[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Anale seks

Ut Wikipedy
Twa Romeinske manlju bedriuwe anale seks op 'e Warren Cup, te besichtigjen yn it Britsk Museum.

Anale seks, ek sodomy neamd (nei de bibelske stêd Sodom), is in foarm fan seksuële aktiviteit wêrby't ornaris de penis fan 'e iene sekspartner ynbrocht wurdt yn 'e anus en/of it rektum fan 'e oare sekspartner, al besteane der ek foarmen fan anale seks dy't gjin folsleine fleislike mienskip omfetsje. Hoewol't anale seks yn 'e regel mei (manlike) homoseksualiteit assosjearre wurdt, hawwe stúdzjes útwiisd dat net alle homo's dizze foarm fan seks bedriuwe. Fierdersoan hat bliken dien dat anale seks ek yn heteroseksuële relaasjes net ûngebrûklik is (dêrby giet it trouwens net altyd om seksuële foarkar, mar ek wol om 'e fammesteat fan 'e froulike sekspartner te behâlden). Beskate farianten fan dizze foarm fan seks komme ek yn lesbyske fermiddens foar.

Der binne in protte minsken dy't oan anale seks genot belibje, en guon binne sels by steat om in orgasme te berikken troch yndirekte stimulaasje fan 'e prostaat (by manlju) of fan 'e klitoris en/of it G-plak (by froulju). Oan 'e oare kant ûnderfine in soad minsken anale seks ek as pynlik, soms as uterst pynlik, wat yn guon gefallen mooglik benammentlik feroarsake wurdt troch psychologyske faktoaren.

Twa mannen hawwe seks.

Troch de tearens fan 'e wand fan 'e anus en it rektum ûntsteane by it bedriuwen fan anale seks maklik lytse wûntsjes, wat dizze foarm fan seks ta de gefaarlikste fan allegear makket wat de kâns op it oprinnen fan seksueel oerdraachbere sykten oanbelanget. It hawwen fan anale seks sûnder dêrby in kondoom te dragen, is dan ek tige by tige ôf te rieden. Fierders makket de anus, oars as de fagina, gjin natuerlik glydmiddel oan, en kin men dêrom better in keunstmjittich glydmiddel brûke.

Der kinne in pear ferskillende farianten fan anale seks ûnderskaat wurde:

  • anogenitale mienskip is it ynbringen fan 'e penis fan 'e iene sekspartner yn 'e anus en/of it rektum fan 'e oare;
  • anilingus is it oraal stimulearjen (d.w.s. troch it brûken fan 'e mûle, tonge en/of tosken) fan 'e anus fan 'e sekspartner;
  • anaal fingerjen is it stimulearjen fan 'e anus troch it ynbringen fan ien of mear fingers;
  • pegging is it stimulearjen fan 'e anus fan 'e iene sekspartner troch it ynbringen fan in keunstpenis dy't troch de oare sekspartner foarbûn is (dit wurdt ornaris allinnich dien troch in frou by in man of as ûnderdiel fan lesbyske seks);
  • it gebrûk fan oare sekshelpmiddels, lykas in buttplug of Sineeske baltsjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.