[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Dom fan Múnster

Ut Wikipedy
Paulusdom
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Múnster
koördinaten 51° 57' N 7° 37' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Múnster
patroanhillige Sint-Paulus
Kaart
Dom fan Múnster (Noardryn-Westfalen)
Dom fan Múnster

De Sint-Paulusdom yn Múnster is de katedraal fan it roomske bisdom Múnster. Tegearre mei it histoaryske riedshûs is de dom it symboal fan 'e stêd. It domkapittel beheart de katedraal, dy't as patroanhillige de apostel Paulus hat.

Yn 2009 waard mei in grutte renovaasje fan 'e domtsjerke útein set, dy't yn 'e maitiid fan 2013 ôfsletten waard.

De katedraal is de tredde op it plak. De earste katedraal wie de saneamde Liudgerdom en stie tusken 805 oant 1366 noardlik fan 'e hjoeddeiske dom. Tusken de 10e en 11e iuw waard in twadde domtsjerke boud, dy't tusken 1225 en 1264 sloopt waard om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske tsjerke. It westwurk fan 'e twadde dom mei de twa hast identike tuorren waard it front fan 'e hjoeddeiske, tredde domtsjerke.

Jier Bou Styl Bestie oant ...
805 Earste dom (Liudgerdom) Karolingysk 1377
ûnbekend Twadde dom Ottoansk circa 1225
1192 Westwurk Romaansk foar it measte noch besteand
1225 Tredde dom (Paulusdom) Goatysk

De earste stien foar de hjoeddeiske Paulusdom waard yn 1225 lein. Oars as by de foargongers wie net de biskop de boumaster, mar it kapittel fan 'e nije dom. Dêrmei kin oannommen wurde dat de biskop yntusken minder te sizzen hie as it kapittel. Nei fjirtich jier wurkjen waard de dom yn 1264 foltôge en op 30 septimber 1264 troch biskop Gerhard von der Mark wijd. Fan 'e âlde dom waard it westwurk op 'e nij brûkt en fierder ek dielen fan it westlike dwersskip en muorredielen fan it súdlike sydskip. Dat hie romaanske (fral by de tuorren) en goatyske ynfloeden fan gefolgen. Om 1516 waard ek it westlike portaal yn letgoatyske styl ferboud.

Ynterieur.

Yn 1534 en 1535 gyngen de werdopers tekear yn 'e katedraal en by de byldestoarm waarden in soad bylden en skilderijen ferneatige. Ek it earste mei Bibelske foarstellings fersierde astronomyske oerwurk út 1408 gie ferlern. Nei't prins-biskop Frâns fan Waldeck de stêd wer yn hannen hie, waard it ynterieur fan 'e dom en de kapittelseal renovearre. De kapotte bylden waarden ferfongen troch nijen en de tsjerke krige fan de bekend Westfaalske skilder Ludger en Hermann tom Ring in nije beskildering. Yn 'e jierren 1542-1549 waard in twadde doksaal boud, dat yn 1870 ôfbrutsen waard.

It yn 1870 ôfbrutsen doksaal.

Yn 'e 16e iuw waarden it Paradys (de súdlike foarbou fan it westlike dwersskip) en de súdlike gevel fan it eastlike dwersskip ferboud, útwreide en mei byldhouwurk fersierd. Oan 'e ein fan 'e 16e iuw waard oan 'e koeromgong in armarium op it plak fan 'e hjoeddeiske krúskapel boud. Christoph Bernhard von Galen liet yn 1663 súd fan it armarium oan 'e koeromgong trije kapellen bouwe.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard mear as 90% fan 'e binnenstêd fan Múnster by bombardeminten ferneatige. Ek de dom en oare tsjerken hiene te lijen fan ûnbidige skea fan 'e bommen. Mei in foltreffer by in bombardemint op 10 oktober 1943 waard it westlike, 16e-iuwske portaal fan 'e domtsjerke yn pún lein. Ek stoarten ferwulften en muorren mei de beskilderingen fan Hermann tom Ring yn. Om't de ynventaris op 'e tiid út de tsjerke helle en earne opslein wie, bleau dy bewarre.

