjouwers leine beslach op it Plaza Hotel mank mei de measte fan syn oare eigendommen yn in "gruttte en lytsmeitsjende reorganisaasje" dy't him der ta brocht en foarkom in persoanlik fallisemint. De abbekaat fan de liedende bank sei "dat se it der allgear oer iens iene dat er better libjend as dea wêze koe".
Yn 1996 kocht en renovearre Trump it foar it grutste part leechsteande wolkekliuwer fan 71 ferdjippings op Wall Street 40, dy't letter omneamd waard ta Trump Building. Yn 'e iere 1990-er jierren wûn er it rjocht en ûntjou in stik lân fan 28 hektare yn 'e wyk Lincoln Square flakby de rivier de Hudson. Wrakseljend mei skulden fan syn oare ûndernimmings yn 1994, ferkocht er it grutste part fan syn belang yn it projekt oan Aziatyske ynvestearders, dy't it foltôgjen fan it plan finansiearren, Riverside South.
Trump syn lêste grutte bouprojekt wie Trump International Hotel and Tower (Chicago) mei 92 ferdjippings, dy't yn 2008 iepene waard. Yn 2024 berjochten The New York Times en ProPublica dat de Amerikaanske belestingtsjinst (IRS) ûndersocht as er twaris ferliezen ôfskreaun hie dy't ûntstien wiene troch it boppe de kosten kommen yn de bou en efterbliuwende ferkeap fan wenienheden yn it gebou dat er as weardeleas opjûn hie op syn belestingoanjefte fan 2008.
Kasino's en klubs
Yn 1984 iepene Trump Harrah's at Trump Plaza yn Atlantic City (Nij-Jersey), in hotel en kasino, mei finansierring en help mei it behear fan Holiday Corporation. It wie fuortendaliks net winstjouwend en hy betelle Holiday yn 1986 $70 miljoen om it allinnichsizzenskip oer te nimmen. Yn 1985 kocht er it noch net iepene Atlantic City Hilton Hotel en neamde it om ta Trump Castle. Alle twa kasino's fregen yn 1992 it Chapter 11-fallisemintsbeskerming oan.
Trump kocht yn 1988 in tredde lokaasje yn Atlantic City, de Trump Taj Mahal. It waard mei $675 miljoen finansierre oan junk bonds en waard foar $1,1 miljard foltôge. It waard yn april 1990 iepene. Yn 1991 frege er Chapter 11-fallisemintsbeskerming oan. Under de bepalingen fan de werstrukturearringsoerienkomst, joech er de helte fan syn oarspronklike belang op en garandearre er persoanlike takomstige prestaasjes. Om syn $900 miljoen oan persoanlike skuld te ferminderjen, ferkocht er de Trump Shuttle-loftfeartmaastskippij; syn megajacht, de Trump Princess, dy't oan syn kasino's ferhierd waard en oan wâl bleau; en guon fan syn oare bedriuwen.
Yn 1995 rjochte Donald Trump Trump Hotels & Casino Resorts (THCR) op, dy't de eigener fan Trump Plaza waard. THCR kocht de Trump Taj Mahal en Trump Castle yn 1996 en gie yn 2004 en 2009 fallyt, dêr't er 10 prosint eigener troch bleau. Hy bleau oant 2009 foarsitter.
Yn 1985 kocht Trump it lângoed Mar-a-Lago yn Palm Beach (Floarida). Yn 1995 feroare er it lângoed ta in priveeklub mei ynwijingskosten en jierlikse kontribúsjes. In fleugel fan it hûs bleau er brûken as priveewente. Yn 2019 ferklearre er de klub ta syn haadferbliuwlak. De Trump Organization sette yn 1999 útein mei it bouwen en keapjen fan golfbanen. Hy hat der fjirtjin yn eigendom en beheart boppedat trije oare banen wrâldwiid mei de merknamme "Trump".
