[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Aldingelsk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Angelsaksysk)
Aldingelsk
algemien
oare namme(n) Angelsaksysk
taalgebiet Ingelân, súdlik Skotlân
skrift Latynske alfabet, runen
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
            ● Aldingelsk
dialekten Kentysk, Mersiaansk,
Noardumbrysk, Westsaksysk
skaaimerken
tiidrek 5501066
ûntstien út Noardwestgermaansk
ûntjûn ta Midingelsk
taalkoades
ISO 639-2 ang
ISO 639-3 ang

It Aldingelsk (Ingelsk: Old English; Aldingelsk: Ænglisc) of Angelsaksysk (Ingelsk: Anglo-Saxon) wie it Ingelsk sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by 550 en 1066 sprutsen waard yn wat no Ingelân en súdlik Skotlân is. Yn dat tiidrek ûntstie it Ingelsk út 'e Germaanske stamtalen fan 'e mannemacht nei de Britske Eilannen ferfearne Angelen en Saksen. Yn 't earstoan wiene der fjouwer dialekten te ûnderskieden, dy't oerlevere binne fan 'e achtste iuw ôf. Fan dyselde tiid ôf ûndergie it Aldingelsk in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk. Mei dêrtroch waard yn it Aldingelsk in ferienfâldiging trochfierd dy't bestie út it ferlies of de ôfswakking fan namfallen en oare grammatikale ferbûgings. It Aldingelske tiidrek einige abrupt mei de Normandyske Ynvaazje fan 1066, dy't beskôge wurdt as it begjin fan 'e Midingelske perioade.

De fersprieding fan 'e Germaanske dialektgroepen oan it begjin fan 'e Westerske jiertelling. Ut it reade gebiet by de Noardseekust lâns, dêr't Ingveoanske dialekten sprutsen waarden, kamen yn 'e fyfde iuw de Angelen, Saksen en oare lânferhuzers dy't Ingelân kolonisearren.

Taalbesibskip en fonology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldingelsk wie in Westgermaanske taal dy't nau besibbe wie oan it Aldfrysk en it Aldsaksysk, en dy't yn 'e Iere Midsiuwen in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk ûndergien hie. Hiel oars as it Modern Ingelsk wie it Aldingelsk in taal mei in grut morfologysk ferskaat en waard it krekt sa stavere as it útsprutsen waard, dat wol sizze: de ortografy wie relatyf konsekwint, alhoewol net fêstlein, wylst de skriuwwize fan it hjoeddeistige Ingelsk notoir ûnbetrouber is as gids foar útspraak. Fonologysk hie it Aldingelsk in tal fonemen dy't letter ferlern gien binne, lykas de [x] (ch fan 'berch'), de [ɣ] (g fan 'bûge'), de [y] (ú fan 'rút'), de [y:] (ú fan 'drúf'), de [ø:] (eu fan 'deun') en de [ç], de stimleaze palatale frikatyf (sj fan 'sjippe', mar útsprutsen mei de tonge tsjin it hurde ferwulft oan drukt).

It Aldingelsk ûntjoech him út in stikmannich Noardwestgermaanske dialekten dy't oarspronklik by de Noardseekust lâns sprutsen waarden, fan Jutlân fia wat no Sleeswyk-Holstein en Nedersaksen is, oant yn Westerlauwersk Fryslân. Lju út dy kriten, de Saksen, Angelen en yn mindere mjitte ek Jutten en guon Friezen, ferlieten yn 'e rin fan 'e fyfde iuw, ûnder it Grutte Folkeferfarren, harren wengebieten om har op 'e Britske Eilannen te fêstigjen. Dy kolonisten kamen mei-inoar de Angelsaksen te hjitten, in gearlûking fan 'e etnonimen 'Angelen' en 'Saksen'. Frjemd genôch lykje de dialekten fan 'e Angelsaksen net bot beynfloede te wêzen troch de Keltyske talen dy't doedestiden op 'e Britske Eilannen sprutsen waarden. Omtrint 550 wiene der safolle ferskillen ûntstien tusken de dialekten fan 'e Angelsaksen en de taalfarianten fan harren op it Jeropeeske fêstelân efterbleaune sibben, dat der foar it earst sprutsen wurde koe fan in Angelsaksyske (of Aldingelske) taal. Tsjin 'e sânde iuw hie it Angelsaksysk yn Ingelân en súdlik Skotlân in dominante posysje oernommen fan it Mienbrytoanysk, in Keltyske taal, en fan it Latyn (dat ûnder de iuwen fan Romeinske oerhearsking op 'e Britske Eilannen woartelsketten hie).

De runen wêrmei't it Aldingelsk skreaun waard foar't it Latynske alfabet ynboargere rekke.

It Aldingelsk koe opdield wurde yn fjouwer dialekten: it fan oarsprong Angelske Mersiaansk en Noardumbrysk en it fan oarsprong Saksyske Kentysk en Westsaksysk. Trochdat it Keninkryk Wesseks yn 'e njoggende iuw de oare Angelsaksyske keninkriken oermânsk waard, wist it Westsaksysk him úteinlik ta de standertskriuwtaal te ûntwikkeljen. Sadwaande is yn dat dialekt it meastepart fan 'e Aldingelske literatuer oerlevere. De oare dialekten wiene lykwols gjin dearinnende wegen, want it Westsaksysk strûpte der letter ûnder, en it moderne Ingelsk komt fierhinne fuort út it Mersiaansk, wylst de Skotske taal fuortboude op 'e grûnslach fan it Noardumbryske dialekt.