De westlike gevel

Nei de oarloch ûnstiene der strideraasjes oer de werbou fan it portaal. Biskop Michael Keller wie fan doel it oarspronklike romaanske portaal wer op te bouwen, mar dat feroarsake in grutte rige fan ynstjoerde protestbrieven nei de Westfälischen Nachrichten. De biskop bleau by syn plan en liet in ienfâldige muorre tusken de tuorren bouwe. De foarm fan 'e muorre soe lykje op 'e oarspronklike romaanske bou, mar hat dúdlik de moderne ynfloed fan 'e boukeunst fan 'e jierren 1950. De iennige fersiering oan 'e muorre binne tolve rûne finsters yn in sirkel en dêrbinnen fjouwer finsters yn in fjouwerkant. De nije gevel levere de gekoanstekkende namme de Wählscheibe (fan in tillefoan) op.

De domtsjerke hat in skip mei in lingte fan mear as 100 m en fertsjintwurdiget romaanske en goatyske boustilen. De westlike tuorren binne romaansk en de gotyk oerhearsket yn 'e rest fan 'e bou. De tsjerke is trijeskippich en hat twa dwersskippen en in westlik en eastlik koer. Oan 'e omgong fan it eastlike koer leit in kapellekrâns fan fjouwer kapellen. Noardlik fan 'e tsjerke leit in 14e-iuwske kleasterong.

De tsjerke hat ek nei de ferneatiging yn 'e Twadde Wrâldkriich noch jimmeroan in grut tal alters, epitafen en bylden út ferskillende stylperioades. Njonken de goatyske, renêssânse en barokke keunstwurken binne der ek keunstwurken fan nei de oarloch, fral út de jierren 1990.

Yn it Paradys binne de ferneamde apostel- en hilligenbylden út de 13e iuw. De bylden steane boppe in fries mei muzikanten, bisten en foarstellings út de jacht, ikker- en wynbou. Boppe it portaal nei de tsjerke it in troanende Kristus te sjen.

Grûnplan
Epitaaf Otto von Dorgelo
  1. It barokke haadalter (1619–1622) yn it westlike koer
  2. Brûnzen reliëf kardinaal Höffner (1993)
  3. Doopbekken (14e iuw)
  4. Triptyk Piëta und Auferstehung (20e iuw)
  5. Byld fan Sint-Kristoffel (1627)
  6. Bürenscher epitaafalter fan Johann Brabender
  7. Oargel
  8. Grêfmonumint fan prins-biskop Friedrich Christian von Plettenberg (1708)
  9. Stefanus-alter
  10. Heechalter
  11. Triomfkrús
  12. Tabernakel
  13. Goatyske kroanluchter
  14. Byld fan Antonius (1675) fan Johann Mauritz Gröninger
  15. Byld kardinaal von Galen
  16. Krúswei
  17. Astronomysk oerwurk (1540-1542)
  18. Krusifiks fan ivoar
  19. Grêfmonumint Christoph B. von Galen
  20. Betinkplak kardinaal Clemens August von Galen
  21. Sulveren relykbyld fan 'e hillige Liudger
  22. Brânskildere ramen fan Georg Meistermann
  23. De bidler (Ernst Barlach)
  24. Krusigingsgroep (2004)

Yn 'e nijbou oan 'e noardlike kant fan 'e kleastergong is sûnt 1981 de tsjerkeskat fan 'e dom ûnderbrocht. Der binne mear as 700 saken te sjen út de Karolingyske tiid (om 800 hinne) oant en mei de 20e iuw. Oer trije ferdjippings wurdt in oarsjoch bean fan 'e keunsthistoaryske skiednis fan 'e dom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedysiden, sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St.-Paulus-Dom (Münster)