Oankeap en ferkeap fan Amels yn Makkum
Doe't Trump it niisneamde megajacht yn 1988 foar $29 miljoen fan de sultan fan Brûnei kocht, liet er it foar $10 miljoen opknappe by skipswerf Amels yn Makkum. Hy werneamde de boat ta Trump Princess. Doe't it opknappen yn 1989 dien wie, makke er buorkundich dat er in twadde, noch gruttere boat fan 128 meter, de Trump Princess II, yn Trump syn wurden "justjes mear as 120 meter lang, tichter by 150 meter", bouwe litte soe. Amels krige de opdracht.[4] Yn 1990 waard bekend dat Trump de hiele skipswerf keapje soe. In pear moanne letter ferkocht Trump de skipswerf lykwols al wer oan de Amerikaanske sakeman Peter Kutell, om't Trump troch syn kasino's yn finansjeel swier wetter bedarre wie. Ek de bou fan it twadde skip foar $230 miljoen waard stopset. [5] Oer de wurkmotivaasje by Amels wie Trump goed oer te sprekken. Neffens him hat er "noch nea minsken hurder wurkjen sjoen by Amels yn Makkum".[6]
Oare ûndernimmingen
De Trump Organization hat de namme Trump as merknamme yn lisinsje jûn foar konsuminteprodukten en -tsjinsten, lykas itensguod, klaaing, kursussen en wente-ynrjochting. Neffens The Washington Post binne der mear as 50 lisinsje- of behearoerienkomsten dêr't syn namme by belutsen is, en dy hawwe op syn minst $59 miljoen oan ynkomsten bart foar syn bedriuwen. Yn 2018 wiene der noch ma twa konsumpsjeguodbedriuwen dy't syn namme yn lisinsje joegen.
Yn 1988 kocht Trump de Eastern Air Lines Shuttle en finansearre de oankeap mei $380 miljoen oan lieningen fan in syndikaat fan 22 banken. Hy neamde de loftfeartmaastskippij om ta Trump Shuttle en eksploitearre him oant 1992. Yn 1991 rekke er efterop mei it werombeteljen fan de lieningen en it eigendom gie nei de banken.
Sport
Yn 1983 kocht Trump de New Jersey Generals, in Amerikaansk fuotbalteam foar de USFL. Nei it seizoen fan 1985 rekke de USFL fallyt foar it grutste part omreden syn besykjen nei in hjerstskema oer te stappen sa't it mei de NFL konkurrearje koe om sa in fúzje dêrmei ôf te twingen troch in meitingsrjochtsaak oan te spannen.
Trump en syn Plaza Hotel hawwe ferskate bokswedstriden organisearre yn de Atlantic City Convention Hall. Yn 1989 en 1990 liende er syn namme oan de Tour de Trump-hurdfytsomgong, dêr't er by besocht hie in Amerikaanske ekwifalint te kreëarjen fan Jeropeeske wedstriden lykas de Tour de France en de Giro d'Italia.
Doe't Trump yn 1988 in fjochterij tusken Mike Tyson en Michael Spinks yn Atlantic City organisearre, wie er foar dy gelegenheid finansjeel adviseur fan Tyson.
De Trump Organization beheart in tal golfbanen en -klubs yn de Feriene Steaten en de rest fan 'e wrâld. Yn 2006 kocht Trump it lângoed Menie yn it Skotske plak Balmedie yn Aberdeenshire foar it oanlizzen fan in omstriden golfklub. Yn 2015 waard it heger berop fan Trump ôfwiisd, dêr't er beswier foar in wynmûnepark, dat te sjen fan syn golklub ôf wie, oer makke. Op 11 febrewaris 2014 waard bekend dat Trump de Doonbeg Golf Club yn Ierlân kocht hie. De golfbaan waard omneamd ta de Trump International Golf Links. Yn april 2014 kocht er it hotel en golfklub Turnberry yn Skotlân, dat gauris yn it roaster fan The Open Championship foarkomt.
Skjintmewedstriden
Trump wie fan 1996 oant 2015 de eigener fan de skjintmewedstriden Miss USA en Miss Universe, dêr't de lêste ien fan de meast bekende skjintmewedstriden yn 'e wrâld fan is. Yn 2015 holden NBC en Univision op mei de gearwurking mei de Miss Universe Organization nei de taspraak fan Trump oan it begjin fan syn kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 op 16 juny dêr't er negative opmerkings oer Meksikanen en it Amerikaanske ymmigraasjebelied makke. Trump reagrearre dêrfoaroer mei in rjochtsaak tsjin Univision en easke $500 miljoen foar kontraktbrek en kwealaster. De telefyzjestjoerder Reelz kocht dêrnei de eksklusive rjochten en stjoer Miss USA út.
