[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Graham Swift

Ut Wikipedy
Graham Swift
skriuwer
Graham Swift, iere jierren '80
Graham Swift, iere jierren '80
persoanlike bysûnderheden
echte namme Graham Colin Swift
berne 4 maaie 1949
berteplak Londen
wurk
bekendste
  wurk(en)
Shuttlecock, Waterland, Last Orders
prizen Geoffrey Faber Memorial Prize, 1983,
Booker Prize, 1996
James Tait Black Memorial Prize, 1996
Hawthornden Prize 2017
jierren aktyf 1980 - no
offisjele webside
gjin

Graham Colin Swift (Londen, 4 maaie 1949) is in bekend Britsk skriuwer. Hy is berne yn Londen, Ingelân en studearre oan it Dulwich College, Londen, Queens' College, Cambridge, en letter oan de Universiteit fan York. Hy wie in goede freon fan Ted Hughes[1].

Swift jildt op 't heden as ien fan de wichtige Britske skriuwers. Syn wurk is yn mear as tweintich talen oerset en hat in stikmannich prizen opsmiten. De romans Waterland (1983) en Last Orders (1996), hearre ta syn meast bekende wurk, beide binne ek ferfilme.
In sintraal tema yn Swifts' wurk is de funksje fan de herinnering, sawol yn it libben fan elts minske as fan it kollektyf en har ferhâlding ta de skiednis. Swifts persoanaazjes sitte faak yn de hjerst fan harren libben en besykje troch yngeand selsûndersyk werom te sjen, djip yn it ûnthâld te dollen en te bespegeljen, allerhande foarfallen (dy't faak yn earsten net folle om 'e hakken lykje te hawwen) te begripen en te hifkjen om dêrnei de balâns fan harren libben op te meitsjen.

Swift brûkt yn in protte fan syn wurk in a-gronologyske ferteltechnyk.

  • The Sweet-Shop Owner (1980)
  • Shuttlecock (1982), winner fan de Geoffrey Faber Memorial Prize yn 1983
  • Waterland (1983), ferfilme
  • Out of This World (1988)
  • Ever After 1992)
  • Last Orders (1996), winner fan de Booker Prize 1996, ferfilme
  • The Light of Day (2003)
  • Tomorrow (2007)
  • Making an Elephant: Writing from Within (2009)
  • Wish You Were Here (2011)
  • Mothering Sunday (2016)
  • Here We Are (2020)
  • Learning to Swim (1982)
  • Chemistry (2008)[2]
  • England and Other Stories (2014)
  • Blushes, yn The New Yorker. 11 jannewaris 2021.
  • Fireworks yn The New Yorker. 17 jannewaris 2022.
  • Making an Elephant: Writing from Within (2009)

Waterland waard yn 1992 bewurke ta in film mei deselde namme. De film waard regissearre troch Stephen Gyllenhaal en hie Ethan Hawke, Jeremy Irons en Sinéad Cusack yn de haadrollen.

Swift syn roman Mothering Sunday waard yn 2021 bewurke ta in film mei Olivia Colman en Colin Furth yn de haadrollen en Glenda Jackson.[3]

  • David Malcolm: Understanding Graham Swift. - Columbia SC : University Press, 2003. - ISBN 1-57003-515-6

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.guardian.co.uk/books/2009/mar/10/grahamswift-tedhughes
  2. http://www.panmacmillan.com/Titles/displayPage.asp?PageTitle=Individual%20Title&BookID=408469
  3. imdb IMDb