De ûntwikkeling fan 'e Ingelske taal fan Aldingelsk nei Midingelsk wie feitliks in iuwenlang proses fan stadige feroarings. Foar in part kamen dy fuort út 'normale' taalûntwikkeling, mei't libbene talen altyd oan it feroarjen binne. Mar dêrnjonken ûndergie it Ingelsk ek in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk nei't it noarden fan Ingelân yn 'e achtste en de njoggende iuw fierhinne troch Noaren kolonisearre waard. Hoewol't dy kolonisten úteinlik opgiene yn 'e Ingelske befolking, lieten se dúdlike linguïstyske spoaren nei. Dy waarden allinne noch mar fuortsterke doe't hiel Ingelân tusken 1013 en 1042 troch de Denen oerhearske waard. Sa kaam it Ingelsk bygelyks oan wurden as tree ("beam") en egg ("aai"), en teffens waarden de Angelsaksyske foarnamwurden hie, him en hera ferfongen troch de op it Aldnoarsk basearre ekwivalinten they ("sy", meartal), them ("harren"), resp. their ("harren", besitlik).

"Her swutelað seo gecwydrædnes ðe", in Aldingelske ynskripsje boppe in doar yn 'e tsiende-iuwske St. Mary's Church fan Breamore, yn Hampshire.

De Normandyske Ynvaazje fan 1066 wurdt yn 'e regel foar it gemak oanholden as de ein fan 'e Aldingelske perioade en it begjin fan it Midingelske tiidrek, om't doe de iuwenlange ynfloed op it Ingelsk úteinsette fan it Normandysk, in Romaanske taal dy't nau besibbe wie oan it Frânsk. Behalven troch de oername fan in grut tal Romaanske lienwurden ûnderskate it Midingelsk him ek fan it Aldingelsk troch in yngeande ferienfâldiging fan it oarspronklik fiiffâldige namfallesysteem, dat nei alle gedachten ôfsliten wie om it Aldingelsk mear yn oerienstimming te bringen mei it Aldnoarsk, dat in oar stelsel fan ferbûgings hie, mar dêr't it morfologysk wol tige op liek. Yn elts gefal gie it ûnderskie tusken de nominatyf (earste namfal) en de akkusatyf (fjirde namfal) ferlern, útsein yn persoanlike foarnamwurden, ferdwûn de ynstrumintalis alhielendal en waard it gebrûk fan 'e genityf (twadde namfal) beheind ta it omskriuwen fan besit. Fierders waard in grut tal ûngeregelde ferbûgingsfoarmen ta geregelde foarmen makke, wylst stadichoan ek de sinsbou folle minder fleksibel waard.

It Aldingelsk waard yn 't earstoan skreaun yn runen, mar fan 'e sechsde iuw ôf waard in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet brûkt, dat de op runen basearre letters wynn (ƿ, foar de 'w' fan "skowe") en thorn (þ, foar de stimleaze th fan thin) omfieme, en teffens de oanpaste Latynske lettertekens eth (ð, foar de stimhawwende th fan this) en ash (æ, foar in fokaal dy't liket op 'e e fan "pet", mar fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen wurdt).

De measte Aldingelske literatuer is oerlevere yn it Westsaksysk, it dialekt fan it Keninkryk Wesseks, om't dat polityk foar master opsloech. Yn mindere mjitte binne ek wurken yn it Mersiaansk en it Noardumbrysk bewarre bleaun, mar yn it fjirde haaddialekt, it Kentysk, is net folle oerlevere. Wichtige wurken yn it Aldingelsk binne de skriften fan kening Elfrik en in stikmannich heldedichten, wêrfan't Beowulf it meast ferneamd is. In oansjenlik tal manuskripten fan Aldingelske literatuer is bewarre bleaun yn it Exeter Book, it Vercelli Book en it Junius-manuskript.

De iepening fan it Aldingelske epos Beowulf: Hƿæt ƿē Gārde / na ingēar dagum þēod cyninga / þrym ge frunon...

Foarbylden fan oerlevere Aldingelske teksten binne:

Krektlyk as guon oare histoaryske taalfoarmen is it Aldingelsk troch taalkundigen en hobbyisten út letter tiid brûkt om teksten te meitsjen dy't òf de literatuer fan 'e Angelsaksen neibearden, òf de taal fan 'e Angelsaksen mei opsetsin oerbrochten nei in folslein oare kulturele kontekst. Sa brûkte de ferneamde Ingelske taalkundige en fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien it Aldingelsk as de taal fan syn Rohirrim, de bewenners fan it lân Rohan yn syn trilogy The Lord of the Rings.

Fierders hat de yntroduksje fan it ynternet de fersprieding fan materiaal oer en yn it Aldingelsk mooglik of alteast ienfâldiger makke. Guon websiden en ynternetfoarums op it mêd fan it moderne heidendom en histoaryske neispilings fiterje it aktive gebrûk fan it Aldingelsk oan. Der bestiet tsjintwurdich ek in Aldingelske ferzje fan 'e Wikipedy. Ut in ûndersyk út 2014 die lykwols bliken dat in grut diel fan it 'Aldingelsk' dat online brûkt wurdt, alhiel net op 'e histoaryske taal liket, en dat it boppedat grôtfol sit mei de meast basale grammatikale flaters.[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Aldingelske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Neuland, Christina, en Schleburg, Florian, A New Old English? The Chances of an Anglo-Saxon Revival on the Internet, yn: Buschfeld, S., et al. (red.), The Evolution of Englishes: The Dynamic Model and Beyond, Amsterdam, 2014 (John Benjamins), s. 486-504.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.