Media-ûndernimmingen
Trump hat 19 boeken ûnder syn namme skreaun. Guon dêrfan waarden skreaun of meiskreaun troch ghostwriters. Syn earste boek, The Art of the Deal (1987) wie in New York Times Bestseller. Hoewol't er kreditearre waard as mei-auteur, waard it gânse boek troch Tony Schwartz skreaun. Neffens The New Yorker makke it boek Trump ferneamd as in "embleem fan de suksesfolle tykoan". Hy hat ek yn ferskate films spile, wêrûnder The Little Rascals út 1994.
Fan de 1990-er jierren ôf wie Trump wol 24 kear gast yn 'e nasjonaal syndikearre radiopraatprogramma Te Hoard Stern Show. Fan 2004 oant 2008 hie er sels in eigen radioprogramma, Trumped! neamd. Fan 2011 oant 2015 wie er gastkommintator op it telefyzjeprogramma Fox & Friends op Fox News.
Fan 2004 oant 2015 wie Trump mei-produsint en gasthear fan de realitysearje The Apprentice en The Celebrity Apprentice. Yn dy searje die er him foar as in superrike en suksesfolle direkteur dy't meidoggers eliminearre mei it biedwurd You are fired! (Do bist ûntslein!). De New York Times neamde syn ferskinen op de searje is in "tige flattearjende, tige fiksjonalisearre ferzje fan dhr. Trump". De searje werskoep syn imago foar miljoenen sjoggers yn gâns it lân. Mei de byhearrende lisinsjeoerienkomsten fertsjinnen se him mear as $400 miljoen. Op 16 jannewaris 2007 krige Trump syn eigen stjer op de Hollywood Walk of Fame.
Juridyske saken en falliseminten
Roy Cohn wie de fixer, abbekaat en riejouwer fan Trump foar 13 jier yn de 1970-er en 1980-er jiereen. Yn 1973 holp Crohn Trump en ferfolgje de Amerikaanske oerheid foar $100 miljoen oer beskuldigings dat Trump syn eigendommen rassediskriminearjende praktiken dêr op nei holden. De easken dy't Trump dêrfoaroer hie waarden ôfwiisd. Dêr folge in skikking mei de ûndertekening fan Trump dêr't se ynstimden mei desegregaasje. Yn 1975 waard in oerienkomst sletten dêr't Trump syn eigendommen ferplichte waarden en foarsjoch de New York Urban League fan in list fan alle fakatueren fan apparteminten alle wiken foar twa jier lang. Cohn yntrodusearre adviseur Roger Stone by Trump dy't Stone syn tsjinsten ynhierde en doch saken mei de federale oerheid.
Neffens in oersicht fan steats- en federale rjochtbankdossiers dy't troch USA Today yn 2018 útfierd waarden, wiene Trump en syn bedriuwen by mear as 4.000 steats- en federale rjochtsaken belutsen. Howol't er gjin persoanlik fallisemint oanfrege hie, hawwe syn hotel- en kasinobedriuwen yn Atlantic City en New York mei tefole skulden tusken 1991 en 2006 seis kear it Chapter 11-fallisemintsbeskerming oanfrege. Hja bleaune operearjen wylst de banken de skulden fannijs strukturearren en syn oandielen yn 'e eigendommen ferminderen.
Yn 'e 1980-er jierren hawwe mear as 70 banken Trump $4 miljard útliend. Nei syn falliseminten yn 'e iere 1990-er jierren wegeren de measte grutte banken, mei útsûndering fan Deutsche Bank, him jild te lienen. Nei de bestoarming fan it Kapitoal yn 2021 besleat de bank yn 'e takomst gjin saken mear mei him of syn bedriuw te dwaan. Fan 'e iere 2000-er jierren ôf hawwe ferskate Russyske ynvestearders him út 'e brân holpen, doe't er folslein yn 'e nederklits like te bedarjen.[7]
Netto-fermogen
Yn 1982 kaam Trump foar it earst op de Forbes-list fan rike minsken om't hy in part fan de rûsde nettowearde fan $200 miljoen fan syn famylje yn eigendom hie. Troch syn ferliezen yn de 1980-er jierren ferdwûn er fan 1990 oant 1995 fan de list. Nei it yntsjinjen fan it ferplichte finansjele rapport by de Federale Ferkiezingskommisje (FEC) yn july 2015 kundige er in nettowearde fan likernôch $10 miljard oan. Gegevens dy't troch de FEC frijjûn waarden lieten op syn minst $1,4 miljard oan aktiva en $265 miljoen oan passiva sjen. Forbes rûsde dat syn nettowearde tusken 2015 en 2018 mei $1,4 miljard sakke. Yn har miljardêreranglist fan 2024 waard syn nettowearde op $2,3 miljard rûsd, itjinge er op it 1.438e plak yn 'e wrâld stiet.
