Grutte Wetterpoarte (Delfsyl)
Grutte Wetterpoarte Grote Waterpoort | ||
bouwurk | ||
De Grutte Wetterpoarte fan Delfsyl | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Iemsdelta | |
plak | Delfsyl | |
adres | Waterstraat 1 | |
koördinaten | 53° 19' 53" N 6° 55' 45" E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Fêstingwurk | |
subtype | Wetterpoarte | |
boujier | 1833 | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 12311 | |
kaart | ||
De Grutte Wetterpoarte (Nederlânsk: Grote Waterpoort) is ien fan de wetterpoarten yn de Grinslânske stêd Delfsyl oan de ein fan de Havenstraat. De hjoeddeistige wetterpoarte waard yn 1833 boud en ferfong in earderen ien. Delfsyl hat ek noch in oare wetterpoarte, de Lytse Wetterpoarte (Kleine Waterpoort of ek wol De Ruyterpoort). De funksje fan de Grutte Wetterpoarte is wetterkearing en -trochlit. Hy kin ek as weingat brûkt wurde.
De Grutte Wetterpoarte waard yn de 1970-er jierren restaurearre.
By heech wetter wurdt de poarte sletten troch in metalen doar. Oan de havenkant is in stien mei in ynskripsje dy't de springfloed fan 1962 oanjout.
Eardere wetterpoarte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeistige wetterpoarte waard yn 1833 boud dy't de eardere wetterpoarte, boud yn 1715, ferfong. By it Belis fan Delfsyl (1813-1814) waard de poarte sletten. Nei it belis kamen Ingelske mariniers de fêstingstêd Delfsyl yn troch de Grutte Wetterpoarte.