[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Baskysk

Ut Wikipedy
Baskysk
algemien
eigen namme Euskara
lânseigen yn Spanje, Frankryk, yn de regio's fan Baskenlân en Navarre
tal sprekkers 1.063.700 (memmetaal foar likernôch 665.700 minsken)
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Isolaat
dialekten West-Baskysk, Midden-Baskysk, Navarreesk, Navarro-Labourdijnsk, Souletijnsk en East-Navarreesk
taalstatus
offisjele status Offisjeel yn Baskenlân en Navarre
taalkoades
ISO 639-1 eu
ISO 639-2 eus (T) baq (B)
ISO 639-3 eus


It Baskysk is ien fan de net-Yndo-Jeropeeske talen fan Jeropa. De taal wurdt sprutsen yn Baskenlân, it Spaansk-Frânske grinsgebiet oan de westkust, en troch emigranten út it gebiet op oare plakken yn de wrâld. Baskysk is de memmetaal fan likernôch 665.700 minsken, wat delkomt op likernôch tweintich prosint fan de befolking yn Baskenlân.[1] It totale tal minsken dat it Baskysk aktyf of passyf machtich is, leit om en de by de 1.063.700 minsken.

Besibbe mei oare talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Baskysk wurdt in isolearre taal neamd omdat der grutte ferskillen binne tusken it Baskysk en alle bekende taalfamyljes.

Besikings om it besibbens fan it Baskysk mei oare talen, bygelyks it Georgysk, Ibearysk of Hamitysk, oan te toane, binne oant no ta sûnder súkses. It fine fan in mooglike taalsibskip fan it Baskysk is tige slim, omdat de âldste boarnen fan reedlike grutte út de 15e iuw komme, wêrtroch de struktuer fan it Proto-Baskysk mar swier rekonstruearre wurde kin.

Ek is it Ibearysk, de meast wierskynlike gadingmakker foar sibskip, al goed fyftsjin iuwen útstoarn en binne der fan dizze taal net in soad oerbliuwsels bewarre bleaun, wêrtroch it ûnmooglik wurdt de besibbens derfan mei it Baskysk te bewize.

Wol besteane der sterke oanwizings dat it Baskysk besibbe west is mei it, ek útstoarne, Akwitaansk. Ek fan dizze taal binne net in soad skreaune teksten beware bleaun, wêrtroch it no net krekt dúdlik is wat no it ferbân west hat.

Faak wurdt de taal ek yn ferbân brocht mei oare net-Yndo-Jeropeeske talen yn it Middellânske Seegebiet, sa as de Tyrreenske talen. Somtiden wurde der ek wol ferbannen sjoen mei Afro-Aazjaatyske talen en Dravidyske talen.

It persintaazje fan minsken dy't it Baskysk floeiend sprekke.
Lizzing fan Baskenlân.

It Baskysk wurdt tsjintwurdich allinnich noch sprutsen yn it noardlike part fan Baskenlân. Fan de sân provinsjes fan Baskenlân falle der sadwaande fiif (hast) folslein yn it Baskyske taalgebiet. Hjir sprekt likernôch de helte fan de befolking noch Baskysk. Yn de midden en it suden fan de provinsje Navarre en it meastepart fan de provinsje Álava wurdt hast gjin Baskysk mear sprutsen. Yn heul Baskenlân sprekt likernôch in kwart fan de minsken it Baskysk.

Earder moat de fersprieding fan Baskysk in stik grutter west wêze. Yn Saragossa yn Spanje is bygelyks in twatalich tablet fûn út de 1e iuw foar Kristus, Latynsk-Baskysk. Dit betsjut dat der yn de tiid fan it begjin fan de Romeinske oerhearsking yn Spanje it Baskysk bekend genôch west hat, dat in twatalige ynskripsje nedich wie. Yn de tiid fan de diktatuer fan Francisco Franco wie it Baskysk in ferbeane taal. Omdat it yn die perioade net ûnderwezen waard is der in hiele generaasje Basken dy’t de taal net behearsket.

Histoarysk binne Latynske en Romaanske talen de offisjele talen fan de regio. Wol wie it Baskysk offisjeel erkend in ferskate gebieten. Bygelyks yn de troch de Basken kolonisearre Ojacastro delte (no yn La Rioja) mochten de bewenners it Baskysk brûke yn de rjochtspraak yn de 13e en 14e iuw.

Hjoeddei is it Baskysk in offisjele taal neist it Spaansk yn de Baskyske regio’s, dit binne de Selsstannige Regio Baskenlân en parten fan Navarre. Baskysk hat gjin offisjele status yn Noard-Baskelân yn Frankryk en Baskyske-Frânsen hawwe gjin mooglikheid om it Baskysk offisjeel te brûke yn de Frânske rjochtspraak. Wol mei it Baskysk troch Spanjerts yn Frankryk brûkt wurde yn de rjochtspraak, omdat it Baskysk yn Spanje al offisjeel erkend is.

Dialektenkaart fan it Baskysk.

It Baskysk taalgebiet skaaimerket him troch in grutte ferskiedenheid. De oant koart line gongbere dialektklassifikaasje komt fan 1863, en is opsteld troch prins Loadewyk Losien Bonaparte. De dialekten dy’t hy opstelde wienen:

  • Biskaaisk
  • Gipuzkoaansk
  • Labourdijnsk
  • Westlik Neder-Navarreesk
  • Eastlik Neder-Navarreesk
  • Noardlik Opper-Navarreesk
  • Súdlik Opper-Navarreesk
  • Souletijnsk

Yn 1998 is de taalkundige Koldo Zuazo ta in nije ferdieling kaam, basearre op nij ûndersyk. Hjirûnder syn yndieling, mei tusken skrapkes de oerienkomstige dialekten neffens de yndieling fan Bonaparte.

  • West-Baskysk (Biskaaisk)
  • Midden-Baskysk (foar it meastepart komt dit oerien mei it Gipuzkoaansk)
  • Navarreesk (foar it meastepart komt dit oerien mei it Opper-Navarreesk)
  • Navarro-Labourdijnsk (komt foar it meastepart oerien mei it Labourdijnsk en beide Neder-Navarreeske dialekten)
  • Souletijnsk (Souletijnsk)
  • East-Navarreesk (it hast útstoarne Salazareesk (ûnderdialekt fan it Eastlik Neder-Navarreesk) en it wilens útstoarne Ronkaleesk (ûnderdialekt fan it Souletijnsk))

It West-Baskysk en Biskaais yn it westen en it Souletijnsk yn it easten binne sa oars fan de sintrale dialekten, ek grammatikaal, dat sprekkers fan de sintrale dialekten en it Standertbaskysk dizze dialekten tige min ferstean kinne.

It Standertbaskysk is in taal dy’t benammen gearstalt is út de sintrale dialekten, dus út it Gipuzkoaansk en it Labourdijnsk. Dit Standertbaskysk, wêrfan it gebrûk yn de media hieltyd mear de standert wurdt, wurdt it Euskara Batua (“Feriene Baskysk”) neamd. De ynstânsje dy’t ferantwurdlik is foar de standerdisearring fan it Baskysk is de Keninklike Akademy fan de Baskyske Taal (mear bekend ûnder de Baskyske namme Euskaltzaindia), dy’t harren sit hat yn Bilbao.

It Baskysk is yn de 19e iuw en yn de earste helte fan de 20e iuw in soad bestudearre troch Nederlânske ûndersikers as Willem Jan van Eys en C.C. Uhlenbeeck.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fjirde taalkundige ûndersyk, IV. Inkesta Soziolinguistikoa (yn Baskysk)


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Baskyske ferzje.