Yn 2018 sei sjoernalist Jonathan Greenberg dat Trump him yn 1984 skille hie en him foardie as in sabeare meiwurker fan de Trump Organization mei de namme "John Barron". Greenberg sei dat, om in hegere posysje op de Forbes-list fan 400 rike Amerikanen, Trump, sprekkend as "Barron", falsk oanjoech dat Donald Trump mear as 90 prosint fan it bedriuw fan syn heit besiet. Greenberg skreau ek dat Forbes de rykdom fan Trump tige oerskat hie en him einlings net op de ranglisten fan 1982, 1983 en 1984 opnimme hawwe moatten hie.
Trump hat gauris sein dat er syn karriêre úteinsette mei "in lytse liening fan ien miljoen dollar" fan syn heit en dat er dy mei rinte werombetelje moast. Hy wie lykwols al miljonêr doe't er acht jier âld wie en liende op syn minste $60 miljoen fan syn heit, slagge der foar it grutste part net yn en betelje de leiningen werom en krige nochris $413 miljoen fan it bedriuw fan syn heit om him út syn kasinofiasko te helpen. Yn 2018 waard neamd dat er en syn famylje belestingfraude plachte hie en it belestingdepartemint fan de steat New York begûn in ûndersyk. Syn ynvestearrings prestearren ûnder dy fan d eoandielen op de New Yorkske fêstgoedmerk. Forbes rûsde yn oktober 2018 dat syn nettowearde fan $4,5 miljard yn 2015 nei $3,1 miljard yn 2017 sakke en syn ynkomsten út produktlisinsjes fan $23 miljoen ta $3 miljoen.
Trump syn belestingoanjeften fan 1985 oant 1994 lieten nettoferliezen sjen fan yn totaal $1,17 miljard. De ferliezen wiene heger as dy fan hast alle oare Amerikaanske belestingbeteller. De ferliezen yn 1990 en 1991, mear as $250 miljoen it jier, wiene mear as it dûbele fan dy fan de tichtsbywêzende belestingbetellers. Yn 1995 bedroegen syn rapportearre ferliezen $915,7 miljoen.
Yn 2020 krige The New York Times de belestinggegevens fan Trump oer in tiidrek fan twa desenniums. De ferslachjouwers ûntdutsen dat er ferliezen fan hûnderten miljoenen dollars oanjoech. Sûnt 2010 hie er ek $287 miljoen oan lieningen net werombetelle. Yn 'e 15 jier foar 2020 betelle er, mei help fan belestingkredite foar saaklike ferliezen, gjin ynkomstebelesting yn 10 fan dy jierren en yn 2016 en 2017 beide kearen $750. Hy kompensearre de ferliezen fan syn bedriuwen troch aktiva te ferkeapjen en te lienen, lykas in hypoteek fan $100 miljoen op Trump Tower (werfinansierre yn 2022) en de likwidaasje fan mear as $200 miljoen oan oandielen en obligaasjes.
Yn oktober 2021 hie Trump mear as $1,3 miljard oan skuld, dêr't in grut part fan dutsen is troch syn besit. Yn 2020 wie er $640 miljoen skuldich oan banken en trustorganisaasjes, lykas de Bank of China, Deutsche bank en UBS en $450 miljoen oan net ebkende skuldners. De wearde fan syn besit is heger as syn skuld.
Polityk
Trump registrearre him yn 1987 as Republikein, yn 1999 as lid fan de Independence Party, in regionale ôfdieling fan de Reform Party yn de steat New York, yn 2001 as Demokraat, yn 2009 as Republikein, yn 2011 ûnôfhinklik en yn 2012 fannijs as Republikein.
