[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Bei

Ut Wikipedy
Swarte beien.

In bei is yn 'e plantkunde in fleizige frucht dy't fuortkomt út in inkele blom en dy't ien sied befettet. Beien kinne ferskillend fan foarm wêze, fan rûn oant langwerpich. De fruchtwand (eksokarp) kin tin of tsjûk wêze en de bei sels kin ienhokkich of mearhokkich wêze. De sieden sitte lykwols altyd ynbêde yn it fruchtfleis. Foarbylden fan sokke beien yn 'e botanyske betsjutting binne druven, blebberbeien, blauwe blebberbeien, reade beien, swarte beien en cranberrys, mar ek tomaten, meloenen en bananen.

In protte beien binne lyts en sappich, en hawwe in felle kleur sadat se skerp ôfstekke tsjin 'e eftergrûn en goed te sjen binne foar fûgels en oaren bisten dy't troch de plant ynset wurde om 'e beien op te fretten en dêrmei it sied (dat der letter mei de kjitte op in oar plak wer útkomt) te fersprieden. Fan guon planten wol it sied sels inkeld kymje as it troch in dierlik spiisfertarringsstelsel gien is, sadat de siedhûd ûnder ynfloed fan 'e spiisfertarringssoppen en mikrobiële wurking trochlittich wurden is foar wetter.

Yn it deistich spraakgebrûk en foar kulinêre doelen wurdt it begryp "bei" yn in folle rommere betsjutting brûkt, foar alle lytsere fleizige fruchten (wylst gruttere "echte beien" as tomaten en meloenen dêr nea ûnder de beien beflapt wurde). Sa wurdt de oantsjutting bei ek wol brûkt foar beskate stienfruchten, lykas kersen, toarnbeien en framboazen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.