Yn 1987 liet Trump grutte advertinsjes, dy't in hiele side yn beslach namen, yn trije grutte kranten, dêr't er syn miening yn joech oer it bûtenlânsk belied en hoe't it federale begruttingstekoart fuortwurke wurde koe. Yn 1988 beneiere er de kampanje fan de Republikeinske presidintskandidaat George Bush sr. of't er ek yn oanmerking komme koe dy syn running mate te wurden. Bush joech oan dat er dat fersyk mar "nuver en net te leauwen" fûn.
Earste politike ambysjes
Yn 1999 hat Trump him ree ferklearre kandidaat te wêzen foar de presidintsferkiezings yn 2000 foar de Amerikaanske Reform Party. Yn 2010 liet Trump it op 'e nij yn him om gean om te besykjen presidint fan de Feriene Steaten te wurden liet er witte oan Fox News. "Dit is de earste kear dat ik der echt foar gean wol", seit de Republikein. "Ik wit it noch net seker, mar it fielt goed." "Ik moat myn stientsje bydrage. Dit lân is fallyt en dat is in feit."
Presidintsferkiezings 2016
Op 16 juny 2015 stelde Trump him foar de Republikeinske Partij kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip. Yn 't earstoan wiene der net folle dy't syn kandidatuer serieus namen, mar hy wist freon en fijân te ferrassen mei de oanhing dy't er mei syn populistysk boadskip mank benammen konservative Amerikanen wist te winnen. Hy fersloech yn 'e Republikeinske foarferkiezings û.m. de âld-gûverneur fan Floarida Jeb Bush, de jonge Latino-politikus Marco Rubio en de kristlik-fûnemintalistyske senator Ted Cruz. Dat died er troch syn tsjinstanners kwetsende bynammen te jaan en op oare net-ynhâldlike manearen lytsman te meitsjen (lykas doe't er op folslein ûnfeitlike basis úthold dat de heit fan Ted Cruz belutsen west hie by de moard op presidint John F. Kennedy). Om't er mei sok dwaan de fêstige oarder fan 'e Republikeinske Partij folslein fan him ferfrjemde, hie Trump der klauwen oan om 'e partij wer op ien line te krijen nei't er op 19 juny 2016 op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje yn Cleveland (Ohio) nominearre wie as de offisjele presidintskandidaat fan 'e Republikeinen. Foar in oansjenlik part slagge him dat ek net, en in grut diel fan 'e partij wegere om Trump syn kampanje te stypjen of sels om foar him te stimmen, eat dat noch nea earder foarkommen wie yn 'e Amerikaanske politike skiednis. As syn fise-presidintskandidaat keas Trump Mike Pence út, de uterst konservative gûverneur fan Indiana.
Underwilens hie de Demokratyske Partij Hillary Clinton oanwiisd as offisjele presidintskandidate. Dat wie de earste kear dat ien fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen in frou as presidintskandidaat keas. De dêropfolgjende kampanje foar de presidintsferkiezings ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, sa't sels yn 'e Amerikaanske polityk noch nea earder sjoen wie. Trump hold út dat in soad yllegale Latino's yn Noard-Amearika ferkrêfters en moardners wiene, ûnthiet syn oanhingers dat er in muorre by de grins mei Meksiko lâns bouwe soe en dêr Meksiko foar betelje litte soe, en sei fierders dat er de grinzen fan 'e Feriene Steaten slute soe foar alle moslims.
Trump betocht ek de bynamme Crooked Hillary ("Kriminele Hillary") foar Clinton, om't se neffens him skuldich wie oan machtsmisbrûk en moard (op 'e trije Amerikaanske diplomaten dy't omkommen wiene by de oanfal op de Amerikaanske ambassade yn Benghazi). Hy warskôge har dat er derfoar soargje soe dat se yn it tichthûs bedarje soe as hy de ferkiezings wûn. Ek Clinton har e-mailskandaal waard wer oprakele en Trump besocht sels it Lewinsky-skandaal, út 'e tiid fan it presidintskip fan Hillary har man Bill Clinton, tsjin har te brûken. Clinton sels sloech werom mei û.m. ferwizings nei Trump syn misse setten yn it sakelibben en syn denigrearjende útspraken oer en hâlding foar froulju oer, sa't bgl. oan it ljocht kaam troch in lûdsopname út 2005, dêr't er op swetste oer it útheljen fan ûnwinske yntimiteiten by froulju, û.m. troch se by de fagina te gripen. Neitiid kamen fyftjin froulju nei foarren dy't him fan seksuële oantaasting beskuldigen.
Neffens opinypeilings wiene beide kandidaten tige ympopulêr by de gewoane Amerikanen, mar Trump noch mear as Clinton. Nettsjinsteande dat, en tsjin 'e útslaggen fan alle opinypeilings yn, wûn Trump op 8 novimber 2016 de presidintsferkiezings fan Clinton. De reden dêrfoar wie net, sa't de Republikeinen hawwe woene, dat de Trump in nije groep kiezers foar harren oanboarre hie, want der stimden minder minsken op him as dat der yn 2012 op Mitt Romney en yn 2008 op John McCain stimd hiene. Krektoarsom, de reden dat Trump de ferkiezings wûn, wie dat in grut part fan it Demokratyske elektoraat thúsbleau. Hoewol't der goed 2,5 miljoen stimmen mear op Clinton útbrocht waarden as op Trump, krige dy lêste troch it Amerikaanske kiesstelsel (dat net per útbrochte stim rekkenet, mar steat foar steat) de mearderheid fan 'e kiesmannen yn it Electoral College efter him.
Presidintskip earste termyn (2017-2021)
Beëdiging en earste dagen
Trump waard op 20 jannewaris 2017 beëdige as presidint. By syn taspraak joech er de neidruk dat de Feriene Steaten yn alles op it earste plak komme soe. Neitiids swetste er dat er de "grutste mannichte ea" hie dy't oanwêzich wie by in presidinsjele beëdiging. Op loftfoto's wie lykwols op te meitsjen dat syn mannichte folle lytser wie as dy fan syn foargonger Barack Obama. Yn syn earste wike as presidint ûndertekene er seis omstriden beslissings, lykas it tastimming jaan foar it begjinnen fan prosedueres oangeande it ynlûken fan de Patient Protection and Affordable Care Act, bekend as Obamacare, it weromlûken út 'e Trans-Pacific Partnership-ûnderhannelings, it fannijs ynfieren fan it Mexico City-belied, dy't federale subsydzjes oan net-oerheidsynstellings oangeande abortus febiedt, it fuortsetten fan oaljelinen Keystone XL en Dakota Access Pipeline, it fersterkjen fan de grinsbefeiliging en in planning- en ûntwerpsplan foar it bouwen fan in muorre oan 'e grins mei Meksiko. Ek stelde er in ynreisferbod yn dat jilde soe foar sân islamityske lannen, itjinge ta in gaotyske tastân op fleanfjilden late. Dat ferbod waard lykwols troch ferskate federale rjochtbanken fersteld, allyk in oanpaste ferzje dêrfan.
Trump syn dochter Ivanka en skoansoan Jared Kushner waarden respektyflik syn assistint en haadadviseur. Ear't Trump ynhuldige waard, ferhuze er syn bedriuwen yn in irrevocable trust om "himsels dúdlik fan syn saaklike belangen te skieden". Hy bleau lykwols fan syn bedriuwen profitearjen en wist hoe't it belied fan syn regear syn bedriuwen beynfloede. Hoewol't er sei dat er "nije bûtenlânske plannen" mije soe, sette de Trump Organizations plannen en útwreidings fuort yn bygelyks Skotlân, Dûbai en de Dominikaanske Republyk.
Ynlânsk belied
Trump sette mei syn presidintskip útein yn 'e snuorje fan de langst duorjende ekonomyske foarútgong yn 'e Feriene Steaten dy't yn 2009 begûn en einige doe't de koroanapandemy yn 2020 útbriek. Yn desimber 2017 tekene er de Tax Cuts and Jobs Act dy't troch it Kongres sûnder stimmen fan de Demokraten goedkard waard. Dat wetsfoarstel ferlege de belestingtariven foar saken en yndifiduelen, wylst de saaklike belestingferlegings permanint wurde soene en dy fan de yndifiduelen yn 2025 ferrinne soene. De fennoatskipsbelesting waard ferlege fan 35% ta 21% en de boete foar it net hawwen fan sûnensfersekering neffens Obamacare waard op 0% set. Dejingen mei it leechste ynkommen hiene amper foardiel fan de belestingferlegings, wylst dy mei heger ynkommen dêr it measte foardiel fan hiene.[8] It kabinet-Trump sei dat de belestingferlegings de oerheidsynkommen net ferleegje soene, mar yn 2018 wie it oerheidsynkommen lykwols 6,7% leger. Under Trump gie it begruttingstekoart mei 50% omheech ta $1 biljoen. Oan 'e ein fan syn earste termyn as presidint rûn de steattsskuld mei 39% omheech ta $27,75 biljoen en de steatsskuldkwota helle in rekôrhichte sûnte de Twadde Wrâldkriich. Trump slagge der net yn de ynfrastruktuerplan mei in kosteplaatsje fan $1 biljoen, dy't er yn syn kampanje tasein hie, troch te fieren.
Trump loek de Feriene Steaten út it Parys-akkoart oangeande it klimaat en hat ferskate kearen oanjûn net te leauwen yn 'e opwaarming fan 'e ierde. Hy joech oan de produksje en útfier fan fossile brânstoffen te ferheegjen en hy ferlege it budzjet foar duorsume enerzjy mei 40%. Hy draaide it belied fan it kabinet-Obama werom oangeande klimaatferoaring en draaide 100 federale miljeuregels, lykas it tsjingean fan broeikasgassen, lucht- en wetterfersmoarging en it brûken fan gifstoffen, werom. Hy liet it omstriden oaljeboarjen yn it Arctic National Wildlife Refuge yn it noarden fan Alaska ta.
Boppedat ûntmantele er federale regels oangeande bankwêzen, sûnens, arbeid, wapenbesit en miljeu nei oantrunen fan besibbe yndustryen. Lykwols 78 fan syn foarstellen waarden troch rjochtbanken hoholden. Yn syn kampanje krewearre Trump foar it ynlûken fan Obamacare en om it ferfangen mei "wat folle betters". Hy slagge dêr lykwols net yn. Under syn regear ferlearen 23 miljoen Amerikanen harren sûnensfersekering.
Trump sette subsydzjeregelings oan ynstellings dy't abortus, of oanrekommandaasjes dêrfoar diene, stil. Hy sei dat er foar it "tradisjoneel houlik" is, dochs oppenearre er dat it nasjonaal erkennen fan it homohoulik "regele" wie. Syn regear draaide wichtige ûnderdielen fan wurkplakbeskerming fan it regear-Obama tsjin diskriminaasje fan LHBT-minsken werom. It besykjen fan him en draai antydiskriminaasjebeskerming fan transgender-pasjinten waard yn augustus 2020 troch in federale rjochter hoholden. Trump wie tsjin wapenbehearsking wie, hoewol't er syn stânpunt dêrfoar yn 'e rin fan 'e tiid ferskood hat. Nei ferskate massale sjitpartijen yn syn amtstermyn woe er wetjouwing oangeande wapens foarstelle, mar liet dat yn 2019 wer sjittte. Trump is al in lange tiid foar de deastraf. Under syn regear ekeskutearre de federale oerheid 13 finzenen, mear as yn de 56 jier dêrfoar mei-inoar. Hy wie ek foar martelmetoaden lykas it ûnder wetter hâlden by ûnderfregings fan oppakte terroristen. Trump trúnde der ferskate kearen op oan en brûk it Amerikaanske leger tsjin de protesten tsjin de moard op de Afro-Amerikaanske George Floyd troch in plysjeman yn Minneapolis yn juny 2020 tsjin. Syn krewearjen dêrfoar late ta feroardielen troch ûnder oaren Mark Esper, de minister fan Definsje, en ferskate militêre offisjelen.
Ymmigraasje
Ien fan syn wichtichste tema's yn syn ferkiezingskampanje wie it ymmigraasjebelied, en benammen yllegale ymmigraasje. Hy sei ta in muorre op de grins tusken Meksiko en de Feriene Steaten te bouwen en dat Meksiko dêrfoar betelje soe. Dat soarge foar in soad publisiteit. Der wurdt rûsd dat dêr likernôch 11 oant 12 miljoen ylligale ymmigranten yn 'e Feriene Steaten wenje. Neffens Trump bringe dy in soad drugs en kriminaliteit mei harren mei en neamde it kommen fan ymmigranten in "ynvaazje". Neffens statistiken wurde Amerikaanske boargers twa kear sa folle arrestearre foar gewelds- en drugsynsidinten en fjouwer kear sa folle as eigendomsdelikten as yllegale ymmigranten. [9] Hy sei ta dat er in soad yllegalen útsette soe. Ek woe Trump legale ymmigraasje beheine.
It regear-Trump skate mear as 5.400 bern fan migrantehúshâldings fan har âlden oan de grins tusken de Feriene Steaten en Meksiko, dat in grutte taname sûnt de simmer fan 2017 wie. Yn april 2018 kundige it regear-Trump in zero tolerance-belied oan dêr't folwoeksenen, dy't fertocht waarden fan it yllegaal oerstekken fan de grins, fêstholden en strafrjochtlik ferfolge waarden, wylst har bern as net-begelate minderjierrige frjemdlingen apart set waarden. Dat belied wie net earder sa dien by eardere regearings en late ta lilkens yn binnen- en bûtenlân. Trump oppenearre, falsk, dat syn regear de wet folge en joech de Demokraten en syn foargonger, presidint Barack Obama, de skuld, wylst de skiedings it belied fan syn regear wiene. Nei in soad iepenbier beswier joech er dêr oan ta en ûndertekene er en hjitte dat migrantehúshâldings byinoar bliuwe moasten. Op 26 july 2018 konkludearre federaal rjochter Dana Sabraw dat it regear-Trump "gjin systeem hie om tafersjoch te hâlden" op de skate bern en hjitte dat de skiedingen hoholden wurde moast. Nei it hjitten fan de rjochter skate it regear-Trump lykwols noch hieltyd mear as tûzen bern fan har famyljes. Fan 2018 ôf hat Trump krapoan 6.000 troepen ynset oan 'e grins mei Meksiko en hâld de measte Sintraalamerikaanske migranten tsjin dy't asyl oanfreegje woene. Nei de tuskentiidske ferkiezings yn 2018 wûnen de Demokraten de mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen en waard it foar Trump slimmer syn migraasjebelied út te fieren. Oan 'e ein fan syn termyn wie der mar in goed 100 km muorre oan de 1600 km lange grins mei Meksiko boud.
Nei de oanslach yn San Bernardino yn 2015 woe Trump hawwe en jou in ynreisferbod oanfoar alle islamityske bûtenlanners. Letter feroare er it ta lannen mei in "bewiisde skiednis fan terrorisme". Op 27 jannewaris 2017 ûndertekene er in wet dy't it talitten fan flechtlingen 120 dagen ferstelde en boargers fan Irak, Iran, Lybje, Somaalje, Sûdan, Syrje en Jemen 90 dagen tagong wegere op grûn fan feiligensoerwagings. De wet waard fuortendaliks yn wurking steld en feroarsake in soad gaos op fleanfjilden. Protesten brieken de folgjende deis út op 'e fleanfjilden. De wet hie lykwols gjin juridyse basis en waard troch ferskate rjochters ôfwiisd. In op 'e nij besjoene wet waard op 6 maart 2017 ûndertekene, mar waard fannijs troch trije federale rjochters blokkearre. Yn in útspraak yn juny 2017 oardiele it Heechgerjochtshôf dat it ynreisferbod hanthavene wurde koe op besikers dy't gjin "leauwensweardige oanspraak fan in oprjochte relaasje mei in persoan of ienheid yn de Feriene Steaten" hawwe.
Bûtenlânsk belied
Presidintsferkiezings 2020
By de tige polarisearre Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 waard Trump ferslein troch syn Demokratyske tsjinstanner Joe Biden.
Persoanlik libben
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Donald Trump fan Wikimedia Commons. |
- Wurk
- Amerikaansk ûndernimmer
- Amerikaansk bestjoerder
- Amerikaansk radioprodusint
- Amerikaansk telefyzjeprodusint
- Amerikaansk útjouwer
- Amerikaansk publisist
- Amerikaansk telefyzjepresintator
- Amerikaansk radiopresintator
- Amerikaansk kommentator
- Kwismaster
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Manager yn it showwrakseljen
- Amerikaansk societystjer
- Amerikaansk federaal politikus
- Amerikaansk presidintskandidaat yn de foarferkiezings fan de Republikeinske Partij
- Amerikaansk presidintskandidaat (nominearre troch de Republikeinske Partij)
- Presidint fan de Feriene Steaten
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan berne yn 1946